pers > op'e planken > detail
Resęnsy fan Henk van der Veer
Boeken fan Mulder en Landman yn Merkel Rige

Boeken fan Mulder en Landman yn Merkel Rige

DE HOMMERTS- By de Friese Pers Boekerij binne in trijetal boeken ferskynd yn de Merkel Rige. Yn dy searje ferskine in tal suksesfolle titels út de Fryske literatuer, dy’t al inkelde jierren net mear te krijen binne yn ’e boekhannel. It binne goedkeape pocketboekjes, dy’t bygelyks maklik meinommen wurde kinne yn ’e fakânsjekoffer. De earste dieltsjes út de rige binne ‘In sterke frou’ fan Riek Landman, ‘In moaie leeftyd’ fan Tiny Mulder en fan Rink van der Velde kaam ‘Bokwerd for ever’ yn ‘e reprint út.

De boekjes sjogge der hiel ienfâldich út, en hawwe allegear itselde sakformaat, échte pockets dus. Dat de Friese Pers krekt wurk fan dizze trije auteurs as earste útjout yn de Merkel Rige is gjin tafal. Riek Landman, Tiny Mulder en Rink van der Velde binne alle trije toppers yn it fűns fan de FP.

In sterke frou

‘In sterke frou’, fan Riek Landman kaam yn 1995 foar it earst út. Mei dat boek liet de skriuwster út Snits in nije, mear literęre kant fan har skriuwerskip sjen. Landman hie doe al in tal suksesfolle misdiedromans op har namme stean. Yn ‘In sterke frou’ giet it oer relaasjes tusken minsken, oer leafde en hertstocht, pine en fertriet. Sintraal yn de roman stiet Wobs Gaastra. Dizze frou sjocht werom op har libben: har bernetiid op’e Loanne, har houlik mei in karrięremakker en har grutte geheime leafde dęr’t gjinien wat fan wist, sels har dochter Maaike net. Wobs is slim siik, mar de kręft, waarmte en leafde dy’t se yn har libben jűn hat, strielet troch it hiele boek hinne.
Maaike wie it leafst by har sike mem bleaun mar dat is űnmooglik. Se hat it ivich en altyd drok, lykas safolle moderne jonge froulju. Yn har priveelibben is se net gelokkich. Maaike wennet yn Hengelo, dęr’t se direkteur fan in skouburch is. Dochs groeie Wobs en Maaike nei inoar ta yn it lęste stikje fan Wobs libben.

In moaie leeftyd

Tiny Mulder, dy’t yn 1986 in Gysbert Japicxpriis foar har dichtbondel ‘Oh in stęd, ah in lân’ en foar har hiele literęre wurk oant dan krige, jout yn ‘In moaie leeftyd’ (earste printinge 1991) in earlik byld fan it emigrantebestean. Tiny Mulder is de earste dy’t in moderne emigraasjeroman yn it Frysk skriuwt. Sarah Blom, de romanhaadpersoan, is 68 jier as se op har libben werom sjocht. Doe’t se noch Saakje hiet, emigrearre se mei har man Hotze en bern nei Kanada. Se binne beide slim teloarsteld yn it Nederlân fan nei 1945. Fan alle idealen dy’t se yn de oarloch hiene, liket neat op ’e hispel te kommen. Mar Kanada is ek net it paradys dat harren foarspegele is. De earste lange sniewinter yn in blikhut sil Saakje noch lang heuge. Se bliuwt mar űnwennich, nettsjinsteande har fleurige brieven nei hűs. En dat de gefolgen fan de besettingstiid yn Fryslân sels yn Kanada ynfloed op har libbenslot krije, hie Sarah al hielendal net ferwachte.

Bokwerd for ever

Yn de Fryske literatuer nimme de ferhalen út ‘Bokwerder Belang’ in hiel eigen plak yn. It is in sabeare blęd út in sabeare doarp, skreaun yn in griemmank fan Frysk en Hollâns. Dy taal is bekend wurden űnder de namme ‘Bokwerters’. Yn de koarte ferhalen oer it hâlden en dragen fan de bewenners fan in lyts fiktyf Frysk doarp hâldt de skriuwer de Friezen in spegel foar, dy’t in ‘lachspiegel’ blykt te węzen. De minsken wurde yn al har eigenaardichheden beskreaun. Sadwaande wurde hja der net moaier op, mar hja bliuwe wol tige werkenber.”, sa skreau Tineke Steenmeijer-Wielenga alris oer dizze ferhalen.
Bote Bijster, de koloniaal, Doeke Vaartjes, de foarsitter fan Pleatslik Belang en de widdo Fokeltje Snikstra-Wening, binne in tal figueren út de ferhalen. Redakteur fan it ‘Bokwerder Belang’ is Wabbe Wissens Rzn, dy’t de lęzers fan de Leeuwarder Courant alle wiken op in ôflevering út it wykblęd traktearde. Dizze blomlęzing kaam foar it earst yn 1979 út.

Henk van der Veer

Riek Landman, ‘In sterke frou’, 168 siden. Fjirde prininge, Merkel Rige 2004
Tiny Mulder, ‘In moaie leeftyd’, 157 siden. Twadde printinge, Merkel Rige 2004
Rink van der Velde, ‘Bokwerd for ever’, 163 siden. Tredde printinge, Merkel Rige 2004

Alle trije útjeften binne útjűn troch deFriese Pers Boekerij, Ljouwert. Priis: € 8,75 it dieltsje.



Sneeker Nieuwsblad, 19.07.2004
 
 
<< terug