pers > op'e planken > detail
Resnsy fan Henk van der Veer
Bogerman Bigband: 'Funkin de Blues...'

Bogerman Bigband: Funkin de Blues


Henk van der Veer


Oane ein fan s petear oer de Bogerman Bigband hat muzikaal lieder Anne Oosterhaven(46)
noch in fersyk oan mij. Ast dit ferhaal skriuwst, wolsto dan hiel bewust efter yne holle hlde dat de Bogerman Bigband fan de bern is en net fan my. It is foar my hiel wichtich om altyd wer goed nei foaren te bringen dat it harren orkest is. Of op syn moaist s orkest!

De Bogerman Bigband is it skoalleorkest fan skoallemienskip Bogerman t Snits en bestiet no tweintich jier. Koartlyn kaam der in CD/DVD fan de populre bigband t: Funkin de Blues.

Dat de bigband no earst har debt- CD/DVD op de merk bringt hat sa syn reden.
Anne Oosterhaven: It kloppet dat dizze CD pas s earste skiif is. Yn al dy jierren woene wy net in CD meitsje. It kostet in hiel soad tiid en wy geane t fan it stnpunt dat de Bogerman Bigband der is om op te treden. It meitsjen fan in CD is ek in kostbere saak en wat ek in reden wie om net earder in CD te meitsjen is dat der elk jier wer in nij orkest sit. Lykwols mei it each op s tweintich jierrich bestean hawwe we besletten dat it dochs mar wze moatst. Wy binne der krapoan twa jier mei dwaande west. Teksten skriuwe, komponearje, arranzjeminten meitsje en repetearje. Ldsopnamen meitsje, mikse en bewurkje, dat allinne al wie dagen wurk! Doe fideo-konsertopnamen meitsje, fideoklipscenarios skreuan, opnimme, monteare. En drnei it lange proses fan de einfase, it klearmeitsjen fan de CD en DVD. Fan begjin f oan hawwe wy der foar keazen om it hiele proses safolle mooglik sels te dwaan. Oane iene kant as learproses, mar ek om finansjele redenen. In man dyt hiel belangryk west hat by it ta stn kommen fan de CD is Johan Velthuis, hy is in eks-bandlid en fstudearre oane Hoge School voor de Kunsten yn Utrecht. En wat soe der fan de fideo terjochte kommen wze at Jeroen Deen en Eddy Huisman der net west wiene? Trouwens it pr-wurk fan kollega Jos van der Zwan en Paul van Goor moat ek perfoarst neamd wurde by dit projekt. It is dus beslist net samar wat, san CD/DVD. Der komt hiel wat foar te sjen, sa hawwe der twa lichtingen Bogerman Bigband mei dwaande west.

De presintaasje fan de CD/DVD hat op 16 maaie plakfn en it hiele projekt hat hiel wat publisiteit opsmiten, benammen de tongtterij tusken twa fammen yn de muzykklip helle de parse. Anne Oosterhaven oer dizze ofaalende passaazje yn de klip: Ik woe simpelwei net it safolste standertklipke by in leafdesfers ke meitsje en haw doe keazen foar ttsjende meiden. Mear net.

Twa dessenia lyn waard de Bogerman Bigband oprjochte. Anne Oosterhaven oer it begjin fan de bigband:

Doet ik hjir goed tweintich jier lyn begn as learaar oan skoalle, wie der al in ferneamd famkeskoar nder lieding fan Bob Pruiksma sr. Dat ik moatst mei wat oars komme. Op myn sechtsjinde seach ik ris in Amerikaanse Highschool Bigband optreden. Dat makke grutte yndruk op my. Dat wol ik letter ek, tocht ik doe fuort. Yn de jierren 85 oant 90 joech ik ek les oan it konservatorium fan Ljouwert. Metodyk fan de lichte muzyk. Hoe kinst muzykles jaan mei pop- en jazz-muzyk. Dat brocht ik op it Bogerman yn praktyk. Tegearre mei kollega Jos van der Zwan, bin ik tein setten mei it organisearjen fan it Bogerman Bigband Festival. Njonken beskieden optredens op strjitte en op skoalle wie it Festival de earste jierren it grutte poadium drt wy dan san hiel jier foar oefenen. En dat wie en is bst bysnder. In middelbare skoalle mei in eigen orkest. En wy hawwe yn de rin fan de jierren in eigen ld krige: Rock-, jazz en funkmuzyk mei in hiel soad blazers. In standert bigband hat trettjin blazers, de Bogerman Bigband mar leafst 25!

