pers > op'e planken > detail
Resęnsy fan Henk van der Veer
Trinus Riemersma's 'Op'e nekke fan'e wrâld'

Trinus Riemersma’s ‘Op’e nekke fan fan’e wrâld’


DE HOMMERTS- Skriuwer Trinus Riemersma út Frjentsjer, hy wenne ea yn Gau, is in alsidich auteur. Hy publisearre romans, ferhalebondels, poëzij en toaniel. By Utjouwerij Venus, in űndernimmen dat er mei Josse de Haan op poaten setten hat, is yn de VenusNonFiksje rige koartlyn in aardige bondel mei kollums fan Riemersma útkommen. It kreas útjűne boekje befettet in kar út de kollums dy’t Riemersma fan 1992-2002 foar de tydskriften ‘Frysk en Frij’ en ‘Trotwaer’ skreaun hat.

Op ‘e achterflap fan it boekje wurdt it folgjende oer ‘de kollum’ ( bestiet dat wol dč kollum?) skreaun: “De kollum is in fernimstich en eigensinnich kommentaar op in foarfal of in tastân. Mei de feiten hoecht de kollumnist it net te krekt te nimmen., syn arguminten meie by de gatten om ticht węze, mar hy moat perfoarst foldwaan oan de easken fan orisinaliteit, boartlikens en humor.”

Sân jier lyn kaam der fan Eppie Dam, út Balk, ek alris in bondel mei ‘columns’ út. Dam skreau ek oer in grut ferskaat oan űnderwerpen. Dy bondel ferskynde űnder de boartlike titel ‘Damstikken’.
En fan Jan Pieter Janzen Janzen is der sűnt 2001 in samling mei kollums, dy’t útjűn binne űnder de titel ‘En gjin ein. Stikken en stikjes 1972-2000’.
Riemersma is net de iennige dy’t it sjenre fan kollumskriuwen beoefenet yn Fryslân, mar hij hat wol in folslein eigen(sinnich) lűd. Opfallend is dat alle trije hjir boppe neamde kollumnisten fan professy űnerwizer/learaar binne of wiene.

De karakteristyk fan Riemersma syn kollums wurdt op it achterflap-proaza sa omskreaun:

“Riemersma is in krityske, polemyske en moralistyske skriuwer. De kollum is dan ek in gaadlik medium foar syn skriuwerskip. Syn oanstriid ta spot en satire, ta oerdriuwen en trochdriuwen krijt frij baan. En lykas by elke kollumnist, it giet net inkeld om fyzje en miening, it giet benammen ek om de ‘literęre fertoaning’.”

De kollums dy’t Riemersma foar dizze bondel gearstald hat, komme út twa Frysktalige tydskriften dy’t der no net mear binne. ‘Frysk en Frij’ is ferdwűn, de útjouwerij bestiet oars noch al, en ‘Trotwaer’ is as selsstannich periodyk ek net mear te krijen. It is opnommen yn ‘De Moanne’, in algemien-kultureel opinyblęd.
Fjouwerenfjirtich kollumns stiene oarspronklik yn ‘Frysk en Frij’ en tweintich ‘stikjes’ komme út it frysk literęr tydskrift ‘Trotwaer’. De kollumns dy’t Riemersma foar ‘Frysk en Frij’ skreaun hat, binne út 1992 oant en mei 1997, doe’t it blęd ophold te bestean en foarmje it earste part fan de karlęzing. De tweintich kollums út ‘Trotwaer’ komme út 1998-2002.

Uteraard binne kollums op syn moaist at se aktueel binne, de kollums fan Riemersma binne dat yn de measte gefallen ek. No’t de kollums sammele binne yn dizze bondel jout it gros ek in nijsgjirrich tydsbyld. Nuver, mar de slogan ‘soms zit het mee, soms zit het tegen’, kaam my yn’t sint doe’t ik it titelferhaal lies. En dan benammen it lęste stikje fan de kollum, dat oer de ellinde fan de wrâld giet. Riemersma skriuwt hjir yn ‘e matyd fan 1994:

“Mar it hat gjin doel om dy de wille benimme te litten, do helpst der nimmen mei. Us mem sei foarhinne al: do kinst de hele wrâld net op’e nekke ha. ’t Is better oarsom: lit dy mar op’e nekke fan’e wrâld troch it libben ride. Folmakke wurdt it nea, der bliuwt altyd wat te winskjen- ik soe bygelyks wol wolle dat Zjirinovski myn kanker oerkrige- mar sa’n maityd en sok waar, dat is lykwols in genede, dęr’t ik sa’n wurd om sis.

Oer Zjirinovski, in Russise politikus, hearre we de lęste tiid net sa’n soad mear, mar Riemersma is gelokkich noch altyd űnder ús. Gelokkich omdat er fraaie kollums skriuwt, no noch om de fjirtjin dagen yn de LC. Dęr sil skielk ek wol wer in moai boekje fan út komme, ik mei oannimme by de Friese Pers Boekerij. Of dochs by Venus?

Dizze samling, kin yn elts gefal besjen lije, en dat falt nammenste mear op wannear’t je in tal kollums achter elkoar lęze. Dan docht bliken dat Riemersma in skerpe pinne hat. In oanrieder dizze bondel.

Henk van der Veer
Hjir besprutsen Tr. Riemersma, ‘Op ’e nekke fan ’e wrâld’ 120 siden ISBN 90-5998-010-7, priis €12,90


Sneeker Nieuwsblad, 16.08.2004
 
 
<< terug