Twa debútantes yn Frysk poëzijlân
Twa debútantes yn Frysk poëzijlân
DE HOMMERTS- Koartlyn binne der twa bondels mei frysktalige poëzij útkommen. ‘Goeie is it wachtwurd’, fan Janneke Spoelstra en ‘De skaadfrou’, fan Klaske Hiemstra. De bondel fan Spoelstra is útjûn troch Utjouwerij Frysk en Frij en dy fan Hiemstra ferskynde bij Venus. Fan beide froulju kaam noch net earder in poëzijbondel út.
Janneke Spoelstra (1962, Hijum) publisearret al sûnt 1902 fersen yn ferskate Fryske tydskriften. It ienfâldige mar kreas útjûne boekje dat no ferskynd is, hat yn dy sin dan ek wol wat wei fan in sammelbondel. Fan de 43 fersen dy’t yn dizze bondel opnommen binne, waarden der mar leafst 37 fersen earder publisearre! “Guon fan de earder publisearre fersen hawwe sûnttiid lytse of grutte feoarings ûndergien”, skriuwt de dichteres achter yn de bondel. Mei oare wurden, Spoelstra is hiel soarchfâldich mei har fersen omgien, foardat se it yn boekfoarm útjûn hat. De fersen binne oars net yn gronologise folchoarder yn dizze bondel opnommen. Spoelstra hat der foar keazen om de fersen yn fiif skiften yn te dielen: ‘Wa docht mei roverke’( 6 fersen); ‘De hing-glider’ (8) ; ‘De oerloop’ (10) ; ‘Skuorde greide’ (8) en ‘Dropkes foar de ferliezers’ (11).
Spoelstra skriuwt tagonklike sfearfolle poëzij mei hjir en dêr in heech anekdoatys gehalte. Yn dizze fersen dan ek ‘bergen jeugdoantinkens en ferfleine dreamen’, sa’t de dichteres skriuwt. It fers ‘Blierherne’, is in foarbyld fan sa’n boartlik anekdoatys fers:
Blierherne
Read dak tusken de dunen sân dat troch de fingers glied tusken teannen skjirre fan bern fan ‘e klaai.
Oan lange tafels ieten wij út pannen dy’t troch trije memmen folsean wiene master lake myld om fiten.
Advokaatjes op reis tiereliereliere, Berend Botjes út farren, komme noait werom, tierelierelom.
De toan fan dizze fersen is licht, bij it lakonike om’t ôf, mar dizze poëzij is wol mei leafde skreaun. Om dat it ferline in boarne is wêr’t Spoelstra út put, is it net sa ferwûnderlik dat in protte fersen yn ’e doetiid skreaun binne.
Hiel moai fyn ik de fersen dy’t as ûnderwerp de seksuële bewustwurding fan in lesbiëne ta ûnderwerp haw. Op subtile wize (be-) skriuwt Spoelstra oer dat proses, oer de coming-out yn it fers paad:
Paad
Earst haw ik it ferteld oan ’t paad dat ik mei buorbern delrûn nei skoalle nei hûs bij beppe har wite hân lâns Lou syn koal en Bram syn kij dat tusken berms dreamen heinde fan dij en mij.
De fersen fan Spoelstra binne earlik, hawwe hjir en dêr wol wat wei fan dagboekfragminten yn poëzijfoarm. It is yn alle gefallen oprjocht sa’t Spoelstra skriuwt, har gedichten hawwe sûndermis in eigen lûd. Oan literêre babbelegûchjes hat dizze dichteres it mier.
De skaadfrou
Klaske Hiemstra ( 1954) debútearret as dichteres mei de bondel ‘De skaadfrou’. De titel fan dit wol hiel ienfâldich troch Venus útjûne bondeltsje refearret nei ’t lyknammige fers:
De skaadfrou
gjin skjirre knipt de skaadfrou fan my ôf gjin stien koe swierder wêze myn rêch wurdt nea wer rjocht sa’t hy ea wie yn myn strieljend jonge jierren wurdt nea sa rjocht as dyn rêch is mar ik bin de skaadfrou drage kin leavje kin foar altyd by my hâlde kin
De 31 fersen dy’t Hiemstra foar har debútbondel bondele hat, binne foar it meastepart skreaun tusken 2000 en 2002. Hiemstra debútearret op lette(re) leeftyd en lykas bij Spoelstra ek yn dizze bondel weromsjen nei it ferline. In moai fers fyn ik sfearfolle poeiermolke:
Poeiermolke
de wyn dondert troch de tunen fan ús rychje ik hear it kreakjen fan hout: it sket, de beammen kin ús beam om heit? heit tinkt fan net it boldert om ús glêzen wy sitte deun by inoar om te skûljen mem seit it skom stiet no op ’e weagen fan ’e mar se jout ús poeiermolke wy hoege noch net op bêd de radio seit moarn better waar hawar dêr wy ús dan ek wol wer mei
Gjin spektakulêre poëzij, gjin fersen dy’t lang yn it ûnthâld hingjen bliuwe, koartsein in sljochweihinne bondeltsje. Punt út.
Henk van der Veer
Janneke Spoelstra: Goeie is it wachtwurd, gedichten. Utjouwerij Frysk en Frij, € 12,- Klaske Hiemstra: De skaadfrou, gedichten. Utjouwerij Venus, € 7,50
Sneeker Nieuwsblad, 22-04-04
|
 |