De seleksje fan al dy Bogerman Bigbandleden fynt yn septimber plak. Anne Oosterhaven oer hoet der selektearre wurdt:

Alle jierren binne der oan it begjin fan in nij skoallejier san rchwei seis oant tsien plakjes beskikber foar nije muzykanten. Wy sjogge nei fjouwer saken. It nivo, en dat is ornaris it b-diploma as basisnivo. De leeftyd. Wy wolle net allinne lderejiers learlingen hawwe. Want dan soene wy alle jierren mei in folslein nei orkest starte moatte en dat sjit net op. De trochsneed leeftyd fan s orkestleden is 15 jier. Dan sjogge we dat der in bytsje in lykwicht is tusken jonges en famkes. En as lste, en net nbelangryk, passe de nije leden wol yn de groep. Hiel faak hawwe de sittende leden al jongere talinten op de korrel.

Wat ienkear by de Bogerman Bigband sit, is der noch net. Alle wiken oefent de band in oere, soms nder skoaltiid, mar fst op woansdeitemiddeis, it achtste oere. It orkest giet ek regelmjittich yn de baas syn tiid op toernee. Der binne neffens Anne Oosterhaven noch nea problemen oer makke. Ek de gearwurking mei de muzykskoallen en de korpsen binne goed. De muzikale lieder oer dy kontakten:

Hast alle bern dyt yn de bigband spylje hawwe les of les hn op de muzykskoalle. Ik ken de measte muzykleararen en wy prate sa t en troch ris oer de learlingen. Wy wurde regelmjittich frege om op donateurskonserten it programma nei it skoft te fersoargjen. En dat dogge wy dan graach. Fansels is der wolris wat spanning, benammen mei de korpsen. As learlingen op in jn sawol mei it korps as mei de Bigband optrede moatte. Mar mei wat geven en nemen, komme wy der altyd t. Wat ik ek hiel aardich fyn, is dat saksofoandosinten fan de muzykskoalle fan Snits en omkriten wolris as solist meidogge by optredens. Hiel ynspirearjend foar de leden!

Not de Bogerman Bigband syn tweintich jierrich jubileum fiert is it ek wol in gaadlik momint om ris mei Anne Oosterhaven werom te sjen oer de ntwikkeling dyt hy en it orkest trochmakke hawwe.

Alle aspekten fan it lieden fan in orkest haw ik by de Bogerman Bigband leard en twikkelje kinnen. Organisatoarysk, dirigearen, presintaasje, komponearje, arranzjearje, neam mar op. At ik dan nei it nivo sjoch, dan kin der mar ien konklzje wze: it is allemachtich omheech gien yn al dy jierren. Omdat wy hieltyd, bytsje by bytsje, yn de gaten krije wrt it by san orkest om giet, kinne we it nivo noch altyd op in heger plan bringe. En hjirby wol ik mei klam opmerke dat de rol fan myn kollega Bob Pruiksma jr., sawol op muzikaal md as bassist en as mede-orkestlieder, fan tige grutte wearde is.
Wat yn al dy jierren gelyk bleaun is, is it doel fan de Bigband. Doel nmer ien is foar s muzyk meitsje, dat stiet fier boppe oan. De pr-funksje foar s skoalle is der sndermis. It bestjoer fan s skoalle stipet s finansjeel dan ek prima. De sosiale funksje is der fansels altyd west en sil der ek altyd bliuwe. Sa hawwe wy yn de frne jierren al hiel wat optredens fersoarge yn it ramt fan goede doelen. En s orkest hat ek in spesiale bn mei ynstellings yne soarch foar geastlik handikapten.

Ta beslt fan s petear wol Anne Oosterhaven noch wol even de hichtepunten fan de frne tweintich jier oereidzje.

Ik kin net ien hichtpunt oanjaan, mar wol in tal. Yn 1994 hawwe wy nei Dresden west. Dr fertsjintwurdigen wy Nederln op in hiel grut muzykfestival, Schulen musizieren. Dr yn Dtsln fernamen wy dat wy as skoalorkest mei koene op ynternasjonaal nivo.
Ek it tsiende Bogerman Bigband Festival was in geweldige happening. Wille mei muzyk en de earste lichting orkestleden. Uteraard is it winnen fan de jazz-edysje fan it Prinses Christina Concours yn jannewaris 2002 ek in absolt hichtepunt yn de noch jonge histoary fan it skoalle-orkest. En dan haw ik it noch net iens oer al s btenlnse trips hn. We binne oeral west, yn Belgi, Ingeln, Denemarken, Noarwegen, Dtsln, Frankryk. En dat sil yn de takomst net oars wurde. In protte optrede, yn binnen- en btenln. En dr draait it by de Bogerman Bigband om. Optrede.


De Moanne, 01.06.2004
 
 
<< terug