pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Prachtige nije poëzij fan Cornelis van der Wal

Prachtige nije poëzij fan Cornelis van der Wal


DE HOMMERTS- Yn 1993 krige de dichter Cornelis van der Wal (1956) de Fedde Schurerpriis foar syn debútbondel ‘In nêst jonge magneten’ (1991). Yn 1997 kaam syn twadde bondel út ‘Sinnestriel op it offermes’. It hat even duorre, mar no lizze der dan twa nije bondels fan de Fryske dichter. Bij de noch jonge Utjouwerij Venus kaam dit jier ‘Skalder en it swurd’ út. Kollega-dichter en byldzjend keunstner Anne Feddema makke tolve tekeningen bij dit epise gedicht.
Utjouwerij Bornmeer joech noch krekt yn 2003 de bondel ‘Subsydzje foar de Graal’. Sûnder subsydzje, dat wol.


It wurk fan Cornelis van der Wal sit grôtfol mei bylden en fantasijen en de measte fersen fan him binne hiel muzikaal en klankryk. Mar hat it doel om in plakplaatsje op de poëzij fan Van der Wal te plakken? Bygelyks troch te sizzen dat syn fersen absurdistys binne? De fêste lêzers fan Van der Wal syn poëzij witte sa stadichoan wol wat se fan him ferwachtsje kinne.

De ynhâld fan de bondel ‘Skalder en it swurd’, is dêrom op syn minst ek ferrassend te neamen. Yn fergeliking mei de foarige trije bondels is it lêste wurk fan Van der Wal folle tagonkliker. De humor, oars net sa’n skaaimerk fan Van der Wal syn poëzij, is yn dit wurk sels rynsk foarhânen. De kostlike tekeningen fan Anne Feddema slute dan ek perfekt oan bij dizze poëzij. Yn it tekenwurk fan Feddema is opfallend hoefolle bylden werhelle wurde.
Sa sjogge wij de hoanne mear as ienkear werom kommen. Feddema hat de figueren yn syn wurk hiel boartlik hâlden, de klown komt ek mear as ienris werom yn de yllustraasjes. Fraai!

‘Skalder en it swurd’ is in epys gedicht fan trettjin fersen. Sintrale figuer is de Fryske held Skalder dy’t neidat er in moai skoft efter fergetten wolkens sitten hie, werom komt op de ierde. Skalder treft it dat er bij frou de Boer op it dak terjochte komt:

Frou de Boer

Frou de Boer dy hie sa eat fan wat ha wy no
en die it dakraam piipjend iepen.
Troch Skalder syn sûgjende en stekkende krêft

swime it âld wyfke skriemend oer de houten flier
en tankbere triennen sochten harren wei oer it dûnzich wang.
Skalder liet him muoisum sakje troch it dakraam,

grou fan himelbier en brette fette himeldieren.
Frou de Boer dy slikke syn krûdige soallen as in hûn.
Skalder moast gnyskje om it kideljen en song mei brûnzen lûd:

Frou de Boer gean no oerein en set in bakje kofje
en jou der in flaubyt by.
Jo sille rynsk beleanne wurde foar jo flyt.

As Skalder op in gegeven stuit yn syn eigen swurd falt, bedarret er yn in sikehûs en dan docht bliken dat er eins fan Skalsma hjit. De dokters hawwe al gau yn ’e rekkken dat der eins neat mei Skalsma te rêden is, as er syn medisinen mar op ’e tiid ynnimt. In kostlik hilarys epys gedicht dat útblinkt troch it goed brûken fan poëtise stylmiddels lykas alliteraasje, assonânsje en binnenrym. Dizze bondel betsjut in fernijing yn it oeuvre fan Van der Wal.

Subsydzje foar de Graal

De poëzij-útjeften fan Utjouwerij Bornmeer sjogge der troch de foarmjouwing fan Gert Jan Slagter stik foar stik tige keapsjoch út. Ek de bondel ‘Subsydzje foar de Graal’, fan Cornelis van der Wal kin besjen lije. Mar de foarjouwing kin noch sa moai wêze, it giet lang om let om de ynhâld. Dy ynhâld fan Van der Wal syn tredde bondel bestiet út trije skiften: ‘De swarte barbier’, mei 12 fersen; ‘De treppen’, mei 13 fersen en ‘Subsydzje foar de Graal’ befettet acht fersen. Meimekoar 33 fersen, lykas dat ek al it gefal wie yn de earste twa bondels fan Van der Wal. Eins docht dizze dichter neat oars as ferhalen yn poëzijfoarm fertelle, yn ‘Subsydzje foar de Graal’, is dat ek sa. Oer ‘it mantsje’ bygelyks yn:

Leafde

Ja, it mantsje hie wol sin oan leafde!
En as jo thússitte wurdt soks neat,
dat hy skearde it rjochterwang
en de ljurkepôltsjes rûkten nei Man.

It wie krekt in echt minsk it mantsje,
hy prate, dronk en skaakte yn ’e kroech.
Hy seach mei geile eachjes om him hinne,
mar net ien woe mei sa’n podde op bêd.

Hy gie wer nei bûten en seach yn in autospegel
syn troch wyn en smook teheistere gesicht.
Wat hie er it minskdom te bieden mei sa’n harsens?

“As dyn hertsje mar blank is, myn mantsje”.

Lang alle fersen fan Van der Wal binne like tagonklik en dochs yntrigrearje syn fersen just om it absurdistise karakter. Dizze dichter boartet mei de taal. Sa garje ik prachtige wurden lykas: ‘smookalarm’; ‘ljochtbloedsûgers’; ‘tigerbôlerêch’; ‘sinnefûgels’; ‘bargeknibbeltsjes’; ‘Ikman’ en ‘tovertriennen’.

Kaaiwurden foar dizze poëzij binne ‘iensumens’, ‘ferlittenheid’, ‘ûntheistering’, ‘religy’, mar boppe alles binne dizze 33 fersen stik foar stik in ‘syktocht nei leafde’. Dizze dichter wrakselt mei it libben en dat bringt him ta grutte hichten en djippe dalen. Yn syn poëzij yn elts gefal.
Ta beslút noch in koart fers út dizze bondel:

Deaferver

It mantsje ferve de wolkens,
joech elke wolk in oare kleur.
De wolkens boarten loftich mei-inoar,
der ûntstiene nije kleuren, foarmen.
De himel waard in waaiend skilderij…

Yn it ferkear foelen in soad deaden.



Cornelis van der en Anne Feddema’ Skalder en it swurd’, Utjouwerij Venus . Priis € 7,50
Cornelis van der Wal “Subsydzje foar de Graal’, Utjouwerij Bornmeer. Priis € 8,90








Sneeker Nieuwsblad, 29.03.2004
 
 
<< terug