Lêsbere Bonifatiusbiografy fan Akky van der Veer
Lêsbere Bonifatiusbiografy fan Akky van der Veer
DE HOMMERTS- Skriuwster Akky van der Veer(1943) hat har earder al yngeand dwaande holden mei it skriuwen fan twa boeken oer de iere midsieuwen: ‘Grutte wurden’ (1995) en ‘Kuneara’ (2000). Yn it no hast foarbije Bonifatiusjier foeget Van der Veer in nij (skiednis-) boek oan dat histoarys oeuvre ta ‘Bonifatius en syn tiid’. De moai útjûne bijdrage is ferskynd bij Utjouwerij Bornmeer yn Ljouwert.
Oan alles is te merkbiten dat Akky van der Veer út it ûnderwiis komt. It krektferskynde wurkje oer de hillige Bonifatius is in tige edukative útjefte. It lêst hiel noflik en dat komt benammen troch de linige wize wêrop’t Akky an der Veer it libben fan de ferneamde Bonifatius (be-)skreaun hat. Akky van der Veer hat mei dit wurk besocht Bonifatius yn syn tiid te setten. En ik moat sizze dat de skriuwster hjir tige goed yn slagge is.
Akky van der Veer stelt neffens my de juste fragen, lykas “Wat wiene dat foar minsken, dy heidenske Fryske foarâlden fan ús? Hoe libben se en wêr libben se fan? Hoe seach it der doedestiids om Dokkum hinne út?”
De anttwurden op dy fragen, dêr besiket Akky van der Veer in antwurd op te jaan, net it antwurd, mar in antwurd. En dat makket de lêsberens fan it boekje, 110 siden en rynsk yllustrearre sa nijsgjirrich. Perfoarst gjin wittenskiplik wurk, mar in biografy skreaun foar it brede publyk. Foar wa’t him/har fierder ferdjipje wol yn it libben fan Bonifatius, is der achter yn de útjefte in list mei rieplachte boarne opnommen.
De ynlieding is fuortdaliks al hiel persoanlik, omdat de skriuwster yn ’e rin fan de jierren in persoanlike relaasje mei Sint Bonifatius opboud hat. Akky van der Veer skriuwt oer har oantinkens fan de legere skoalle doe’t master oer Bonifatius fertelde: “Op ‘e legere skoalle learde ik, dat de moardners fan Bonifatius út myn bertedoarp ôfkomstich wiene. Moarmwâld ( no Damwâld) soe in ferbastering fan Moardnerswâld wêze. ‘Doe’t de heidenen Bonifatius ombrocht hiene,’ fertelde ús master, ‘soene se feestfiere mei lekker iten en drinken. Mar doe’t se de bôlen út de ûne hellen, feroaren dy foar har eagen yn stien. Dêr waarden se sa kjel fan, dat se spyt krigen fan wat se dien hiene, op slach en stuit kristlik waarden en in tsjerke bouden, dy’t se oan Bonifatius wijden. Ien fan de ferstienne bôlen ha se ynmitsele yn de toer fan de tsjerke, lykas no noch altyd te sjen is.”
In master dy’t soksoarte fan hilligeferhalen in bytsje boeiend wit te fertellen oan bern, kin der wis fan wêze dat syn learlingen letter ek noch niget oan skiednis hawwe. Akky van der Veer is der in moai foarbyld fan. Letter komt Akky der wol achter dat it justjes oars siet mei Bonifatius en giet se sels op ûndersyk út en stelt de al earder neamde histoarise fragen oer Bonifatius en syn tiid. It resultaat is in hiele oare wize fan sjen op de hillige Bonifatius. Akky van der Veer skriuwt: “De tarieding op it skriuwen fan dit boek sette it byld, dat ik as bern fan Bonifatius hie, folslein op’e kop. Ik die de ûntdekking, dat Bonifatius gjin aardige Sinteklaas wie en de kerstening gjin kadootsje, mar in ûnûnkombere botsing tusken twa kultueren betsjutte, Bonifatius wie wier net de iennige, dy’t troch tadwaan fan heidenen it libben liet. Ik ha ûnder mear de brieven en de libbensbeskriuwings fan Bonifatius lêzen. Dêryn komt hy oer as in djipleauwich, moedich en rjochtlinich man, dy’t fan gjin wiken wit en gjin konsesjes docht. Mar ek as in man, dy’t de foar-kristlike godtsjinst lytsachtet en totaal gjin each hat foar de kultuer fan de minsken, dy’t er bekeare wol.”
Yn tolve haadstikjes bout Akky van der Veer har ferhaal oer Bonifatius en syn tiid op en de skriuwster komt mei gâns histoarise feiten en feitsjes. Hiel edukatyf is ek de tiidtafel dy’t yn it boekje opnommen is, moai dúdlik en oersichtlik. It boek fan Akky van der Veer liket my poer geskikt foar it ûnderwiis ta, mar it is yn dy sin gjin toar en saai skiednisboekje wurden. Akky van der Veer wit as ervaringsdeskundige hoe’t minsken boeit wurde moatte foar it ferline. Mei ferhalen!
Henk van der Veer
Akky van der Veer, ‘Bonifatius en syn tiid’, útjouwerij Bornmeer. Priis €11,50
Sneeker Nieuwsblad, 25.10.2004
|
 |