Eric Ennema
De nieuwsjunk van Omrop Fryslân
Eric Ennema, is één van de vele bekende Friezen. Niet alleen in de eigen provincie, maar ook ver over de landsgrenzen. De volgende anekdote illustreert dat misschien wel het beste Eric Ennema: “Ien seizoen TV en do bist bekend yn Fryslân en fier dêrbûten. We kamen ferline jier op in kamping yn Frankryk. Ik wie noch mar amper de auto útstapt of der komt in man op mij ôf en seit ‘heu, goeie Brekking!’ Net ‘goeie Eric’, nee, ‘ heu Brekking!’ Televyzje fergruttet dus út.”
De presentator van ‘Brekking’, het enige actualiteitenprogramma dat de regionale Friese Omrop rijk is, lacht van oor tot oor als hij de anekdote verteld heeft. Bekendheid is maar een heel relatief begrip. Ennema (42) doet gewoon zijn werk bij de Omrop, al meer dan twintig jaar met veel plezier. Hij ziet dit interview als een vorm van zelfreflectie, want zelfs in zijn vrije tijd is hij nog bezig met zijn vak. Een portret van een bevlogen 24 uurjournalist.
De carrière van Eric Ennema bij Omrop Fryslân begint in 1982. Hij heeft dan een blauwe maandag op de lerarenopleiding Ubbo Emmius in Leeuwarden gezeten, maar weet op voorhand al dat hij geen docent wil worden. Er is maar één baan die hij echt ambieert: die van journalist.
Eric Ennema: “Ik hie in iepen sollisitaasje nei de Leeuwarder Courant stjoerd, mar krige der noait reaksje op. Fierder ynformearre ik bij De Nije, it blêd fan Arjen Terpstra dat doe noch bestie, mar dêr hiene se op dat momint gjin minsken noadich. Myn oerbuorman doe, wie Rein Tolsma fan Omrop Fryslân. Op in jûn bin ik nei him ta gien, haw sein ik bin dy en dy en ik kin niks mar ik wol alles.”
Bij toeval komt er juist dan een plaatsje vrij bij Radio-18, het jongerenprogramma van de Omrop. De kwaliteiten van de jonge Eric zijn dat hij het Fries beheerst en alles van popmuziek afweet. Ruim voldoende om als freelancer bij het jongerenprogramma in dienst te treden. Naast het populaire jongerenprogramma werkt de jonge journalist al snel mee aan andere radioprogramma’s. Als Eric Ennema een oproep krijgt om zijn militaire dienstplicht te vervullen, weigert hij. Zijn bezwaren om konings wapenrok te dragen worden erkend, en Ennema krijgt toestemming om zijn vervangende dienstplicht bij Omrop Fryslân te vervullen.
In 1987 krijgt Eric Ennema een vaste aanstelling bij de Omrop. Met anderen zet hij het radioprogramma Omnium op. Eric bestempelt zichzelf als een absolute ‘nijsjunk’, die perfectionisme hoog in het vaandel heeft staan. Hij weet ook precies aan welke kenmerken een ideale uitzending van zijn programma Brekking moet voldoen.
Eric Ennema: “ In ideale Brekking is in programma wêr’t we nijs yn bringe of in element fan nijs. Dat we onthulle. Dat we taljochtsje middels in ynformatyf ynterview. Mar ik bin en bliuw in nijsjunk, ik wol folop nijs bringe. En dat kin mei in achtergrûnprogramma hiel goed. De kwaliteit fan ús programma begiet mei de tarieding. Moarns sette wij de lijnen earst út. De buroredakteur en de presentator, dat binne Dieuwke Kroese of ik, begjinne earst mei beljen. Dan witte wij al wat it gesprek fan de dei yn ús programma wurde sil. Foardat ik ien útnoegje wol ik mij hiel bot ferdjipje, ik lês alle kranten dy’t lannelik en regionaal útbrocht binne. Uteraard meitsje ik in hiel soad gebrûk fan Ynternet, ik brûk dat medium hiel yntinsyf en dan haw ik noch in hiel grut netwurk fan minsken dy’t ik om ynformaasje freegje kin. As presentator fan in programma lykas Brekking, moatte je in alles-iter wêze, je moatte oeral in bytsje ferstân fan hawwe. Ik kin it mij net permiteare om spesialist te wêzen, en dat makket dit fak ek sa aardich”
Eric Ennema, geboren in het Noord-Hollandse Heiloo omdat zijn vader die zeeman was in de buurt van thuishaven Amsterdam moest wonen, verhuist op jonge leeftijd naar Sneek. Daar krijgt heit Ennema een baan bij Lankhorst. Lang blijft het gezin Ennema niet in de Waterpoortstad, want een benoeming van Ennema sr. bij de CCF brengt de húshâlding naar Vianen. In deze plaats brengt Eric zijn hele lagere school periode door. De thuistaal van de Ennema’s ( ‘heit en mem binne Fries’) is, ook buiten Friesland. Fries. Als Eric twaalf jaar is pakt het gezin Ennema opnieuw de koffers en verhuisd naar Leeuwarden, waar Eric nog altijd woont. Met vrouw en nu nog twee kinderen. Immers deze zomer verwacht het echtpaar het derde kind. “Ik fyn bern prachtich, ik bin overtuigd fader”, zo vertelt Eric Ennema.
