pers > op'e planken > detail
Resnsy fan Henk van der Veer
Eigensinnich itensiedersboek Ids Willemsma

Eigensinnich itensiedersboek Ids Willemsma



DE HOMMERTS- Bst minske-iten, is de titel fan in wat eigensinnich itensiedersboek fan Ids Willemsma. It kreas tjne boekje, 88 siden , fan byldzjend keunstner en skriuwer Ids Willemsma is tjn troch Venus, yn de rige VenusFaritee. It is t noch yn gjin trochsneed itensiedersboek mei resepten of wat dan ek. Ek gjin moai stillearre fotos mei skalen fol mei mei eksoatys iten. Nee, houtskoaltekeningen fan Ids Willemsma yllustrearje de koarte ferhalen.

Eins is it in ferhalebondel mei ferhalen t de wrld fan Ids Willemsma en yn dy wrld is iten wichtich, mar ek oare dingen. Dy oare dingen binne byldzjende keunst, skriuwen en dichtsjen. Mar ek it fytsen, it reedriden, it silen. De fgels, geiten en hinnen. It plattelnslibben. De bondel is gearstald t ferhalen mei resepten dyt Ids Willemsma publisearre yn De Strikel ( 1987-1989 ) en yn Frysk en Frij ( 1996- 1997 ).
Ids Willemsma hat in hiele noflike styl fan skriuwen, it komt allegear tige direkt op de lzer oer. Hjir en dr hawwe Ids syn stikjes wol wat fan dachboekfragminten. Ik wol soks yllustrearje mei it jaan fan san stikje karakteristyk Willemsma-proaza.

Jaap soe oankomme om wat seildoek op te heljen dat oer bleaun wie fan it keunstwurk op e helling yn Warkum. Hy wie hjir moai op e tiid, dat earst mar even in slach troch de wurkpleats en Boate de Munsterlander wol der om fiif oere ek al lang wer t, foar him is it seis oere, dy ferrekte winter-simmertiid is neat foar in hn. Hy dangelet mar om s hinne, dat wy kuierje mar even nei de seedyk.
Op e weromreis pluk ik even wat tkjes dille t myn tn. Boate kriget syn brokken en ik begjin te woartelskjinmeitsjen en te jirpelskilen. De woartels snij ik yn lange fearntsjes en net te tsjk. Yn e lange fiskpanne doch ik twa fynsnijde sipels, in hnfol woartelstikjes, in snjitter jittik en in pear bljonblokjes. Dat sied ik in setsje, dat sipel en woartel hast nch binne. Yntusken sitte de Fryslanners en de woartels allang yn e hegedrukpanne. En yn in lyts pantsje doch ik in snjitter oliifoalje en wat sinneblomoalje. Ik meitsje dat hyt en doch der in flinke ytleppel blommoal yn. Mei de klopper rier ik it spul trochinoar en jit der dan in protsje spe troch; sadat it in moaie fiskositeit hat.Op it lste momint rgelje ik der dan in hantsje mei fyn snien dillegrien troch hinne; ik lit it noch even prottelje en as lste komt der noch in lyts skoatsje prmesjerp yn, dat je net echt priuwe, mar de soerstip wol lekkerder makket.

Yn ferhaalfoarm jout Ids Willemsma hjir dus it resept fan in orizjinele soerstip. It hie miskien wol aardich west en jou achter yn it boekje de respten nochris skematys wer. De skriuwende itensieder hat der lykwols net foar keazen.

De measte itensiedersferhalen geane oer it tameitsjen fan streksum iten, ek iten dat de moderne minsk faaks net mear alle dagen op it board krijt. Tusken de rigels troch lit Ids Willemsma goed merke dat syn foarkar net nei junkfood tgiet. Dat komt moai nei foaren yn it ferhaal Gjin patat, frikandel en magnum foar de patatgeneraasje. Yn dat ferhaal komt der in jonge, Sander, bij de keunstner te iten. Yn t foar hat Ids Willemsma al eefkes ynformearre nei Sander syn kulinre foarkar. Dat telefoanpetearke giet sa: Moai sa. En dan no de griente
Gjin koal. Hokker net? Sander mei gjin reade-, wite-, savoaie-, griene- en boerekoal en likemin sprtsjes. Sla meik wol en sat ik sei appelsmots, en spinaazje en reade biten. Hartstikke moai jong. En meis wol ierappels? It leafst bakte of patat. It leafst sa dat je net sjen kinne dat it ierappels binne, tink. Sander laket wat. Meist wol in kroket of in frikandel of in oare lekker fette snack? Oja!! Ik sjoch it wol, do bist in sne iter. Ik sil der om tinke. Oant woansdei.
Hearlik dy sinise ndertoan!
Der steane meiinoar tritich koarte ferhalen yn de bondel. Krekt as by iten is it net oan te rieden alle ferhalen yn ienkear op te iten. Dan soe it wolris tefolle fan it goede wurde kinne. Lykwols dizze ferhalen fan Ids Willemsma lizze net dreech op e mage en smeitsje bst gench. In hiel aardich kadoboekje foar nder de krystbeam!
De figurative houtskoaltekeningen binne yn al syn ienfld moai en ddlik werkenber as echte Ids Willemsmas. It foeget wat ekstras ta oan dizze bondel.

Henk van der Veer

Ids Willemsa, Bst minske-iten, 88 siden. Utjouwerij Venus. Priis: 9,50


Sneeker Nieuwsblad, 20.12.2004
 
 
<< terug