Nije printeboeken by de Afûk
Nije printeboeken by de Afûk
DE HOMMERTS- Noch altyd komme der mear oersette as oarspronklike Frysktalige printeboeken út. Koartlyn binne der by de Afûk yn Ljouwert wer trije yn it Frysk oersette printeboeken ferskynd. ‘Stip en syn heit’, fan Eric Hill. ‘Mûske is ûnderweis’, fan Lucy Cousins en ‘De moaiste fiskfan ’e see’, skreaun en yllustrearre troch Marcus Pfister. Alle trije boekjes sjogge der tige keapsjoch út.
Fan Eric Hill binne der sa stadichoan al moai wat printeboekjes yn it Frysk útkommen. ‘Stip en syn heit’, is in saneamd kartonboekje oer de aventoeren fan it grappige hûntsje Stip. Yn it Ingels hjit Stip fan ‘Spot’, in hearlik eigenwiis hûntsje dat de grutte wrâld al boartsjendewei ûntdekt. In wrâld dy’t noch lekker tichteby hûs is. Feiligens en werkenberens binne de kaaiwurden foar it wurk fan Hill. Diskear belibbet Stip wer allegear aventoeren mei syn heit. In hast foarbeeldige hûneheit dy’t alle tiid fan ’e wrâld hat om mei de lytse Stip te boartsjen. Skommelje, fuotbalje, draakjefleanen, eintsjes bôle fuorje, nei it strân ta en foar it sliepen in ferhaaltsje foarlêze. It is allegeare tige harmonieus. En sa heart it neffens my ek yn boeken dy’t ornearre binne foar de alderjongsten. Sa’n boekje sil ek kear op kear foarlêzen wurde kinne, want de werkenning sil grut wêze. Mear tekeningen as tekst, it byld is noch hiel wichtich foar de pjutten. Al mei al in útnoegjend printeboekje yn heldere kleuren.
‘Mûske is ûnderweis’, fan Lucy Cousins is al wer it tredde Mûskeboek dat yn it Frysk ferskynd. Earder kamen by de Afûk al út ‘Mûske en har freonen’ en ‘Mûske sil te kampearen’. It binne stik foar stik boekjes dy’t beukers oansprekke. Fansels net yn it lêste plak troch de spannende flapkes yn it boek. Ek dizze nije oersette ‘Mûske’, is wer in ferrassingsboek. Achter elk flapke mei in fraach sit in antwurd ferskûle. It tema fan dit boek is ‘ferfier’. Hieltyd wurdt frege hoe’t der reizgje wurde kin. Mei in ballon, op’e trekker, op’e slide, mei de auto, op it skateboard, mei de bus. En kear op kear moatte de bern oan wa’t de fragen steld wurde, sizze hoe’t it ferfier regele wurde moat. Uteraard sille de measte bern nei in tal kearen dat it boekje foarlêzen is de antwurden dreame kinne. Mar dat makket it no just wer sa aardich. It boekje is in moai helpmiddel om de wurdskat út te wreidzjen. De fraaie tekeningen fan Cousins binne hiel oansprekkend.
Printeboeken binne der net allinne om mei bern nei te sjen en út foar te lêzen, mar it binne ek helpmiddels om it gefoel foar wat moai is te stypjen. Wat dat oangiet is it boek ‘De moaiste fisk fan’e see’, fan Marcus Pfister in juwielstje. It boek sjocht der troch de prachtige lay-out hiel moai út. Reinbôge is de moaiste fisk yn’e see. Lykwols de fisk hat ien ôfwiking, minsken oars ek net frjemd, hij is idel. En net sa’n bytsje ek. En dêrom hat Reinbôge gjin freonen, sterker noch, hy wol net iens freonen meitsje. Earst as er ien fan syn moaie skitterjende skobben weijout fine de oare fisken him aardich. Dan komt ek it besef by Reinbôge dat it belangriker is om freonen te hawwen as om de moaiste te wêzen. De werklik prachtige sidegrutte yllustraasjes fan Marcus Pfister swimme de lytse ( en grutte! ) lêzers suver yn’e mjitte. De skobben glinsterje der oer. In fantastys moai boek om te besjen en nochris te besjen!
Henk van der Veer
Eric Hill, ‘Stip en syn heit’, oersetting Hermien van der Meer Lucy Cousins, ‘Mûske is ûnderweis’, oersetting Gerda van der Wijk Marcus Pfister, ‘De moaiste fisk’, oersetting Gerda van der Wijk. Alle hjir besprutsen útjeften binne ferskynd by de Afûk, Ljouwert.
Sneeker Nieuwsblad, 31.01.2005
|
 |