pers > op'e planken > detail
Resęnsy fan Henk van der Veer
Frysk literęr tydskrift op papier

Frysk literęr tydskrift op papier


DE HOMMERTS- Farsk, is de namme fan in Frysk literęr tydskrift op ynternet. It tydskrift kin beskôge wurde as opfolger fan Kistwurk. Doe’t dat tydskrift, it geastesbern fan Eeltsje Hettinga, yn jannwaris 2003 ferdwűn, namen Abe de Vries en Marc Kooij yn febrewaris 2003 de foarstap ta in nije literęre perioadyk op it ynternet. Dat Farsk oanslacht bij skriuwers en lęzers fan literatuer yn it Frysk stiet bűten kiif. Neist it tydskrift op ynternet kamen der saneamde ‘Farskskriften’ , út. It binne sa út en troch ferskinende tematise útjeften op papier. Koartlyn ferskynde yn dy rige nűmer fiif űnder de titel fan ‘Ultrakoart’ .Wilens is ek nűmer seis, ‘Wurkje as in merje’, nije leafdesfersen, útkaam. En om it feest folslein te meitsjen waarden de leafhawwers fan Fryske literatuer ferrast op in prachtich ‘Jierboek’. De trije útjeften binne útjűn troch Bornmeer yn Ljouwert.


Foar de lęzers dy’t net oer ynternet beskikke, de digibeten, binne de papieren útjeften fan Farsk fansels tige wolkom. Trouwens om langere ferhalen fanôf in byldskerm te lęzen is net sa gaadlik. Alteast ik fyn in moaie papieren útjefte noch altyd nofliker om te lęzen as in ferhaal fanôf in byldskerm. In ferhaal fan papier ôf lęzen is ręstiger.

Ultrakoart

It Farskskrift ‘Ultrakoart’ bestiet foar it grutste part út oarspronklik Frysktalich wurk, allinne fan Jantsje Post is der in oersetting opnommen. It is it ferhaal ‘Der Kreisel’ ( Draaitop) fan Franz Kafka. Kafka stiet bekend as de koarteferhale-skriuwer by útstek, en mocht dęrom net űntbrekke fűn de redaksje. Alied van der Meer har trije Hollânstalige koarte ferhalen binne ek yn it bondeltsje opnommen. ‘Wy fűnen har proaza fan sa’n goede kwaliteit dat we de lęzer har teksten net űnthâlde wolle’, sa motivearret de redaksje har kar.
Jetske Bilker, ien fan de redakteuren fan Farsk, besiket om yn in pear wurden út te lizzen oan hokfoar skaaimerken in (ultra-) koart ferhaal foldwaan moat. Bilker hat wat wiisheden fan Marg McAlister fan it ynternet ‘ôfplukt’ om it sjenre te yntrodusearjen. Mar sels mei de help fan McAlister, dy’t in kusrsus Writing the Short-Short Story publisearre, bliuwt it dreech om oan te jaan wat no eksakt in goed koart ferhaal is.
De lęzer, dy’t foar it sliepen gean noch even in koart stikje proaza lęze wol, sil him lykwols om de teory net bekroadzje. Dy wol simpelwei in ferhaal mei wat byt lęze. En dy ferhalen steane yn dit Farskskrift. Spitich dat der gjin biografise gegevens fan de auteurs opnommen binne, foar it oare jout dit Farskskrift in moai byld fan wat der op dit stuit oan koarte ferhalen yn it Frysk skreaun wurdt.

Wurkje as in merje

De redaksje fan Farsk hat net allinne proaza sammele yn in Farskskrift, ek leafhawwers fan poëzij krije har gerak. ‘Wurkje as in merje’, is de titel fan in boekje mei ‘nije leafdesfersen’.
Farskredakteur Abe de Vries hat it bondeltsje útlaat mei in neiwurd. Mar leafst 19 dichters hawwe wurk ynstjoerd foar dizze bondel. De redaksje hat de 27 fersen oer fjouwer skiften tematys űnderferdield: In radikale klucht; Gers dat laket; Langhalzje nei gelok en Wurkje as in merje.
De titel fan de bondel komt út it fers Stilte fan Matty de Vries, węrfan’t de lęste twa rigels sa binne: ik waarmje my oan dy/en wurkje as in merje

Abe de Vries neamt in tal karakteristiken fan Fryske leafdesfersen anno 2004: “It binne leafdesferklearringen, definysjes fan leafde, oantinkens oan of útdrukkingen fan langst nei leafde, en fersen dęr’t de leafdesdied sintraal stiet.” En “It liket my faaks wol de wichtichste karakteristike eigenskip fan de Fryske poëzij: dat der as it heal kin gebrűk makke wurdt fan ferwizingen nei lânskip, waar en oare ferskynsels fan ‘bűten’.
Ek yn dizze samling mei fersen űntbrekke biografise en bibliografise gegevens spitigernôch, al lęze we al dat Grytsje Schaaf yn dizze bondel debútearret. Fan wa’t no krekt it omslach is wurdt de lęzer ek net gewaar. Moai is it al!

Jierboek

It Farsk Jierboek sjocht der werklik prachtich fersoarge út, sawol úterlik as ynhâldelik. Elkenien dy’t yntresearre is yn Fryske literatuer krijt hjir ‘waar voor zijn geld’. Proaza, poëzij, resinsjes, polemyk en aktualiteit út de Fryske lettertún komme yn dit 175 siden tsjokke boek oan bar. Der is sels in ynterview, Abe de Vries hat in petear mei Piter Boersma, yn it boek opnommen. It binne appeltsjes foar de literęre toarst! It boek is ek in tydsbeeld, en sil mei it ferstriken fan de jierren in wichtige boarne węze foar Fryske literatuerleafhawwers. It soe fantastys węze dat dit Farsk Jierboek it begjin is fan in nije rige. It boek hat in grutte dokumintęre wearde. De hiele diskusje oer it takennen fan de Gysbert Japicx-priis 2003 oan Snitser Willem Tjerkstra, sa’t dy op it web fierd is, is yn it Jierboek opnommen. De skriuwersfoto’s fan Reyer Boxem binne spitigernôch in bytsje te swart ôfprinte yn it boek. It is detailkrityk, dit boek is in must foar elke Fryske literatuerfreak!


Henk van der Veer


Farskskrift 5, Ultrakoarte ferhalen Priis: € 4,00
Farskskrift 6, Wurkje as in merje. Priis: € 4,00
Farsk 2003, It Jierboek. Priis: € 10,00

Alle trije publikaasjes binne útjeften fan Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert


Sneeker Nieuwsblad, 22.07.2004
 
 
<< terug