pers > op'e planken > detail
Resęnsy fan Henk van der Veer
Het warme bad van Arno Brok

Het warme bad van Arno Brok

Sinds 1 december van het vorig is drs. Arno Brok burgemeester van Sneek. Een eerder verzoek om mee te werken aan een interview voor het decembernummer 2003 van Friesland Post wees hij resoluut van de hand. Het zou niet chique geweest zijn ten opzichte van zijn voorganger Siebold Hartkamp, zo liet hij de redactie weten. Nu hij inmiddels ruim 100 dagen als burgemeester van Sneek achter de rug heeft, ontvangt hij ons met alle egards.
“Boppedat, ik wol ek net tefolle ynterviews jaan, dan wurdt it obligaat en ik moat ynhâldelik wol wat te fertellen hawwe.”

Als we zijn werkkamer van het rococostadhuis aan de Marktstraat in Sneek binnenstappen wacht hij ons al op. Gastvrij als hij is vraagt hij in zijn onberispelijke Fries met Arno Brok- accent ( met een rollende r):“Wat mei ik ynskinke? Kofje, tee of wetter, sis it mar.” De vijfendertig jarige Arno Brok, strak in het pak, maakt een ontspannen indruk, hij heeft het duidelijk naar de zin in zijn nieuwe woonplaats.

“De earste 100 dagen as ynwenner fan Snits, want dat bin ik yn it foarste plak, fiele oan as in waarm bad. De Snitsers binne tagonklik, komme maklik nei dy ta. It liket wol of ik al mear as in jier boargemaster bin. Ik bin oars bliid dat ik fuort nei myn beneamming besluten haw om hjir yn Snits te wenjen. Fanôf de earste dei as boargemaster meitsje ik diel út fan de Snitser mienskip. Al moat ik sizze dat ik nochal wat reaksjes hân haw dat ik op in flat wenje. Dat soe dan ferskriklik węze. No, ik moat de earste negative űnderfining noch hawwe. Ik haw hiele aardige buorlju en haw al bij ferskillende flatbewenners op ’e kofje west. Op in flat komst gauwer mei de minsken yn ’e kunde as yn in oare wenwyk. Dat fyn ik foar in persoan dy’t allinne wennet in grut foardiel. En op sân heech hast fansels in prachtich útsicht.”

Uiteraard is de voormalige wethouder uit Leeuwarden, waar hij sinds 1998 dat ambt bekleedde, niet voor het mooie uitzicht naar Zuidwesthoek gekomen. Wat deed Arno Brok besluiten om te solliciteren naar de post van burgemeester in Sneek?

Arno Brok: “Myn hert leit yn de publike sektor, yn it iepenbier bestjoer. Myn ambysjes lizze net by it bedriuwslibben, alhoewol’t ik grutte affiniteit haw mei de ekonomise sektor. Ik haw tsien jier aktyf west yn de Ljouwerter polityk, fjouwer jier as riedslid en seis jier as wethâlder.
It lęste skoft űnder boargemaster Margreet de Boer, hawwe wij in fijne tiid hân yn it kolleezje fan Ljouwert. Omdat ik wist dat Margreet fertrekke soe, krige ik ek it gefoel dat it nei tsien jier Ljouwerter tiid wie om te ôfskied te nimmen. Ik wist fansels dat Siebold Hartkamp mei pinsjoen gean soe. De dynamyk fan Snits spruts my enoarm oan. De sosiaal-ekonomise punten en de mooglikheden op it męd fan kultuer en toerisme wiene foar my genôch reden om te sollisitearjen nei de post fan boargemaster. Fansels binne der yn Snits ek genôch problemen, en wat dat oanbelanget is bygelyks de sosiale problematyk fan Snits wol te fergelykjen mei dy fan Ljouwert. Net dat ik dy problematyk moai fyn, mar it is wol nijsgjirrich foar in bestjoerder. Ik fyn it in útdaging om węr’t ik kin dy problemen mei helpe op te lossen.”

Brok die het burgemeestersambt niet beziet als een erebaantje ( “boargemaster bist sân kear 24 oeren wyks”) heeft inmiddels al meer dan vijftig werkbezoeken afgelegd. Dat ziet hij ook als één van de leuke kanten van het burgemeestersambt.

Arno Brok: “Ik kom yn ’e kunde mei in hiel soad ferskillende minsken. Der binne guon by dy’t libje moatte fan in minimum, mar ik praat ek mei minsken dy’t in soad jild fertsjinje. Krekt om al dy fasetten binnen de mienskip kennen te learen binne dy besites hiel aardich om te dwaan.”

