pers > onder ut fergroatglas > detail
Resênsy over ut werk fan Henk van der Veer
interview

Snitser fersetsman Willem Santema mei sober boekje passend betocht

Sa’n tweintich jier nei syn dea waard de Snitser (eins Skearnegoutumer) fersetsman Willem Santema (1902-1944) betocht mei in strjittenamme yn’e doe nije Snitser stedswyk Lemmerwei-east. Mar neist dy Willem Santemastrjitte is der no ek noch in oar bliuwend en taastber oantinken oan de man dy’t yn augustus ’44 troch de Dútsers fusillearre waard. Op 4 maaie seach it boekje ‘Willem Santema, in fersetsman’ it ljocht. De ûnderwizers Willem Santema (in omkesizzer) út Heech en Henk van der Veer út De Hommerts binne de skriuwers-gearstallers.

Oer Willem Santema hie grif wol in tsjok boek skreaun wurde kinnen. Net allinnich as fersetsman hat er in opfallende rol spile, mar ek yn syn ‘oare’ libben wie er markante persoanlikheid en in man mei in tige brede belangstelling. Wie er earder boer fan berop, letter, yn 1932, set er de kij farwol en makke er fan syn leafhawwerij, de technyk, syn berop. Hy waard autoferhieder en dreau in saak yn elektryske artikels, earst yn Skearnegoutum, sûnt de lettere tritiger jierren yn Snits oan it Ald Tsjerkhôf.

Beskieden en koart

Omkesizzer Willem Santema is fan 1939, te jong om dè Willem Santema bewust meimakke te hawwen. Inkelde dingen kin er him fan syn omke lykwols noch hiel goed te binnen bringe, ûnder oaren ditte: “As er by ús wie, siet er faak efterstfoarst op in Dimterstoel. Mei de earms op it bekling die er dan syn ferhaal”. Mar fierwei it meastepart oer de fersetsman is de Hegemer ûnderwizer fan hearren en sizzen te witten kommen en fan lêzen en sneupen. Thús bewarre er al skoften in fikse samling knipsels, foto’s en oare paperassen fan en oer syn omke en út al dat materiaal is dan no it boekje gearstald. ‘Willem Santema, in fersetsman’, de titel is sober, mar dat is de omfang fan it boekje, sechstich siden, ek. Twatredde fan’e ynhâld bestiet út foto’s-yllustraasjes. Yn it skreaune part is ûnder mear in koarte biografy te finen, mar ek binne de gedichten der yn opnommen, dy’t Willem Santema tusken desimber ’43 en augustus ’44 yn’e finzenis skreaun hat en dy’t al ris earder, yn’e oarloch noch, yllegaal útjûn waarden. Fierders hawwe tal fan brieven, kranteberjochten, ferslaggen ensafuorthinne in plak krigen.
In boekje dus en gjin livich boekwurk. Dat lêste hie eins ek minder passend west. Want oer syn fersetsdieden prate die Willem Santema net. Om de feiligens koe er dat net dwaan, mar beskiedenheid moat ek in rol spile hawwe. Yn dy geast is it boekje ek makke. ‘Beskieden en koart’, neffens de Hegemer omkesizzer. “Wy hawwe net besocht om der in held fan te meitsje. It boekje sprekt foar himsels.”

