pers > op'e planken > detail
Resnsy fan Henk van der Veer
Oer de dea fan in hn en in krop slaad

Moaie dichtbundel Bartle Laverman

Oer de dea fan in hn en in krop slaad


DE HOMMERTS- Alles komt wer goed, is de titel fan Bartle Laverman (1948) syn nijste fersebondel. It boekje is tkommen by de Koperative Utjowerij-Boalsert. Op it omkaft in fbylding fan it oaljeskilderij Nynke en Jaike, dat de dichter yn 2002 makke. De bondel befettet 30 fersen en twa siden oantekens.

It is net de earste kear dat Laverman foar in omkaft fan ien fan syn bondels in fbylding fan eigen (skilder-)wurk brkt. Ek op it kaft fan Boerefersen (1996) stie al in fbylding fan ko Nynke. It byldzjend wurk fan Laverman is yllustratyf gench as omkaft foar syn bondels.
Omt ik wol oer it wurk fan Laverman mei, haw ik al syn bondels yn e rin fan jierren ope kop tikje kind. Ik fernverje my der in bytsje oer dat op e achterflap fan syn nijste bondel stiet dat it de tsiende fersebondel is. Ik haw de folgjende titels op e planke te stean:1969 : It freeslik feest (mei tekeningen fan Anne de Vries) ;1973 : Woartelfocht-fruchtwetter (yn eigen behear); 1975 : Skimerlnskippen (mei Anne de Vries)
1977 : Winter. Popkes dy't wuive (De fersen t Winter foarmje in oanslutend gehiel mei dy t de bondel Skimerlnskippen ); 1977 : Kloentsjetee (20 teksten, 10 kykjes); 1979 : Neitins (parva sed apta mihi); 1982 : Ik laitsje my dea (Cumulusrige 1984-4); 1985 : Master nder protters; 1996 : Boerefersen (1994-1969) en 1999 : Kophimmelje.
Dat binne der dus tsien en dizze nijste is nmer alve yne rige fan Laverman dichtbondels.

It dichtwurk fan Laverman wurdt meastens net yn tsjokke bondels tjn, it binne oer it algemien flintertinne boekjes. De tritich fersen dyt yn dizze bondel steane binne wer hiel tagonklik foar de lzer. Laverman, dyt oan de Griene Dyk by Offenwier wennet, skriuwt plattelnspozij . Dat betsjut net sweverich, mar realistys. Sa as yn:

Mother Natures son

de ndergeande sinne
achter de lde apelhf,
dat sjoch ik wol
ik folgje dyn finger
dyt it sweltsje wiist
en dat de reinbui
skjinner moat

mar yn-a-zem-je
en wy binne ien mei..:
neat ha ik mei
rike wiven
dyt beammen beharkje

leaver berin
it Ballorfjild mei in bleate
boskwachter

Dr kinne Irene cs it mar mei dwaan!
Fan Rutger Kopland is it ferneamde fers Jonge sla ( Alles kan ik verdragen,/ het verdorren van bonen,/ stervende bloemen, het hoekje/ aardappelen, kan ik met droge ogen/ zien rooien, daar ben ik/ werkelijk hard in.// Maar jonge sla in September,/net geplant, slap nog,/in vochtige bedjes, nee. ). Laverman hat ek in moai fers oer slaad skreaun, mar hij is wat minder begien mei it gewaaks:

Slaad

de btenbledsjes fan it slaad
gean yn de kompostamer
of as ik even rinne wol
it hinnehok

dat liket nochal sneu en sinleas
nei al dy wiken waaksjen
fergelike mei it grien
dat yn in rike dressing
t bestean as hearlik miel folbringt

mar better sjoen
sjochst
dat dat wat nei de hinnen giet
de hinneaaien makket
dyt yn it slaad bedarje
en kompost moat wer oer de bou
drt it in hiele rige
nei de finale helpt

dat gjin begrutsjen
mei btenbledsjes mear
ik wurd sels rij
as kropke wosken wurdt!

Laverman dichtet hiel tagonklik, benammen yn it lste ( en bste ) part fan de bondel, at er oer hiele yntime saken skriuwt. Oer de dea fan in hn, syn hn, dichtet :

Jaike

tsien oere
se leit op it pleintsje
by de wetterbak
as wy
en frou dokter mei it kofferke
it paad oprinne
giet se tusken s
yn optocht
nei it hf
noch in tt op e snt
de earste prip
pipet se fan de nudle
en sliept stadichoan wei
tsjin myn skouder
ik streakje har

dan de spuit
mei de dea
de tonge tusken de tosken
geane har eagen
nei nearne
ik doch in tekken
oer har hinne
en rin nei it boskje
om it grf te dollen

De parlando-eftige wize fan dichtsjen is karakteristyk foar Laverman. De persoanlike fersen, mei in universeel karakter fyn ik de bsten t de bondel, de gelegenheidspozij, oer Simmer 2000 bygelyks, sprekt my minder oan. It lste part fan de bondel fyn ik dan ek it bste, omdat dr de meast partikuliere pozij te finen is, dyt dochs in grut publyk oansprekke sil.

Henk van der Veer

Bartle Laverman: Alles komt wer goed, Koperative Utjowerij, Boalsert 2004. ISBN 9065793535 Priis: 12,50




Sneeker Nieuwsblad, 23.08.2004
 
 
<< terug