pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
'Ik koester dit café als bruidschat'

‘Ik koester dit café als bruidschat’


Westhim of Westhem ligt in het waterrijke landschap van Wymbritseradiel, in de Friese Zuidwesthoek. Vanaf de eeuwenoude Hemdijk was het dorpje aanvankelijk uitsluitend via een voetpad bereikbaar. Later is op de Hemdijk een weg aangelegd, waardoor de bereikbaarheid met Blauwhuis en IJlst aanzienlijk werd verbeterd. Geen enkele van de ruim 100 inwoners tellende dorpje zal het trouwens in zijn hoofd halen om te zeggen dat hij of zij in Westhim woont. Westhim is in de volksmond ‘De Kot’ en in Westhim wonen ‘Kotsters’.
Naast een prachtig oude, in de 14de eeuw gebouwde kerk met zadeldaktoren, heeft het dorp ook nog een eigen authentiek dorpscafé. Friesland Post ging op bezoek bij de eigenaar van het plaatselijke horecagelegenheid, Rudolf Tolsma. De naam van zijn kroeg? ‘De Kot’, al sinds 1904 in het bezit van de familie.

Wie over de drempel van het sfeerrijke dorpscafé stapt waant zich in het begin van de vorige eeuw. Nadat we de jas opgehangen hebben zien we dat in een nis in de garderobe een prachtig Heilig Hartbeeld staat. “It hat jierren op ‘e fliering stien, froeger hiene alle Roomse minsken sa’n byld yn’ e hûs. Ik haw it mar wer fan boppe helle. Ik hâld wol fan tradysjes”, zegt
Tolsma. Hij is in het dagelijks leven timmerman bij Wiersma in IJlst, en is net als zijn grootvader en vader ‘partime-kroechbaas’.

De geschiedenis van café Tolsma begin een eeuw geleden. De huidige uitbater over hoe het allemaal begon: “Yn 1904 is myn pake Johannes Tolsma hjir hinne reizge. Hij kaam fan Ferwâlde dêr’t er in buorkerij ferkocht hie. Hjir op ’e Kot naam er in krúdenierswinkeltsje en fouraasjesaak oer. En úteraard it kafé, mar dat hie doe noch net safolle te betsjutten. Se moasten it bestean út it krúdenierswinkeltsje en de fouraasjehânel helje. Us heit, Dominicus, wie in jonkje fan ien jier doe’t er hjir te wenjen kaam. Doe’t ús heit 18 jier wie kaam pake te ‘overlijden’ en naam heit de saak mei syn mem oer. Pake en beppe hiene in grutte húshâlding, in stik as tolve bern. As âldste fan it gesin krige heit op jonge leeftyd al de ferantwurdelikheid fan in eigen saak.
Yn 1970 binne heit en mem mei de winkel en de fouraasjehânel stoppe. Hij tocht mei it kroegje allinne noch in tal moaie jierren te krijen, mar dat hat net sa lang duorre, want hij stoar al gau. Us heit en mem, dy’t yn 1946 troud binne, skeelden trouwens nochal wat yn jierren. Heit wie 19 jier âlder as mem Siep (‘Sybrichje’) Zijlstra. Nei it ‘overlijden’ fan ús heit haw ik it kafé yn 1978 fan myn broers en susters kocht. En sa bin ik no de tredde generaasje Tolsma dy’t it kafé yn besit hat.”

Over de beginjaren toen Rudolf zijn vader nog de scepter in het café zwaaide weet hij prachtige verhalen te vertellen: “As de minsken in glêske bier bestelden, moatst ús heit op knibbels om it kelderlûk yn de houten flier iepen te dwaan en sa de fleskes út de kratten te heljen. Trouwens doe gie it kafee sneintemiddeis om ien oere iepen, mar dan dronken se earst noch niks. Om twa oere hie ús heit de tee klear en dêr krigen de minsken dan in sûkelaadsje bij. Dêrnei in gleske bier, mar om fjouwer oere dronk iderien wer kofje mei eigenbakte kake fan ús mem. Tsjin fiven namen se noch in pear pilskes en om seis oere wie it gebeurd.
Letter op ’e jûn kamen heit syn eigen maten noch wol, hij hie sa syn eigen gewoanten.”

Vaste klanten in het café waren de voetballers en bezoekers van de wedstrijden van v.v. Blauwhuis. Niet zo vreemd, want in de beginjaren van de voetbalclub, lag het veld voor de deur van het café. Nadat de voetballers zich in het pakhuis naast het café hadden ‘ferstrûpt’ en gewassen werd in het café ‘in gleske bier’ gedronken. Ook de plaatselijke verenigingen kwamen bij elkaar in het café.
Eén van die verenigingen is buurtvereniging ‘Onderlinge Wille’, die dit jaar haar zestigjarige jubileum met een grootse reünie viert. Die reünie vindt in mei plaats en er zijn inmiddels 400 uitnodigingen de deur uit.

