pers > op'e planken > detail
Resnsy fan Henk van der Veer
Jetske Bilker set lzers net oan it tinken

Jetske Bilker set lzers net oan it tinken


DE HOMMERTS- Jetske Bilker (1960), de skriuwster fan it boekewikegeskink fan 2004, skriuwt gauris oer relaasjes en relaasjeproblematyk. It tema leit har blykber en it is drom net ferrassend dat yn de novelle Oar plak oare tiid in btenechtelike ferhlding sintraal stiet.
Ek yn har ferhalebondel In nacht fan hs ( Utjouwerij Bornmeer, 1997) skreau Bilker al oer relaasjes en alles wat drmei te krijen hat. It 16de boekewikegeskink, Balkster Eppie Dam skreau yn 1989 it earste, mei dan mei 126 siden it tsjokste oant no ta wze, it is yn gjin gefal it bste. Drfoar is de ynhld fan it troch Bornmeer, yn opdracht fan It Fryske Boek, tjne geskink te meager.


Haadpersoan yn dizze novelle is Swaantsje Tysma, in fiifentritige dieltiid tnarsjitekte. Swaantsje liket lokkich troud te wzen mei Durk Nammensma, in man mei in fste baan en in fst ynkommen. Se hawwe tegeare in jonkje, Jesse, dyt yn groep trije fan de basisskoalle sit. Alles ferrint neffens de wenstige rolpatroanen: Swaantsje hellet Jesse braaf t skoalle, makket in praatsje mei de oare memmen, docht it hshlden en ntwerpt sa t en troch ek nochris in tn. Alles giet it deistige kowepaadsje bijlns. It kin dan hast ek net tbliuwe of de ferfeling moat wol taslaan: Is dit alles? Of sat Hylkje Gonga oait ris skreau: Ths is de maggi op.

En dan is dr ynienen Grealt, dyt fan in soarte fan Germaanse Olympus fdaald wie nei It Paviljoen yn Harns en Swaantsje hielendal yn fjoer en flam set. Dr yn it Harnser Paviljoen wurdt it brulloftsfeest fanUilkje Hoogeweg fierd, dyt foar de twadde kear yn it houliksboatsje stapt. Mei Marc Henstra.
Dizze Uilkje, in ldfreondinne fan Swaantsje, hat earder troud west mei Korn de Jong, mar hat Korn no ynruile foar de jongere Marc.

Grealt, in broer fan Uilkje, wurdt de loverboy fan Swaantsje, dyt troch dizze affre yn in nmogelike posysje terjochte komt. Binne de earste frijpartijtsje noch wol spannend, hoe faker de fspraken tusken de twa regele wurde moatte hoe problematiser it allegear wurdt. Want de wipperij moat hieltyd op in oar plak en op in oare tiid. Swaantsje hat it mar drok mei har dbellibben. As der dan nferwachte dingen mei Jesse barre, is it memmeynstinkt ynienen grutter as al dy brsjende hormoanen. Memmeleafde is dan ek it twadde tema fan dizze novelle. It boekje lst as it spoar, hat wol wat fan de dieltsjes t de Bouquet-rige. En as it it doel fan it boekewikegeskink is om minsken oer de drompel fan it (Frysk) lzen te krijen, dan is dizze novelle sndermis slagge. Mar as literr produkt kin it perfoarst gjin potten brekke, drfoar fyn ik it ferhaal t optocht. Der sit gjin inkelde psychologise djipgong yn it ferhaal. Benammen de ein fan it ferhaal, it plot wol ik hjir fansels net ferklappe, fyn ik hiel nwierskynlik.

Sjoch ik dan net dat der yn dizze novelle lagen sitten? Dat de nammen, sa as Swaantsje en Grealt miskin wol metafoaren binne? Oh, ja ik begryp it allegear, mar it komt net libbensecht op mij oer.
Samantha, in basisskoallefamke, dat der foar soarget dat in jonke fan seis jier even ferdwynt om de mem in leske te learen? Alles kin, sels yn fiif minuten fan Snits nei De Jouwer ride, mar der binne grinzen. In famke dat seit: Jesse syn mem wie hiel faak fuort en se kaam hiel faak te let by skoalle. Dat fn Jesse hielendal net leuk. En doe woenen we soargje dat se hiel ngerst waard. Dan soe se Jesse net mear allinne litte
San famke is wol hiel apart en ik leau der neat fan dat der famkes bine dyt soks sizze, lit stean soks dogge. No ja, yn Bouquetreeksboekjes en dy wurde lzen, bij tzenen. Nochris yn dy sin hat Bilker de opdracht fan Stichting It Fryske Boek ta in goed ein brocht. In skaaimerk fan goede literre ferhalen is dat de auteurs it harren lzers net maklik makket, it wurk moat de lzers oan it tinken sette. Dat docht dit boekje net. Bilker skriuwt yn dizze novelle oer in oare werklikheid as de deistige werklikheid. Oar plak oare tiid, heart ta de triviale literatuer. Skaaimerk fan dy literatuer is dat it yn grutte oplagen ferkocht (=fuortjn) wurdt en dat de ein altyd happy is. Moai toch?!


Henk van der Veer


Oar plak oare tiid, boekewikegeskink 2004, skreaun troch Jetske Bilker. Utjn troch Bornmeer yn opdracht fan Stichting It Fryske Boek.




Sneeker Nieuwsblad, 04-03-2004
 
 
<< terug