pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
In hânfol moaie Fryske berneboeken ferskynd

In hânfol moaie Fryske berneboeken ferskynd


DE HOMMERTS- Ik haw thús in boekekast mei allinne berneboeken yn it Frysk. In kastfol sa stadichoan. De ôfrûne wiken haw ik wer in tal nije eksimplaren yn myn berneboekekast dien: ‘Mûske sil te kampearen’ fan Lucy Cousins, ‘Ik en ik’, fan Liesbet Segers, ‘Trekker’ en ‘Dumper’ fan Nicola Desschamps en as lêste boekje ‘Fiif dogeneaten yn in sok’, fersen foar Diet Huber. De earstneamde boeken binne útjûn troch de AFUK, it lêstneamde bondelstje is ferskynd by de Friese Pers Boekerij.

It is fansel hiel diskutabel om boppesteande boeken yn in aparte kast te setten. Ommers in goed berneboek is net oan leeftyd bûn. Dat ik de berneboeken yn ien kast te stean haw, is dan ek mear om praktise reden as om hokfoar oare reden.

‘Mûske sil te kampearen’, is in prachtich printeboek foar lytsere bern. It stevige plaatsjeboek liket my poergeskikt foar bern dy’t meikoarten mei de tinte op fakânsje sille. Fan Lucy Cousins ferskynde al earder ris in printeboek yn it Frysk: ‘Mûske en har freonen’. Ek yn dizze nije ‘Mûske’ komme de bern de freonen fan Mûske wer tsjin. Diskear sille Mûske en har freonen te kampearen. Hiel werkenber, en net allinne foar bern, binne de swierrichheden as de tinte opsetten wurde moat ek Mûske de freonen fine it mar in dreech karwei. As de tinte ienkear stiet, is der dan wol plak genôch foar elkenien?
Mûske, Sjouke, Frederika, Sibbele en Eppy hawwe it der mar drok mei.. De prachtige kleuren en de sidegrutte tekeningen meitsje dat de bern nocht krije om op fakânsje te gean.

‘Ik en ik’, is in saneamd oanwiisboekje. It fjouwerkante boekje leit lekker yn de hân en de ‘waarme’ tekeningen yn it bondelstje sille de alderlytsten goed oansprekke. Sintrale fraach is ‘wat sjochst allegear om dy hinne?’ It eigen lichaam, de sliepkeamer, iten en drinken, boartsjen, klean, stik foar stik komme de dingen dy’t pjutten alle dagen tsjinkomme op it aljemint. Foar elk foarwerp, ien tekening op ien side. Liesbet Slegers hat de foarwerpen dúdlik mei swiere kontoeren oanset. It boekje sil genôch stof jaan om oer te praten, alle dagen op’e nij.

De twa printeboeken fan Nicola Deschamps binne fan it type ‘stoere kartonboekjes’. Ien giet oer in grutte griene trekker. In échte John Deere, mei in échte boer Miedema, dy’t op heldere foto’s sjen lit wat er allegear wol net dwaan kin mei syn trekker. It oare boekje, op deselde wize útjaan, giet oer in dumper, in Blackwell. Beide boekjes binne troch de fot’s hiel libbensecht en benammen plattelânsbern sille harren wille oan dizze twa útjeften belibje. De beide boekjes binne prachtich foarmjûn yn de kontoeren fan in trekker en in dumper.

It bondeltsje ‘Fiif dogeneaten yn in sok’, is in moaie feestútjefte wurden, spesjaal skreaun foar de keninginne fan de Fryske jeugdliteratuer: Diet Huber. It is in jierdeiskado foar Diet Huber, dy’t dit jier har tachtichste jierdei fiere mocht. Wa’t it boekje yn hânen hat, moat meiien tinke oan de troch Diet Huber skreaune boekjes ‘It Abee fan Boukje’ en ‘It telboekje fan Boukje’. De trije boekjes hawwe omtrint itselde formaat. Yllustratrise Karin Poiesz, se wennet yn Snits, hat de omslach-en ramtyllustraasjes foar dizze bysûndere útjefte fersoarge. It sjocht der hiel freonlik en ûndogens út en slút goed oan by de ynhâld fan de feestbondel.
De bondel mei fersen bestiet út fjouwer skiften: ‘Poësy-albumferskes’; ‘Fan luzen, flieën, michjes en oare bistkes.; ‘Fan sifers en in inkeld letterke’ en ‘Fersen om foar te dragen’. In grut tal bekende Fryske skriuwers en dichters hawwe meiwurke oan dizze ferrassing foar Diet Huber. Alle fersen binne skreaun yn de boarlike , kolderike‘Diet Huber styl’. Tiny Mulder hat in prachtich persoanlik fers foar de jubilaris skreaun:

Goeie fersen libje lang

In keuken yn Amerarika-2002.
Dêr stiet in Fries; hy wasket om.
Mei de hannen yn it skom
Draacht er foar, moai kreas op toan
Fan de Biezem en de Bjinder.
En dêrnei? Dêr fljocht, o blinder,
Harkes Karke oer de U.S.A.
Op trochreis wer nei Harke ta.

Foar syn bern is it nij, bysûnder,
Foar syn mem in feestlik wûnder.
Diet, fan trije generaasjes
Hulde, tút en fylsetaasjes.

Henk van der Veer

Hjir besprutsen: ‘Mûske sil te kampearen’, Lucy Cousins, oersetting Gerda van der Wijk, priis € 9,95; ‘Ik en ik’ , Liesbet Slegers, oersetting Hermien van der Meer, priis € 7,95; ‘Trekker’ en ‘Dumper’, Nicola Deschamps, oersetting respekt. Gerda van der Wijk en Hermien van der Meer, priis € 7,25 it stik. Dizze boeken binne útjeften fan de AFUK, te Ljouwert.
‘Fiif dogeneaten yn in sok’, fersen foar Diet en alle Fryske bern, skreaun troch ferskillende auteurs, priis € 9,50 Utjûn troch de Friese Pers Boekerij, Ljouwert.


Sneeker Nieuwsblad, 05.07.2004
 
 
<< terug