pers > op'e planken > detail
Resęnsy fan Henk van der Veer
Fraaie blomlęzing Frysk dichter Obe Postma

Fraaie blomlęzing dichter Obe Postma


DE HOMMERTS- Yn’e rin fan jierren is der sa foar en nei al aardich wat ôfskreaun oer libben en wurk fan de Fryske dichter Obe Postma (1868-1963). Sa kaam der yn 1978 de mânske bondel mei syn Samle fersen út. Oan it begjin fan dit jier is by Utjouwerij Frysk en Frij te Ljouwert in hiele fraaie blomlęzing ferskynd mei as titel ‘It sil bestean’. It boek, ynbűn, is gearstald troch Abe de Vries. De bondel, 208 siden tsjok, befettet net allinne in karút it wurk fan Postma, mar ek in fjouwertal nijsgjirrige opstellen oer it wurk fan de ferneamde Fryske dichter, skreaun troch de gearstaller.

Net de 81 opnommen Obe Postma fersen, yn’e nije stavering, foarmje it nijsgjirrichste part fan de bondel, mar de fjouwer opstellen fan De Vries. De gearstaller, dy’t einredakteur fan it Frysk digitale tydskrift Farsk is, publisearre de opstellen yn 2003 al op de website. In goede saak dat Frysk en Frij dizze opstellen no mei de karlęzing yn boekfoarm útjűn hat. Der binne noch genôch diabeten űnder de Frysklęzers, dy’t al dit fraais oars misse moatte.

Yn in parseberjocht wurdt der in fergeliking makke tusken ‘It sil bestean’ en in eardere blomlęzing fan Postma syn wurk:

“Yn ‘It sil bestean’ is Postma faker byldzjend en konkreet, persoanlik, boartlik, de dichter fan it eroatyske lânskip, reflektearjend op syn eigen dichtsjen, en minder filosofysk as yn ’e eardere, rwatalige blomlęzing ‘Van het Friese land en het Friese leven’ út 1997. ‘Yn dizze samling is Obe Postma mear dichter as filosoof, minder in literęr-histoaryske figuer en, hoopje ik, mear in ynspirator,’ seit De Vries.”

It is hjir it plak net, dy diskusje kin better yn de literęre tydskriften fiert wurde, mar De Vries jout mei dizze fjouwer opstellen genôch stof om oer te diskusearjen. Sa wol De Vries dat de gongbere opfetting, ferwurde troch âld-Toppenhúster dr. Geart fan der Mear, dat Postma djipgeand beynfloede west hat troch it psychysk monisme fan Gerardus Heymans, net űnderskriuwe. De Vries doart de stelling oan dat ‘de foar Postma syn dichtsjen sintrale metafoar fan it ljocht wurdt relatearre oan Aristoteles en de tolfde-ieuske islamityske filosoof Averroës.’

It nijsgjirrige oan De Vries syn opstellen is dat hy in folslein nij lűd hearre lit. Yn syn koarte ynlieding skriuwt hy: “It ferlet fan in nij lűd is wat my oanbelanget űntstien mei de oerspande kanonisearring fan Postma fan ’e lęste tsien jier. Hat dy stúdzje net fierhinne op slot set? Op de lęste bydrage, de ynaugurale rede ‘ Obe Postma als dichter van het sublieme’ fan Ph. H. Breuker út 1996, is bygelyks yn Fryslân noait in serieus, wiidweidich werwurd kommen.”

De Vries giet oer ferskillende skaaimerken út it wurk fan Obe Postma yn de fjouwer opstellen ‘yn petear’ mei foargongers lykas Ph. Breuker, Tony Feitsma, Geart fan der Mear, Durk van der Ploeg en Fokke Sierksma.
Doe’t De Vries de opstellen op it ynternettydskrift Farsk publisearre hat, binne der fan syn oponinten gjin reaksjes ynkommen. Ik bin dęrom ek hiel benijd, dat de diskusje, dęr’t De Vries op tiidget ek werklik plakfine sil. Oant no ta haw ik der yn de literęre tydskriften noch neat fan fernommen.
Dat leit yn elts gefal net oan de opstellen fan De Vries, dy binne lęsber, ek foar in wat minder belęzen publyk. Syn styl fan skriuwen is boppedat stikelich genôch!
Of soe it net-reagearjen op De Vries syn Postma-stúdzje betsjutte dat ek yn literęr Fryslân de krupsje fan ‘desynteresse’ syn yntree al dien ha? Dizze bondel fertsjinnet rom omtinken! De Vries syn stellingen soene in begjin foarmje kinne fan in nije stúdzje oer it wurk fan Obe Postma, ien fan Fryslâns wichtichste dichters út de moderne Fryske literatuer.

Henk van der Veer

‘It sil bestean’. Blomlęzing út de poëzy fan Obe Postma, mei in ynlieding fan Abe de Vries. Utjouwerij Frysk en Frij, 2004. Stevich ynbűn. Priis: € 22,50




























Sneeker Nieuwsblad, 26.07.2004
 
 
<< terug