pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Nijsgjirrige debuten Arjan Hut en Elmar Kuiper

Nijsgjirrige debuten fan Arjan Hut en Elmar Kuiper


DE HOMMERTS- Yn oktober sil der ûnder de titel ‘Droom in blauwe regenjas/ Dream yn blauwe reinjas’ in nijsgjirrige blomlêzing ferskine mei wurk fan ‘nije’ Fryske dichters. De ôfrûne tsien jier binne der hiel wat nije dichttalinten yn Fryslân út ein setten mei it skriuwen en publisearjen fan poëzij. Arjan Hut (1976) en Elmar Kuiper( 1969) binne twa fan harren. Wurk fan Hut en Kuiper is opnommen yn de blomlëzing, mar beide hearen debútearje ek mei in fraaie bondel: ‘Nachtswimmers’ fan Arjen Hut en ‘Herbyt’ fan Elmar Kuiper. It wurk is útjûn troch Bornmeer.

Om mar meiien mei de doar yn hûs te fallen, it wurk fan de beide debutanten is net fan it sjenre ‘light ferse’. En dat is noch mar in understatement om de poëzij fan beide te kwalifisearjen. Dat wol lykwols net sizze dat it elitêre bondels binne. Hut en Kuiper skriuwe gedichten dêr’t byt oan sit, de lêzer sil him ynspanne moatte om de poëtise paden fan dizze dichters te folgjen. Ik pankoekbakje no al in hiel skoft mei de beide, wer hiel kreas troch Bornmeer útjûne, boekjes om. Wat sil ik hjir no ris oer skriuwe? Hoe bring ik de lêzers fan de ‘Sneeker’ op ’e smaak fan dizze poëzij? Sil ik beide bondels apart besprekke? Kin ik der eins wol wat bestekliks oer skriuwe? Dat soarte fan fragen.

Wat mij oan beide bondels fuortdaliks al yntrigearre binne de titels. Bij ‘Nachtswimmers’ tink ik oan ferbeane dingen: stikem sûnder swimbroek oan swimme ( yn ’e Sneekweek ) yn it swimbad fan Snits. Soksoarte fan gedachten kamen my yn’t sin. En earlik is earlik, dy nachtswimmerij hie wat romantys, wat spannends. Yn ‘Nachtswimmers’ is dy spanning ek oanwêzich:

Nachtswimmers

Dit is hoe’t we de nacht yn giene:
troch bernefinster oer garaazjedak
dreaun oer waarme paden, foarút.
Lieten gjin manskippen achter.

Dit is hoe’t we de nacht yn giene:
we laken, sangerich fan spanning
smookten stoer in reekgerdyn
ferburgen ús foar wetten en gefaren.

Dit is hoe’t we de nacht yngiene:
troch de romte fan ús eigen oeren
kamen we by de oere fan in mar
wachten neaken by de baren.

Dit is hoe’t we de nacht yn giene:
wyldkaterjend by de reiden del
bleat en blank en spatten op it fel.
De minsken laken en wy skammen ús.

Dit is hoe’t we de mar yn giene:
de minsken laken en wy skammen ús net.

Op dat stuit waard ús farwol besletten.

Ek de titel fan Kuiper syn bondel mei der wêze: ‘Hertbyt’. Gjin flau benul wat dat wurd betsjut. Lykwols ik fyn ‘Hertbyt’ wol in moai wurd, miskiën wol omdat it ûnbekend foar my is.

Hertbyt

Etst frommes soer antlit?
Droege nulle skrast triedsjeread yn wangen.

Ynkerve op boarst
Fersinkt in blikken jongfeint.

Hy is in skelm dy’t hertlik laket.

Utbytbad fret út salpetersoerskelmemûle
útbytbad skroeit skelmewurden ticht.

Frommes byt hert út plaat
frommes test skelmehert
frommes besoarget in hertkrater.

Skelm fersuorret.

Nei útbytbad
spielt kraan.

Binne de beide titelfersen no ek yllustratyf foar wat de lêzer yn de bondel ferwachtsje kin? Ja! Beide dichters skriuwe sûndermis poëtys, wat se skriuwe ropt fragen op. Meastal in skaaimerk fan goede poëzy. Hut en Kuiper brûke prachtige Fryske wurden, al of net bekend. Sjoch yn it fers fan Hut nei dat wûnderskoane ‘wyldkaterjend’ en by Kuiper nei it noch fraaiere ‘salpetersoerskelmemûle’.

Hut hat in tematise bondel skreaun, romantyk en leafde binne de kaaiwurden foar syn debútwurk Hut hat keazen foar in strakke yndieling, it liket wol oft de lêzer meinommen wurdt nei in teater. Alteast de bondel set út ein mei in ûvertuere, hjirnei folget it earste bedriuw ( ‘Nachtswimmers I’ ), dêrnei skoft ( ‘Wolkom yn de foyer’ ) en dan it twadde bedriuw ( ‘Nachtswimmers II’ ). De 41 fersen dy’t yn de bondel opnommen binne geane ek hiel faak oer dreamen, oer it ferline, oer bisten, mar it grutste part fan de fersen fan Hut hawwe de faam as sintraal tema. De metafoaren slane foar master op en surrealistise bylden ferskine mear as ienris yn dit poëzyteater. Knap dreech om soks ûnder wurden te bringen. Mei ik gewoan sizze dat dizze fersen my wol yn de besnijing hâh ha?

Op de foarkant fan Kuiper syn bondel stiet yn in miniatuerke in kat ôfbylde, in springende kat. Is dat it wûnderbist út it fers mei dy namme? Der komme nochal wat bisten foar yn de poëzy fan Kuiper. De dichter registrearret net allinne, hy jout ek faak kommintaar op wat er waarnimt, dat levert ferrassende poëzij op. Opfallend yn dy sin dat Kuiper biste-en minskewrâld mei elkoar ferbynt yn syn waarnimmingen. It is plattelânspoëzij, mar fan in hiel oar soarte as bygelyks by in Barle Laverman. Laverman skriuwt light ferse, Kuiper skriuwt folle absurdistiser.
Gearfette, Hut en Kuiper binne twa hiele eigensinnige dichters dy’t fêst noch in soad fan harren hearre litte sille. Ik bin hiel benijd nei dat wurk!

Henk van der Veer


Arjan Hut, ‘Nachtswimmers’, fersen. Utjouwerij Bornmeer. Priis € 8,90
Elmar Kuiper, ‘Hertbyt’, fersen. Utjouwerij Bornmeer. Priis € 8,90



Sneeker Nieuwsblad, 30.08.2004
 
 
<< terug