pers > op'e planken > detail
Resnsy fan Henk van der Veer
Frysk yn Japan

Frysk yn Japan

Henk van der Veer


Fan emeritus professor Hitoshi Kodama is dit jier in Frysk-Japansk wurdboek tkommen. Earder, yn 1992, publisearre de Japanske taalgelearde al in Fryske grammatika yn it Japansk. Gench reden om (e-mail-) kontakt te sykjen mei de professor oer it Frysk yn Japan.

Doet ik de earste kear in mailtsje fan Kodama krige, wie der yn in flits even de eangst dat it in mei in firus besmet berjocht wze soe. De Japanske tekens binne foar my net trochsneed, en ik fertroude it mar heal. Foaroardielen, sa soe bliken dwaan. Neat mei de digitale post fan Kodama te rden. Ik mailde de Japanske taalwittenskipper yn it Frysk en krige yn it Ingelsk antwurd fan him werom. Ut dy antwurden die bliken dat Kodama myn fragen goed begrepen hie. Lykwols de mailtsjes fan de prof lieten wol hiel lang op har wachtsje. En krekt doet ik de einredakteur fan dit bld maile soe, dat ik der fan fseach om in artikel oer Frysk yn Japan te skriuwen, kaam der wer in mailtsje t Azi: My answer has been delayed so much. My computor broke down

Dat ferklearre in soad. Yn itselde mailtsje joech Kodama lykwols ek oan dat ik de airpost mar goed yn de gaten hlde moatst. En sa barde it, dat ik mids july in slf beplakt mei fleurige Japanske fgeltsje-postsegels mei hjiryn alle ynformaasje dyt ik oan de professor frege hie fan it kokosmatsje krije koe.

Oer syn nderfining fan de Fryske taal skriuwt de 73 jierrige Kodama it folgjende:

Goed fyftich jier lyn wie ik in universiteitsstudint. Ik studearre yn Tokyo, de Ingelske literatuer en taal. Ik wenne in lzing oer de histoarje fan de Ingelske taal by. De dosint, dyt letter myn learmaster waard, fertelde dat de Fryske taal de neiste taal fan de Germaanske talen is. Dat wie foar my in tige grutte ferrassing, want ik tocht dat de Dtske taal de meast neiste taal fan it Ingelsk wie. De fermelding troch him ynspirearre my wakker. Ik begriep dat de Fryske taal yn Frysln sprutsen waard, ik koe net witte hokker folk de taal spriek, hokker beskaving se hawwe en hoe besibbe de taal oan it Ingelsk is. It wie tige spitich dat men om my hinne gjin kunde hie fan de taal en ik gjin boeken boeken fine koe. Snt dy tiid is myn winsk om mear oer de taal te witten yn myn geast bleaun.

Yn 1891 wie ik in jier yn Cambridge om ld-en middel Ingelsk te studearjen. Lokkich fn ik yn de universiteitsbibleteek twa Fryske grammatikaboeken: Phonology & Grammar of Modern West Frisian, by P. Sipma en A Grammar of the Old Friesic Language, by A.H. Cummins. In Nederlnske student, dyt Angel-Saksysk studearre, riedde my oan om nei de Fryske Akademy te gean. Twa lokkige moetings, boeken en in studint setten my oan om de Fryske taal en kultuer fierder te ferstean.

Kodama skriuwt ek oer syn earste moeting mei Friezen dyt Frysk praten, it barde yn de trein.

In pear moanne letter gong ik nei Ljouwert ta en earst besocht ik de Fryske Akademy. Underweis yn de trein nei Ljouwert kaam ik by trije famkes te sitten, dyt Frysk praten. Ta myn grutte bliidmoedichheit wiene se Friezen. Daliks besocht ik om harren in Frysk part fan myn materiaal lze te litten. Dit wie de earste kns de taal te hearren. Sels no kin ik yn myn geast yntinke hoe bliid ik mei de tspraak fan de Fryske taal wie. Doe tocht ik hoe moai de Fryske taal is. Op e foarste stap nei myn stdzje fan de Fryske taal, woe ik graach Ald Ingelsk mei Ald Frysk fergelykje. Mar ik tocht dat it nedich is de moderne Fryske taal te ferstean. Dus ik begn de taal te learen. Sa mooglik woe ik graach in Frysk grammatikaboek en jimme taal en beskaving yn Japan bringe. Nei tsien jier hie ik in moaie kns mei de publikaasje fan myn boek Fryske grammatika yn it Japansk. Dat boek ynspirearre it Japanske folk, benammen de minsken dyt de Ingelske taal studearren. En te mear yn Frysln waard it bot, alteast dat tink ik, wurdearre.