Objektiviteit

Mei-gearstaller Henk van der Veer publisearret geregeld yn it ‘Sneeker Nieuwsblad’, ûnder mear oer de Snitser strjittenammen. Doe’t yn 1988 in artikel oer de Willem Santemastrjitte en de nammejouwer dêrfan ferskynde, wie dat foar Willem Santema fan Heech de oanlieding om kontakt mei Henk van der Veer op te nimmen en te sizzen: “No moat it mar ris wêze.” Plannen foar in publikaasje yn boekfoarm hienen der al hiel lang west, mar ta dieden wie it noait kommen. Hawar, Van der Veer en Santema gongen tegearre mei it kerwei te set en it boekje kaam der. Henk van der Veer oer de gearwurking: “Wy wienen tige kritysk nei elkoar ta, mar al ús mieningsferskillen wienen hieltyd binnen de minút oplost. Foar ûnderwizers is dat unyk, want oer’t generaal binne dy ferhipte eigenwiis.”
Henk van der Veer is der as mei-gearstaller, as helper dus, mar benammen ek om wille fan’e objektiviteit. Santema: “Net om’t Willem Santema myn omke is of om’t er de wichtichste fersetsman wêze soe, fyn ik it sinfol dat it boekje der no kommen is. Mar wol om it feit dat der safolle materiaal oer de man foarhannen wie. Hy fertsjinnet dat dêr mear mei dien wurde, as it yn in kast lizze te litten. Ik leau dat ik op dizze manier ús omke syn neitins it bêste earje kin. Foar my is it ferskinen fan it boekje ek wat in opluchting.”
De fersetsman Willem Santema wurdt troch syn omkesizzer omskreaun as flot, humoristysk en foarútstribjend. Henk van der Veer foeget ta: “Hy wie in lieder. Net sasear in folksman, mar wol in man dy’t tige goed mei it folk omgean koe, sawol mei in arbeider as in dûmny.” Willem Santema hie in geweldige kennis yn’e holle, mar dat kin er net allegear op skoalle opdien hawwe. Syn omkesizzer: “Op’e Mulo koe er net aardzje en nei twa jier is er dêr dan ek ôfrekke. Hy wie in jonge dy’t altyd by de feart en yn ‘e beammen siet.”
Benammen yn’e tiid dat er lieder fan’e jongelingsferiening wie, moat Willem Santema in hiel soad opstutsen hawwe. Mar ek fan bygelyks in autoreis dy’t er yn 1934 mei de Skearnegoutumer dûmny Dekker nei Hongarije makke, hat er grif gâns wat leard, In dy jierren warskôge er al foar de driigjende gefaren fan it Hitler-Dútslân.

Respekt foar it libben

Willem Santema wie ien fan ‘e seis, sân oprjochters fan’e ‘Raad van Verzet’ en by de fersetsploech ‘Trouw’ wie er fan begjin ôf oan belutsen. ‘Ype Brandsma’ wie syn fersetsnamme en sa’t it hjitte wie er in Warkumer. Willem Santema: “Hy bondele it ferset op nasjonaal nivo. Hy wie kontaktman, dy’t it lân trochreizge om besteande fersetsgroepen te fersterkjen en nijen op te rjochtsjen, Mar dêrby wie er boppedat in fersetsman mei de died hoewol’t er gewoanwei gjin mich kwea dwaan soe. Hy koe net iens in knyn deameitsje. It wie in man mei respekt foar it libben.”
‘Ype Brandsma’ syn respekt foar it libben kaam yn syn Amsterdamske perioade (sûnt begjin ’43) ris hiel sterk oan it ljocht. Dêr rêde er op in dei in yn in grêft fallene Dútske ûnderoffisier fan’e ferdrinkingsdea, troch yn it wetter te springen en de man op it droege te heljen. En dat wylst gâns omstanners, dy’t it eins wol moai fûnen dat sa’n Dútser drige te fersûpen, taseagen sûnder help te bieden.
Troch ferried (dat letter noait opheldere waar) is ‘Ype Brandsma’ yn desimber 1943 yn in fal fan’e Dútsers rûn. Hy waard oppakt en finzen set yn it Brabânske Haaren. In graasjefersyk fan’e earder neamde dûmny Dekke-dy’t dêryn ek Willem Santema syn rêding fan’e Dútske ûnderoffisier út in Amsterdamske grêft oanhelle- waard ôfwiisd. Yn augustus 1944 waard Willem Santema yn Vught deasketten. Willem Santema: “Omke wie in koelbloedich minske, dy’t mentaal opwoeksen wie tsjin ‘e dingen dêr’t er as fersetsman foar kaam te stean. Hy seach ek wol oankommen, dat it ferkeard mei him ôfrinne soe, mar hy koe en woe net ophâlde. Hy koe him net mear losmeitsje fan it ferset.”
Willem Santema waard ien fan’e 49 Nederlanners dy’t it fersetskrús krigen hat. Bern hawwe hy en syn frou, Tryntsje Atsma, net krigen. Syn omkesizzer-namgenoat en dy syn kollega hawwe oer de papieren neilittenskip bûgd en dêr wurk fan makke. ‘Willem Santema, in fersetsma’ joegen se yn eigen behear, mar mei garânsjestipe fan ûnderskate ynstânsjes, yn in oplaach fan tûzen eksimplaren út. It by Van der Eems yn Easterein printe boekje is foar fyftjin gûne yn ’e Snitser boekhannels te besetten. De beide gearstallers sprekke foarsichtich de hope út, dat ek skoallen, foaral dy yn’e Snitser kontreien, it as lesmateriaal brûke sille. Want: “Dy oarloch bliuwt aktueel, ek foar in nije generaasje.”

Eize de Boer




Frysk en Frij, 03.05.1990
 
 
<< terug