Verschil radio en tv
“Doe’t ik yn 1982 hjir begûn, hiene wij mar in hiel lyts ploegje, mei in bytsje útstjoertiid. De lêste jierren hawwe wij in reorganisaasje hân, wij binne in folle profesjoneler bedriuw wurden. Ek folle grutter, der wurkje hjir meimekoar trijehûndert minsken. It grutte ferskil tusken radio en tv is foar mij de impakt dy’t telefysje hat. Ik haw tweintich myn wurk foar de radio dien, mar ien seizoen op televysje en do bist min ofte mear in bekende Fries. It hat mij net ferrast, mar do moatst it meimeitsje om te witten wat it is. Ik fyn it net slim, ik haw der gjin lêst fan. Mar ik bin wol bliid dat ik net mei myn kop op televysje kaam doe’t ik tweintich wie. No’t ik wat âlder bin haw ik dochs wat mear ôfstan mei betrekking ta datsoarte fan ferskynsels.”
“Oft ik mear spanning haw foar in radioreportaasje of televyzjeútstjoering? Nee, doe’t ik foar it earst op televyzje moast gierden de senuwen mij troch de kiel likegoed doe’t ik myn earste programma foar de radio presentearje mocht. Dat wie freeslik. Dy spanning haw ik no net mear, ik wol konsintreard. Ik wurd net sa gau senuwachtich, sterker noch ik fyn it leuk as eat misgiet. Ien fan myn krachten is ymprovisearje, ik rêd mij der wol út. Ik hie lêsten minister Van der Hoeven yn de útstjoering, ik wie yn de studio, mar sij wie der noch net. Twa reklameboadskippen foardat myn programma begûn kaam se binnen. Op ‘e stoel is se noch even in bytsje bepoeiere, mar dat hat gjinien sjoen. Soks fyn ik spannend, mar mear ek net. Alhoewol’t ik wol bliid wie doe’t se der siet.”
Een vraag, die niet alleen Eric Ennema maar ook tal van zijn collega’s bij de lokale omroepen gesteld wordt is de volgende: ‘Is het werken bij een regionale omroep een opstapje voor het grote werk bij de landelijke collega’s?’ Eric Ennema: “Sa lang at ik bij Omrop Fryslân wurkje, en dat is no al twaentweintich jier, moat ik antwurd jaan op dy fraach.. Myn ambysje is noch altyd om better te wurden en wat dat lannelike oanbelanget, it wurkjen foar de regionale omrop is foar mij gjin opstapke. Hjir yn Ljouwert wurdt in sûnder ienige twifel in folweardich sjoernalistyk produkt ôflevere. Oer alle boegen en dat docht absolút net ûnder foar wat de lannelike omroppen dogge. Dêrom soe ik it wol leuk fine om ek ris in programma te meitsjen wêryn’t ik oer ynternasjonale dingen prate koe. Mar ik moat sizze der gebeurd hjir sa’n soad yn de provinsje, it is hiel divers yn Fryslân. At ik wat woe, dan soe’k der noch bêst wat radio bij dwaan wolle en dat bedoel ik beslist net lytsachtsjend. Ik fyn radio in hiel moai medium, ik mis it ek wol in bytsje. Radio is hiel yntym, hiel snel en benammen dat lytse fan radio sprekt mij noch altyd bot oan.” Of het nu werk voor de televisie is of voor de radio, Eric Ennema wil altijd het naadje van de kous weten. Als je niet nieuwsgierig bent, kun je maar beter geen journalist worden, volgens de bekende Omrop Fryslân presentator. En dan is er nog een absolute must om in dit vak te slagen. Eric Ennema: “Je moatte aardichheid oan minsken hawwe, want it fak fan sjoernalist is puer minskewurk. Bij televysje sit der in soad technise rimram om hinne. Der steane twa kameraminsken elk achter in kamera, der stiet noch ien onbemande kamera, de rezjy sjocht mei, technisi, tapeoperators en wit ik wat allegearre net. Ik konsintrearje mij folslein en allinne op ’e gast en ik sis dan ek altyd jo prate mei mij. Ik wol it witte en jo fertelle mar wat je fertelle wolle. Ik fang se ek! Sa doch ik it.”
Friesland Post, mei 2004
|
 |