pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Prachtich Frysk dokumint oer it bûterfabryk

Prachtich Frysk dokumint oer it bûterfabryk


DE HOMMERTS- Albert Kornelis Mulder (1921) is benammen bekend wurden fan syn boeken ‘Ald ark’ (1990) en ‘Oar âld ark’ (2002) Yn 2002 ferskynde fan him ek ‘Wat ha wy in wille hân’, in samling âlde bernespultsjes. Op 21 augustus fan dit jier kaam der wer in mânsk boek fan Mulder út. Op dy dei waard yn ‘e ‘Schure’ fan Rikkingahof yn Easyerwâlde, dêr’t Mulder wennet ‘Yn en om it bûterfabryk’ presintearre. It rynsk yllustrearre boek is útjûn troch Utjouwerij Fryslân/Afûk, Ljouwert.

De ûndertitel fan it boek is ‘suvel yn ‘e tweintichste ieu’ , want in bûterfabryk waard letter suvelfabryk neamd. As der yn Fryslân sa tusken 1900 en 2000 oer ‘it fabryk’ praat waard, dan gie it net oer in masinefabryk, in houtfabryk, nee dan bedoelden de minsken in bûterfabryk.

It bysûndere oan it ferhaal fan Mulder is, dat hy de skiednis fan it bûterfabryk net skreaun hat út it perspektyf fan de direkteur of bestjoerders wei, mar krekt fan kant fan de arbeiders. Omdat Mulder sels jierren op it fabryk arbeide hat, en hy út syn ûnthâld wei opskreaun hat wat foar wurk der allegear barde, is dit boek troch syn detaillearre beskriuwings suver in persoanlik dokumint wurden. Mar dochs ek wer in hiel werkenber dokumint foar al dy hûnderten arbeiders út de suvelyndustry. Mulder skriuwt yn syn ‘ta beslút’:

“It is in ferhaal wurden oer it dwaan en litten fan myn skoanfolk as boer en dus de leveransier fan de molke, ús heit, myn famylje en iksels as it folk dy’t dat ferarbeide ha. En dan dat fan folk deromhinne. Foar in boel minsken sil it skreaune neat betsjutte, it is net in spannend ferhaal. Mar der sille ek âld-suvelarbeiders wêze dy’t der wat fan harsels yn weromfine sille en tinke: ja, sa hat it ienris west.”

Mulder hat gelyk at er skriuwt dat it lêzen fan dit boek gjin spannende oangelegenheid wêze sil, mar dat is fansels it útgongspunt ek net fan ditsoarte fan literatuer. It is nijsgjirrich, en troch de persoanlike toan fan Mulder, krige ik suver it gefoel dat Mulder op it plak fan ús pake siet. De heit fan ús heit, Geert van der Veer (1884-1951), haw ik noait kennen, mar ik wit wol dat pake fan 1909 oant 1930 as twadde en earste tsiismakker op ferskillende fabriken oan it wurk west hat. Mulder jout mei syn boek in dúdlik byld oer hoe’t it wurkjen yn ‘e Fryske suvelfabriken yn ’e foarige ieu om en ta gie. It binne hjir en dêr wiidweidige beskriuwingen, en ik haw as leek ek wolris in stikje ‘detail-ynformaasje’ oerslein, mar oer it gehiel boeide it boek. Skiednis is net in ferslach fan grutte wrâldskokkende barrens fan hege hearen, histoary wurdt makke troch it gewoane folk. Hoe lang wurken minsken as ús pake no? Hoe wie it skoft? Wat foar ark hiene de arbeiders yn it fabryk. Dat soarte fan fragen wol ik antwurd op. Mulder jout dy antwurden yn dit boek, sterker noch hy jout suver in rûnlieding troch it fabryk en hy yllustrearret mei foto’s en tekeningen. It is allegear hiel ynformatyf, mar perfoarst net saai. Sa skriuwt Mulder oer it skoftsjen it folgjende:

“Sieten wy yn Aldegea (Sm.) op in tsiisplanke te skoftsjen dy’t op in pear Fryske tsiisfetten lei, yn Makkingea hiene wy in echt skoftlokaal. Dat wie tagelyk mei de oanlis fan de ûtizering makke en wie in keammerke fan sa’n 3 by 2 meter. Twa banken sûnder leuning oan’e kanten, in rige kastokheakken en in rim der boppe, in koart bankje oan’e smelle kant, in smelle tafel dertusken en dat wie alles. Fan krapoan tsien oere ôf, dat hong fan it wurk ôf, sieten wy der dan, as it koe safolle mooglik mei-elkoar in healoere te skoftsjen. Elk op syn eigen plakje ûnder syn eigen klean. As it kâld waard ferhuzen wy mei de banken nei it tsjettelhûs, want in kachel yn it skoftlokaal koe der net ôf.”

En is der ris wat, wat Mulder net mear wit, dan hat er noch wol âlde kunde dy’t it him fertelle wolle hoe it eartiids om en ta gong. Mulder skriuwt oer de molkkontroleur, it tsjettelhûs, de stoommasine, de masinekeamer it buizenet yn it fabryk, it bûtermeitsjen, it brijsieden, oer hoe’t it op it kantoar om en ta gie en gean sa mar troch. It boek is stevich ynbûn en befettet hiel wat foto’s, dy’t hjir en dêr wat te swart ôfprinten binne. Mar dat is detailkrityk. In ryk boek oer de suvelyndustry yn de tweintichste ieu yn Fryslân!

Henk van der Veer

Albert Kornelis Mulder, ‘Yn en om it bûterfabryk’, suvel yn’e tweintichste ieu. Ynbûn, 232 siden. Utjouwerij Fryslân. Priis: € 24,50


Sneeker Nieuwsblad, 13.09.2004
 
 
<< terug