pers > op'e planken > detail
Resęnsy fan Henk van der Veer
Eppie Dam : ' Ik bin blykber in literęre omnivoar'

Eppie Dam: “ Ik bin blykber in literęre omnivoar…”


Skriuwer Eppie Dam (1953) út Balk kin him in libben sunder skriuwen net foarstelle. Hij hat in net te kearen ferlet om dingen űnder wurden te bringen. “Dingen yn mysels en om my hinne wol ik helder ha”, sa seit de Balkster skriuwer/űnderwizer. BOEK gie op besite bij Eppie Dam en bedarret by de skriuwer yn it geitehok.

Lykas by in soad skriuwers it gefal is, hat dizze auteur ek in eigen skriuwplakje.

Eppie Dam: “Ik skriuw yn in hokje dat Coby ( de frou fan Eppie, hvdv) yn ’e skuorre foar my ôfskette hat. Sa’t wy eartiids yn ’e Noardeastpolder tegearre geitehokken timmeren: mei platen en âlde doarren. It is it iennichste plak yn ’e hűs dęr’t ik smoke kin. Myn stâl is 2.00 by 2.50. Dat klinkt wat earmoedich, en dat is it ek wol, mar ik doch der fierder net sneu of romantys oer. Der passe twa buro’s, in stoel en in computer yn – klear. Ik skriuw alles mei de tekstferwurker, ek gedichten. It idee dat gedichten inkeld mei de pinne makke wurde kinne, bin ik al lang fanôf. Ek dat is romantyk. Allinnich oantekens foar in boek doch ik wol wer mei de pinne. Dęr nim ik dan in kasboek of in dummy foar.”

Dęr yn ‘it geitehok’, skriuwt Eppie Dam alle dagen, meast fan jűns tsien oere oant nachts healwei twaën. Yn’e fakânsjes en yn’e wykeinen skriuwt er ek oerdei, mei útsűndering fan de sneonen, want dan ferruilet er it wite wite printpapier foar de griene fuotbalfjilden. “Teminsten salang’t der gjin keunstgers op leit.”, sa lit sportleafhawwer Eppie Dam witte. Hoe sit it eins mei Dam syn fassinaasje foar de sport? Kloppet it dat der in boek, yn de Vita-rige, fan syn hân ferskine sil oer Abe Lenstra?

Eppie Dam: “Myn fassinaasje foar sport yn it algemien, en foar fuotbaljen yn it bysűnder, is mei de jierren aardich bekommen. Ik ergerje my dea oan alle kommersje en oan it opfokte gedrach fan spilers en publyk. It praat en de hâlding fan dy blagen fan it Nederlâns elftal. En net allinnich dęr, want sjochst it oeral. Mar fuotbaljen bliuwt op himsels in prachtich spultsje. Doe’t ik hearde dat Bornmeer foar jonge lęzers in rige opsette woe mei portretten fan bekende Friezen, like it my aardich ta en skriuw dan wat oer Abe Lenstra. Ik ha my sels oanmeld, mar dat hie achternei net hoegd. Louw Dijkstra ( fan Bornmeer, hvdv ) hie my al op syn listje stean: foar Abe. It spannende oan de rige is de bedoelde mingeling fan feit en fantasy, al makket dat it ek wer lestich. Kinst der net samar wat hinne skriuwe.
Trouwens skriuwe foar bern freget in oare oanpak as skriuwe foar folwoeksenen, sawol ynhâldlik as kwa taalgebrűk. Dochs fyn ik it in útdaging om in berneboek te skriuwen dat ek nijsgjirrich is foar âldere lęzers. Op Dingeman krijt wjukken ha ik likefolle reaksjes hân fan grutten as fan bern. It is in boek dat op meardere nivo’s lęzen wurde kin: elk hellet syn eigen dingen derút. Ik fyn dat grinsgebiet tusken grutminskeliteratuer en berneliteratuer wol hiel nijsgjirrich. Meikoarten komme myn oersette en foar bern bewurke bisteferhalen fan Anton Koolhaas út. Dy ferhalen binne dúdlik skreaun foar grutten, mar it docht bliken dat se – mei wat oanpassingen – ek jonge lęzers boeie kinne. De bern fan myn groep 8 fűnen se yndrukwekkend. Wat ik mar sizze woe, meitsje net te gau in skieding tusken jong en âld, en lűk de grinzen net te skerp.”

Net in skerp űnderskied tusken literatuer foar folwoeksenen en foar bern. Mar hoe sit it mei it ferskil tusken it skriuwen fan proaza en fan poëzij?

