pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Trije bestsellers bundele yn 'e Merkel Rige

Trije bestsellers bundele yn ’e Merkel Rige


DE HOMMERTS- Ofrûne maitiid kamen by de Friese Pers Boekerij de earste trije titels út yn de Merkel Rige. Súksesfolle titels út de Fryske literatuer, dy’t al inkelde jierren net mear leverber wiene. Koartlyn is der in nije searje fan trije bestsellers útkommen: ‘Thús is de maggi op’, fan Hylkje Goïnga ( 1930-2001 ); ‘Feroaring fan lucht’, skreaun troch Rink van der Velde ( 1932-2001 ) en ‘It wrede foarjier’, fan Durk van der Ploeg. It binne stik foar stik sober útjûne pocketboekjes, foar in skaplik pryske.

It omkaft fan Hylkje Goïnga har ferhalebondel ‘Thús is de maggi op’, is gelyk as it oarspronklike wurk dat in earste printinge yn septimber 1981 belibbe. It is in fraai omslach fan in wat mankelyk útsjende frou dy’t troch it rút fan in treinkûpé de wrâld yn stoareaget.
It titelferhaal is ien fan de 22 koarte ferhalen dy’t yn dizze bondel opnommen binne en wêrby’t Martha in wichtige rol yn spilet. Martha sil in pear dagen op’en paad mei har eptige freon Marc, mar krekt as it hiel romantys wurde sil, sjit har yn it sin dat se fergetten hat nije maggi te keapjen, dat krûdige spul dat alle wat pittiger makket. Ynienen is har hiele aventoer oer en se giet werom nei har wat noartlike man Jaap, dy’t it ivich en erflik drok hat, op ’e tiid ite wol en perfoarst net steurd wurde mei as er nei de televyzje sjocht. Wol faker besiket sij út’e sleur wei te kommen en krijt dan baantsjes dy’t har net lizze of set krûdnageltee dêr’t alle oare húsgenoaten fan grize. Mei Martha is it altyd yn’e war. Humor, nuvere fynsten en in maklike hân fan skriuwen foarmje de hoekstiennen fan dizze nijsgjirrige, meislepende tragikomise ferhalen. De ferhalebondels ‘Thús is de maggi op’ en ‘In superman fersûpt net’, makken Hylkje Goïnga bekend by in grut publyk. De novellen ‘Frijende kikkerts’ en ‘Nei it park’, binne oare hichtepunten út har wurk.

‘Feroaring fan lucht’, fan Rink van der Velde mei in échte bestseller neamd wurde. Yn’e rin fan’e jierren binne der mar leafst 34.000 eksimplaren fan it boek ferkocht. Yn de neisimmer fan 1971 ferskynde de earste printinge fan dizze roman. It duorre sawat in jier ear’’t it Fryske lêzerspublyk foar it ferstân krige, dat it in bysûnder boek wie. Mar doe wie it ek net mear te hâlden, de iene nei de oare werprintinge kaam út. De 13de printinge dy’t yn 1990 ferskynde en yn’e nije stavering set waard wie yn dy sin bysûnder omdat de skriuwer de skeanprinte haadstikken, de saneamde eksplikaasjes dêr’t hy kommintaar yn leveret, opnij skreaun hat en oanpast by de aktualiteit. Dizze Merkel Rige-útjefte is basearre op dy 13de printinge.
It omkaft fan dizze ‘Feroaring fan lucht’, in foto fan Sjoerd Andringa, fyn ik gâns minder as de pintekening dy’t yn 1944 makke is troch Jan Planting. Op dy tekening, dy’t op eardere útjeften bylket, is it hûs fan Durk Snoad, de haadpersoan fan it ferhaal te sjen. De skets dy’t Rink van der Velde yn syn Durk Snoad-ferhaal jout fan in tige op syn frijheid stelde húshâlding, dy’t út in ûnbewenbere ferklearre wente by it Alddjip wein nei de nijbou yn Drachten ferhúzje moat is legendarys. It sil benammen de humor en de irony wêze dy’t in soad lêzers sa oansprekke. Durk Snoad is frij, libbet ticht by de natuer en giet hielendal syn eigen gong.

‘It wrede foarjier’, fan Durk van der Ploeg ( 1930 ) kaam yn 1994 foar it earst út. ‘It wrede foarjier’, is it twadde diel fan de saneamde Dongeradielsyklus: fjouwer romans dy’t de Twadde Wrâldoarloch en de ferwurking dêrfan as ûnderwerp hawwe. ‘De Jacht’ ( 1988 ) ; ‘Reis nei de Kalkman’ ( 1995 ) en ‘It lekken oer de spegel’ ( 1995 ) binne de oare titels yn dizze searje.
Yn ‘It wrede foarjier’ giet skriuwer Durk van der Ploeg op’e nij werom nei Ealsum. Op’e nij omdat de roman ‘De Jacht’ yn deselde omkriten fan Dokkum ôspile. Yn de lêste oarlochswinter dogge de Dútsers in ynfal op’e Hûnepleats te Ealsum. Trije minsken komme dêrby om it libben. Troch in Ingelse kûgel dy’t nea ôfgien is. De skoaljonge dy’t in rol yn it ferhaal spilet, sjocht fyftich jier letter op dy tiid werom, fol skuldgefoel. Van der Ploeg beskôget ‘It wrede foarjier’, as syn bêste boek. Troch de útwurking fan de literêre tematyk, de byldzjende taal en de fernimstige komposysje is ‘It wrede foarjier’ yndied in hichtepunt yn it omfangrike oeuvre fan Durk van der Ploeg. It omslach fan dizze útjefte, in foto fan in glimkjende kûgel, fyn ik tige kitsch.

Henk van der Veer


Hylkje Goïnga ‘Thús is de maggi op’, ferhalebondel; ‘Feroaring fan lucht’, fan Rink van der Velde en ‘It wrede foarjier’, fan Durk van der Ploeg. Alle trije útjeften binne ferskynd yn de Merkel Rige en útjûn troch de Friese Pers Boekerij. Priis: € 8,75 it dieltsje.


Sneeker Nieuwsblad, 13.12.2004
 
 
<< terug