pers > op'e planken > detail
Resęnsy fan Henk van der Veer
De lije side fan'e tiid, Jelle Kaspersma

Rike sammelbondel fan Jelle Kaspersma


DE HOMMERTS- By Utjouwerij Venus is koartlyn de sammelbondel ‘De lije side fan ’e tiid’ fan dichter Jelle Kaspersma ( Snits, 1948) útkommen. Yn de goed tritich jier dat Kaspersma skriuwt, hat er in fjouwer hűndert fersen skreaun. Dy gedichten waarden publisearre yn in tsiental bondels. Ut in sântal fan dizze bondels hat Utjouwerij Venus yn gearwurking mei de dichter in kar makke foar dizze bondel. De karút befettet goed fyftich fersen, dy’t in moai byld jouwe fan Kaspersma syn dichterskip.

It is foar my altyd űnbegryplik west dat it wurk fan Kaspersma noait achtslein is troch de gearstallers fan de ‘Spiegel van de Friese poëzie’, no tsien jier lyn. Unbegryplik, omdat Kaspersma in folslein eigen poëtys lűd hat, hie der sűndermis wurk fan him opnommen wurde moatten yn dizze Spiegel. Kaspersma syn poëzij, dy’t goed is nei te kommen, is hjir en dęr tryst en mankelyk. Hij skriuwt djip yn it moed taastende In Memoriam fersen, lykas:

Gedicht

it libben is grôtfol riedsels tocht ik
en mist kaam oer my del
it paad ferdwűn yn nacht en dize

myn begjin myn ein
koe ik heine mei de noas
geuren fan bargen en jarre en âld hea

tiid bleau menuten lang hingjen
doe kaam de wei wer foar it moanneljocht
mei swietrook fan iel en stil wetter

nuver

sa fytse je tegearre op sűnder erch
rűke neat en hawwe in skoander doel
dan feroaret inkele dagen neitiid
it ljocht yn twa eagen
hja keare ta nacht ta wjirmen ta stof

frjemd
komt elts moatten jin dan foar
űnder dizze swarte himel
opfytse mei jinsels
nei neat

Benammen dat ‘opfytse mei jinsels’ is in hiele sterke sin yn it trochlibbe fers. Spitich dat krekt yn dit moaie fers in pear bonkjes sitte. Yn de bondel stiet ‘if libben’, dat ik hjir ferbettere haw yn ‘it libben’. En moat ‘menuten’ net ‘minuten’ węze?
It is net allinne nacht en tsjusternis yn de fersen fan Kaspersma, dy ’t ek syn berteplak Snits, dęr’t er ek de Kweekskoalle besocht, as dekor fan syn poëzy brűkt:

Nokturne
nei in wylde tocht
de kafees fan it martiniplein
bylâns
besochten wy
by de jachthaven
in frysk fers
yn ’e farske snie
te pisjen

de tekens dy ’t űntstiene
hiene neffens my
mear wei
fan dy bernebibelplaat

mene mene tekel ufarsin

trije leechskodde fingers
boppe snie

Ek yn it fers ‘Op it perron fan Snits’ giet de dichter werom nei syn bertested.
Kaspersma besjongt ek mear as ienris de natuer yn syn fersen, hy docht dat op hiel eigen wize. It is benammen de wredens fan de winter dy’t Kaspersma beskriuwt:

Duende

sabeare doelleas fleanende guozzen
lange flechten fűgels boppe de swarte mar

op de polderdyk de boartoer
warskôgjende finger ferljochte omheechstutsen
mar net foar guozzen

myn earen heine lűd fan brekkend iis
it oangean fan ferwűne fűgels
dy’t delsaaie op wat moarns noch iepen wetter wie

hoe read de mar kleuret fan bloed en stjerrende sinne

Kaspersma is in dichter dy’t net fan babbelegűchjes hâldt, haadletters en interpunksje komme amper foar yn syn wurk. It frije fers slacht foar master op. De earste strofe fan it fers ‘Sonnare sűnder sonar’, is sa:

brân dy de fingers net dichter
oan it klinkdicht neamd sonnet
dissonanten en űnrym sille
mei grauwe gűnseeënn oer dyn efterplecht slaan

Der komme yn it wurk fan Kaspersma hiel wat metafoaren foar, mar lang om let giet it mar om ien ding: ‘poëzij dus wie suver fan alles/ it beneikommen fan it folsleine wurd’
Josse de Haan, ien fan de ferantwurdelike minsken fan Utjouwerij Venus, jout yn in neiskrift fan twa en in heale side kommintaar op tritich jier dichterskip fan Kaspersma. Syn konklúzje kin ik it mei lykfine: “ De dichter ferskűlet him net yn in taal of in skynparadys dy’t ferdôvejend wurkje, mar hy besiket mei syn taal de tiid te beswarren en syn ferlerne libbens yn wurden stal te jaan- sadat it no draachlik bliuwt. De lânskippen fan syn jeugd/libben- Gasterlân, bernetiid, fiskerij, de see, de frou- tsjinje hjir as metafoaren foar it bestean. De wrâld fan de poëzij fan dizze dichter- syn magyske wrâld- hâldt ta yn de lije side fan de tiid’.”

Henk van der Veer

Jelle Kaspersma, ‘De lije side fan’e tiid’, dichtbondel. Utjouwerij Venus. 64 siden. Priis: € 8,50






Sneeker Nieuwsblad, 21.10.2004
 
 
<< terug