Rudolf Tolsma over de samenkomsten van ‘Onderlinge Wille’:

“ Yn oktober/november hie de klub fergadering, yn jannewaris wie der in spesjale jûn foar froulju en yn febrewaris wie der in manlju’s-jûntsje. Wij hiene hjir dus sechstich jier lyn al in frouwekafé. De emansipaasje begûn hjir in heale ieu lyn al!”
De traditionele avonden waarop de mannen en vrouwen apart bij elkaar komen bestaat overigens nog altijd.

Het café-interieur heeft in de afgelopen eeuw bijna geen veranderingen ondergaan, alles ademt nog de rustieke sfeer van begin twintigste eeuw. Of zoals Rudolf Tolsma zegt: ‘De tiid hat hjir even stilstien’. De donkerbruine houten vloer glimt van de oxaanolie ( ‘ ik set de flier ien kear yn’t jier goed yn ‘e floorcoating’) en ook de mosterdgele balken hebben iets eigens. De keurig onderhouden Tonnettstoelen om de zes tafeltjes, de groene lambrisering en het gele behang bepalen de nostalgische sfeer. In de hoek staat een buffetkast, met daarin het glaswerk, waarop een zwarte kat prijkt: ‘Café De Kot, Anno 1904- R. Tolsma Westhem’. In het café is overigens geen tap te bekennen.
“In tap hat hjir noait west, de fleskes bier helje ik út de koeling dy’t yn ‘ e keuken stiet. Om it tapferlies kin ik folle better it bier út fleskes jaan, en in fleske bier op tafel hat fansels ek wol wat”, zo vertelt Rudolf Tolsma die dit jaar Abraham hoopt te zien. In het midden van de gelagkamer staat een klein cafébiljart, waarop de biljartploeg elke donderdagavond haar wedstrijdjes speelt. Het kleine biljart ( ‘in grutten-ien kin net fanwege de romte’ ) is niet oud , “omdat”, zo zegt Tolsma, “ it âlde biljert út 1926 ferline jier de saak útgien is, it wie skjin op en ik haw in hekel oan rommel.”

Op vrijdagavond komt de klaverjasclub bij elkaar in ‘De Kot’. De ploeg bestaat uit zo’n 24 leden, het overgrote deel inwoners en oud-inwoners van Westhim.
Een wel hele aparte vereniging is solexclub Flitz, die het café als uitvalbasis heeft voor haar gemotoriseerde ritjes. Tolsma over het ontstaan van deze vereniging: ‘Op in moaie sneintemiddei ergens yn 1987, sieten wij hjir foar op it terras en ien fan de fêste klanten kaam oanriden op in solex. Ik frege him ‘lit mij ek ris even in eintsje ride’. Nei in ritsje Blauhús op en del wie ik ferkocht en ha doe tsjin him sein ‘moast ek sa’n ding foar mij op ‘e kop tikje’.
En sa wiene der noch in pear dy’t wol in solex hawwe woene en wij hawwe doe in eigen solex-toer-club oprjochte. Elk jier wurdt der ek in ‘Flitzer fan it jier’ beneamd en dy syn portret komt dan oan ‘e wand te hingjen.”

Niet alleen de foto’s van de opvallend uitgedoste ‘Flitzers’ vallen op, ook de kiekjes met daarop de muzikanten van ‘De Swalkers’ vertellen een verhaal. Tolsma: “We hawwe hjir fan 1988 oant en mei 1993 elk jier in spesjaal krystkonsert hân. Fleskes bier op tafel en dan meimekoar moaie krystferskes út in sangbondel sjonge, dat wie ek hiel gesellich.”

Hoe het in de toekomst komt met het café? Rudolf Tolsma: “Myn fêste klanten sizze wolris, hij moat ris in frommis hawwe. In oar seit wer ‘nee, want dat moatte wij tolve oere de kroech út, dan ropt syn frou. Minsken oanhearre mei har ferhalen, ja dan leef ik. Je geane eins út yn je eigen kafee. Sa hat ús heit hjir ek sitten, yn syn âlde stoel dy’t yn de hoeke stiet. Oan de rûne tafel hie er oversicht oer it hiele kafee hinne. Dat smûke is hjir noch altyd, it is netsjes. Minsken kinne hjir in eigenmakke gehaktbaltsje krije en as ik ris in kâld buffet haw, dan komme dy slaatsjes net út in amer. Alles is eigenmakke. As it smoarch is, dan sit ik net noflik. It moat hjir glimme. As jûns de minsken fuort binne en ik sit hjir yn myn uppy, dan tink ik wolris ‘sjoch dit haw ik presteard, dit haw ik foarelkoar krige’.
It moat mar moai sa bliuwe, ik koesterje dit kafee as in bruidskat!”




Friesland Post, mei 2004
 
 
<< terug