pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Chapeau foar debútbondel Foppe Venema

Chapeau foar debútbondel Foppe Venema

Foppe Venema waard yn 1961 berne te Ousterhaule. Sûnt 1993 wennet er yn Frankryk, dêr’t er as learaar ierdrikskunde en skiednis ferbûn is oan in ynternasjonaal lyseum yn in foarflekke fan Genève. Hij wûn twa kear in Rely Jorritsmapriis en komt no mei syn debútbondel ‘In slach om ‘e pleats’. It ienfâldige mar kreas útjûne boekje is ferskynd bij Utjouwerij Frysk en Frij te Ljouwert.

De debútbondel fan Venema, befettet 33 fersen sûnder dat der sprake is fan in echt tema. Guon gedichten út de bondel hawwe yn bytiden ôfwikende foarm earder publisearre west yn literêre tydskriften lykas HJIR en Kistwurk.

It omslachûntwerp fan dizze bondel, makke troch Gert Jan Slagter, mei op syn minst ferrassend neamd wurde. De útdrukking ‘in slach om ’e pleats, suggerearret dat de dichter tichte bij hûs bliuwt. Neat is minder wier, de earste fersen út de bondel geane noch oer Fryslân, mar yn it lêste part lit de dichter him ynspirearje troch de Frânse Alpen. In auto út de jierren sechstich bylket op it omslach. De titel ‘in slach om ’e pleats’, moat dan ek wat rommer sjoen wurde. De dichter beklimt earst it Reaklif en einigt foarearst yn de bergen.
Dêrom sprekt mij dit omslachûntwerp fan Slagter ek oan.

Venema skriuwt yn it Frysk, sa liet er alris witte, omdat hij it in goed middel fynt ‘om mei it heitelân en it eigene yn kontakt te bliuwen.’
En dat is oan alles te merkbiten, syn bondel mei dan wol net oer in spesifyk tema gean, yn it earste part fan de bondel hawwe de fersen in heech Fryslân-gehalte. Venema is aldergelokst net in dichter dy’t no’t er yn it bûtenlân wennet, syn heitelân ferhearlikt. Earder it tsjinoerstelde, hij relativearret op in hiele lichtfuottige wize. It moaiste foarbyld fan dy relativearjende hâlding foar Fryslân en syn Frysk Bewegers oer is it priiswinnende fers:

Betinkingsdei

De Sudersee as parket
dat oprôle wurde kin,
einigjend lang om let
mei weagen splintertin.

Wêr is it âlde fergif,
it ta sûpe wurden bloed?
Wa rint it Reaklif
noch under de foet?

Faaks de boerin
dy’t heal ûntklaaid
allyk in seemearmin
by it Klif har bait.

De skiednis fan dit stee
ûntlokket har in liet,
dat de eardere Sudersee
fris en frij oergiet:

“No’t it jak my wiet omklammet,
is’t mei sizzen net te dwaan.
Dêr’t it Klif sa read opflammet,
wol ik dy in tútsje jaan.”

Trochdat Venema in dichter om útens is, sjocht hij de dingen yn syn bertelân net stadichoan feroarjen. Elke kear wannear’t hij yn it heitelân weromkomt, binne de feroarings des te opfallender. Soe dat de reden wêze dat er sa faak weromgiet yn’e tiid. Mar wat is der mis mei nostalgise, hjir en dêr mankelike poëzij? Ik hâld fan dizze poëzij mei in toan fan lichte weemoed. Venema skriuwt suver mei ferwûndering oer de lytse ûnferwachte freugden yn dit libben:

Winterdeis wie ’t
riden huningswiet
en net langer kâld
yn dy ljochte wrâld.

Klunend oer in daam
mei myn iisfaam
gûnze der tichtebij
sels in huningbij.


It sil dúdlik wêze dat Venema gjin lêst hat fan ‘Blut-und-Boden-gefoelens! Dy hiele lichte humoristise toan klinkt de bondel troch. It liket wol oft Venema poëzij skriuwt foar proazalêzers. Want eins binne in soad fan Venema syn fersen neat oars as minuscule proazastikjes. Hij kin yn in pear halen in situaasje tekenje.
Elke poëzij-analfabeet kin syn wurk benei komme, it is hearlik tagonklik. Venema brûkt in absolút minimum oan stilistise middels. Dizze dichter hat gjin ferlet fan slimme wurden, hij skriuwt simpelwei oer wat er belibbe hat. En nochris dat docht er mei in grut gefoel foar humor. Syn wurk bringt mij hjir en dêr de poëzij fan Jan J. Bylsma yn ’t sin, en dat fyn ik ien fan de meast orizjinele dichters yn it Fryske taalgebiet.

De fersen fan Venema binne mear as sfearympresjes, de lêzer moat him/har net ferrifelje litte. Benammen de lêste sinnen binne faak ferrassend. Lês it folgjende fers mar ris:

Framboaze-iis

Ik baarn en raan
as ik har sjoch.
Har laitsjende eagen.
Rinst in eintsje
mei my op?

Earne ûnderweis
ite wy in iislolly.
Har laitsjende lippen.
De smaak fan
framboazen.

It is woldiedich simpel sa’t Venema dichtet, dizze dichter hat, op papier yn elts gefal, gjin ferlet fan filosofyen oer de grutte libbensfragen.

Yn it boekje steane in tal moaie fersen oer plakken yn Frankryk en it is dan ek net sa frjemd dat hy de bondel in Frânstalige ‘opdracht’ meijûn hat. In opdracht dy’t referearret oan de Susters fan de Genede en de Bruorren fan de Fronde ( in peioade út de Frânse skiednis). As priuwke fan sa’n Frysk/Frâns literêr bonbontsje it folgjende leafdesfers:

Chartreuse

Ín bolwurk
kniperet mei de eagen.
Wolken driuwe foarby
as ljochte weagen

Wy ferlitte
en ferjitte de stêd
en sykje yn’e bergen
it himelbêd.

Mei in keppel
hûnen foar de slide
sille wy fannacht
nei de stjerren glide.

Dizze debútbondel smakket nei mear, omdat Venema in styl hat dy’t in soad minsken oer de hege drompel fan it poëzijhûs lûke kin. Ik mei wol oer dichters dy’t it dichterskip relativearje, sa’t Venema dat docht. Hij hat gjin ferlet fan literêre babbelegûchjes. Dêrom: Chapeau Venema!


Foppe Venema, ‘In slach om ‘e pleats’, fersen. Utjouwerij Frysk en Frij. 40 siden. Priis: € 12,-





de Moanne/Trotwaer, 21-04-04
 
 
<< terug