Oud-Leeuwarder Brok woont inmiddels lang genoeg in Sneek om een antwoord te geven op de vraag wat het verschil is tussen de Friese hoofdstad en de waterpoortstad.

“Snitsers binne grutsk op harren stęd. Ljouwerters ek wol, mar it is altyd in bytsje tsjin it swartgallige oan. Sa fan ‘ut is niks, ut het noait wat weest en ut sal oek noait wat wurde.’ En dan moat de bűtensteander dy útspraken wer űntkenne. Snitsers binne absolút net pocherich, mar nochris se binne hiel trots op harren stęd.”

De Snekers hebben de laatste tijd ook wel reden om enigszins trots op hun stad te zijn. Neem bijvoorbeeld de titel ‘Beste binnenstad boven de grote rivieren’. En de vermelding door de BBC dat Sneek in de top 5 van de beste watersportbestemmingen ter wereld thuishoort is ook iets wat menig inwoner van Frieslands tweede stad met trots vervult.
Arno Brok over de waarde van dergelijke ‘titels’:

“Dat aksentueart it byld dat minsken fan de stęd hawwe. Snits hat in fin mear as in bears. Sa fan: ‘Snits, dęr moast węze, dat is sműk, dat is aardich , dęr is altyd wat te dwaan.’ It is mear as in aardichheidsje, it is in boppeslach, in geweldich stik reklame foar de stęd. Mar om de nuânse even oan te jaan, dat de Korenbloem de twadde banketbakker fan Nederlân is, dęr kin ik as ynwenner fan Snits ek fan genietsje.”

Net als heel veel Snekers ziet de ‘nieuwe’ burgemeester van Sneek uit naar het watersportseizoen. Arno Brok kan zelf nog niet zeilen, maar heeft naar eigen zeggen wel grote affiniteit met de toeristische en recreatieve sector. Verschillende Snekers hebben hun burgemeester al aangeboden om een spoedcursus zeilen te geven, een aanbod waar Brok ook zeker gebruik van zal maken. De eerste burger van Sneek heeft ondertussen ook al een gesprek gehad met Douwe Visser, de schipper van de Sneker Pan. Ook een vertegenwoordiging van de KWS en het skűtsjesilen hebben al kennisgemaakt met Arno Brok. Die gesprekken en de wil om het zeilen te leren horen volgens Brok bij de inburgering van een Sneker. Vorig jaar bezocht de toen nog beoogde burgemeester van het watersportbolwerk de Sneekweek al. ‘Om sfear te priuwen.’ Arno Brok over zijn verwachtingen van de aanstaande Sneekweek:

“Ik haw fansels gjin agenda fan ‘en no wurdt it dit jier oars’. Als soe it kinne, ik soe it net wolle. De Snitswike is fansels net it feestje fan it gemeentebestjoer en al hielendal net fan de boargemaster. Der is úteraard wol in oanwęzichheid fan de boargemaster by de Snitswike omdat it in wichtich evenemint foar de stęd is. Mar dat is in oare redenearing.. De Snitswike is it feest fan de stęd, de gemeente, de KWS en al dy minsken dy’t in grutte bining hawwe mei de wettersport. En dęr hat it gemeentebestjoer ek in rol yn, bij de iepening bygelyks. Ik hoopje wol dat der wat nije eleminten ynbrocht wurde kinne yn de kommende jierren, mar wol yn gearwurking mei Sneek Promotion ensafuorthinne. It moat perfoarst gjin ympuls węze fan in man dy’t dęr tafallich de nije boargemaster is.”

Tot slot wil de nieuwbakken eerste burger van Sneek nog wel iets kwijt over ambities.
Arno Brok: “Ik bin in teamwurker en ik wol graach mei de oare manlju yn it kolleezje, yn mienskiplikheid de stęd Snits in stapke fierder bringe. Ek yn in perioade dat it ekonomys wat minder giet. En dęr past gjin persoanlike ambysje by. De plannen om de stęd en de Snitsermar tichterby mekoar te bringen is sa’n plan. It is realistys omdat it in stedeboukundich plan fan in hiel heech nivo is. De ferbining tusken it wetter en de stęd jout allure oan de stęd en oan de oare kant is it ek manifest dat der yn sa’n ferbiningssône mei wetter in soad te dwaan is. Dat plan is miskyn even fan in kategoary ‘oeps dat is nij foar ús’, no ja dat is dan oké. Mar it is net sa by my it hat altyd sa west en it sil altyd sa bliuwe. Want dan bringe wy de stęd net fierder.”


Tekst: Henk van der Veer





Friesland Post, juni 2004
 
 
<< terug