Eppie Dam: “Underskied tusken proaza en poëzij is net altyd maklik te meitsjen. By guon skriuwers rinne de sjenres yninoar oer. Ik fiel wol dat ik by dichtsjen oare boarnen oansprek, kwa ideeën en kwa taal. It is in oare hâlding, krekt as sit ik op in oare stoel. Lange jierren lyn wie dat letterlik sa. Dan hie ik by de grutte tafel fjouwer stuollen, foar elk sjenre ien: proaza, poëzij, berneboeken, lieten. Lieten en poëzij is net itselde, al kin in liet noch wol poëtys węze.
En wat ik it leafst doch? Ik ha wol tocht dat berneboeken skriuwe myn foarkar hie. Mar letter tocht ik itselde wer fan columns. Uteinlik is poëzij it sjenre dęr’t ik leau’k noait los fan komme sil. Achternei hie ik my dęr wol ta beheine wold, mar de tiid dat ik foar ien sjenre kieze koe leit achter my. Ik bin blykber in litęre omnivoar.”

Yn it neijier sil der fan dizze literęre omnivoar, by ‘De Oare útjouwerij’ in nije dichtbondel ferskine: ‘Neigeraden it noarden’. Yn it Frysk, en dat is eins hielendal net sa fanselssprekkend, omdat Eppie Dam yn it Pomsters grutbrocht is. Eppie Dam oer it brűken fan taal:

“Do hast gelyk, ik bin grutbrocht yn it Pompsters, mar ik praat it mar sa’n bytsje, dat it al suver net mear oanfielt as myn earste taal. Ik ha der ferline jier noch al it ‘Pompster folksliet’ en in psalm yn skreaun. Fierder behein ik my ta Frysk en Nederlâns. Liturgise lieten skriuw ik makliker yn it Nederlâns, by de oare sjenres foldocht it Frysk my better. It Frysk is foar my in oanlearde taal, mar yntusken is de taal my hielendal eigen. Gedichten komme gewoan yn it Frysk.”

It publisearjen fan boeken en bondels bliuwt foar Eppie Dam noch altyd wichtich, mar folle minder as west hat. It is foar him net mear in absolute must dat der alle jierren in boek fan him ferskine moat. Of sa’t er sels seit: “ Ik bin minder ambisjeus wurden, en it giet sűnder my wol troch. As ik net mear publisearje soe, soe ik likegoed noch skriuwe, sij it dan wol minder.”

It bringt ús by de fraach hokker kant it mei de Fryske literatuer út moat. Eppie Dam hat der wol in miening oer, lykas er ek wol wat sizze wol oer de skriuwers dy’t in generaasje jonger binne as himsels.

“De Fryske literatuer moat de kant út dy’t it útgiet. Je kinne wol dingen planne en beprakkesearje, mar úteinlik moat it komme fan de skriuwers. Dy geane allegear har eigen paad, en dat smyt mei-inoar in macht oan moaie en minder moaie boeken op. Ik leau yn ’e beweging fan űnderop, fan binnenút. Dęrneist moat der fansels romte bliuwe foar planmjittige projekten. Wat dat oangiet ha der de lęste jierren, ek by útjouwers en redaksjes, aardich wat inisjativen west.
It tal echt jonge skriuwers hâldt op ’t heden net oer, mar dat hat faker de klacht west. Hoechst ek net altyd nei leeftyd te sjen. Mei Koos Tiemersma, Elske Schotanus en Abe de Vries hat de Fryske literatuer der samar wer trije talinten by. Boppedat is Abe goed dwaande mei Farsk. Hy hat ideeën, sit fol enerzjy en wit skriuwers fan űnderskate generaasjes te stimulearjen. Begjinnende skriuwers treffe by Farsk gjin drompel oan, dat wa wit wat dęr noch út komt.”

Ta beslút fan dit petear.Wat sjocht Eppie Dam as de grutste problemen fan’e Fryske literatuer?

“As ik my behein ta de berneliteratuer, ha ik de yndruk dat de lęskultuer fierder oan it ferdwinen is. Bern ha it drok mei fan alles en noch wat, de tiid is flechtiger wurden, en de ręst om in boek te lęzen is der net mear. Dat is fansels in algemien ferskynsel, mar foar it Frysk komt de klap noch krekt wat hurder oan. De bern dý’t dan noch lęze, krije earder in Nederlânstalich boek, want dat lęst faak wol sa maklik. Guon berneboekeskriuwers realisearje har te min dat it Frysk dat se brűke, de measte bern hjoed amper noch wat seit. It begrip fan it Frysk giet hurd achterút. It soe dwaas en funest węze om ús dęr hielendal oan oan te passen, mar skriuwe as wie der neat te ręden is it oare utertste. Ik sil de wurden sels net samar brűke, mar wat besielt guon sjueryleden fan de Simke Kloostermanpriis om ‘fet’ en ‘cool’ út Fryske berneboeken hâlde te wollen. Yn watfoar weareld libje sokken, tink ik dan.”








BOEK, 01.09.2004
 
 
<< terug