Wurdboek

Professor Hitoshi Kodama wie jierrenlang heechlearaar oan de fdieling Ingelsk fan de Dokkyo Universiteit yn de Japanske std Soka. Al yn oktober 1992 waard Kodama op grn fan syn bysndere fertsjinsten foar de Fryske wittenskip troch it haadbestjoer fan de Fryske Akademy ta lid fan dyselde Akademy beneamd. Neidat Kodama de Fryske grammatika yn it Japansk oersetten hie, sette er t ein mei it skriuwen fan in Frysk-Japansk wurdboek.

Wrom in Frysk-Japansk wurdboek? Kodama:

Doet ik yn 1980 begn wie der neat. Ik hie wol trije wurdboeken nedich om Frysk te lzen. Frysk-Nederlnsk, Nederlnsk-Ingelsk en Ingelsk-Japansk. Troch myn wurk woe ik hawwe dat de Friezen mear respekt hawwe foar harren taal, want wier dy is tige de muoite wurdich. Ik fyn it altyd hiel aardich, at ik yn Ljouwert bin, om Frysk te praten. De minsken dr begjinne te laitsjen. Prate jo Frysk?, sizze se dan. At se hearer wromt at ik hjir bin fine se it prachtich. De Friezen binne hiel gastfrij en helpe my tige. Snder help fan adviseurs, freonen en meilzers as Anne Dykstra, Richtsje Miedema, Koen Zondag en frou Atema, drt ik altyd tfanhze, soe ik dit wurk net dwaan hawwe kind.

Tony Feitsma, professor emerita Frysk yn Amsterdam, hat in foarwurd yn it koartlyn ferskynde wurdboek Frysk-Japansk skreaun. Feitsma skriuwt hjiryn under oaren it folgjende:

No, goed tsien jier letter, yn 2003 ( twa jier nei syn emiritaat yn 2001 ), hat prof. Kodama it material klear lizzen foar in Frysk-Japansk wurdboek mei likernch 22.300 lemmata, mei droan taheakke in Japansk-Fryske wurdlist fan san 8.000 lemetta. Drmei is der yn ien klap ( of better sein mei twa boeken ) in grnslach lein foar in folwoeksen beoefening fan it Frysk yn Japan. Meit myn kennis fan it Japansk net oerhldt, ha ik benammen sjoen nei de Fryske kant fan Kodama syn grammatika en wurdboek. Krekt yn dy oansluting fan it Frysk op it Japansk sil foar Kodama by syn wurk ek de grutste swierrichheid sitten ha. De grammatika liket in einhinne op tradisjonele grnslach boud te wzen en sil drtroch- mei it wurdboek- tige gaadlik wze ek foar Japanners dyt har as begjinners it Frysk eigen meitsje wolle.

Uteraard haw ik de Japanske professor ek frege oft it dreech wie om in Frysk-Japansk wurdboek te meitsjen. Dit is syn antwurd:

Fansels binne der gns ferskillen, benammen kulturele ferskillen drt ik tsjinoan rn. Sa hat it Japansk twa wurden foar it Fryske wurd hier. Hier ope holle hjit by s yn Japan oars as hier ynt krs. By jimme is it allebeide hier. Ek by in wurd lykas hert. Wy hawwe oare wurden foar de fysike en de gefoelsmjittige betsjutting. Wat ek hiel lstich is, is de tspraak fan twa- en trijelden yn tiidwurden as priuwe-preau-preaun en bliuwe-bleau-bleaun. Dy klanken hawwe wy simpelwei net yn it Japansk.
Trochdat it wurdboek no f is, kin ik dan lang om let gewoan begjinne te lzen yn it Frysk. Literatuer yn it Frysk, liket my moai!

At ik de professor in tip jaan mei, dan soe ik begjinne mei In hs fol ferhalen fan Mindert Wijnstra. Dat boek waard yn 1996 troch tjouwerij Kaisei-sha yn Tokio tjn yn it Frysk. It hs fol ferhalen waard oerset troch frou Yukiko Kobayashi. Se die dat op basis fan de Ingelske oersetting, dyt spesjaal foar dat doel makke waard troch Paul Biestra.


De Moanne, 01.09.2004
 
 
<< terug