pers > op'e planken > detail
Resęnsy fan Henk van der Veer
Libbensferhalen oer histoarise figueren

Libbensferhalen oer histoarise figueren in Vitarige

DE HOMMERTS- Utjouwerij Bornmeer en Stichting It Fryske berneboek binne útein setten mei in rige boeken oer grutte histoarise figueren en harren plak yn de Fryske skiednis. De searje boeken ferskynt űnder de namme ‘Vita-rige’. Vita betsjut net allinne ‘libben’, mar ek ‘it libbensferhaal’, fandęr. Der binne no twa dieltsjes yn de searje útkommen: De tsien fan Nynke fan Hichtum’ , in ferhaal oer it libben fan de bekende Fryske skriuwster ferteld yn de foarm fan brieven. En ‘Trije Sinten, trije ferhalen’, oer de libbens fan Sint Marten, Sinteklaas en Sint Piter. It earste dieltsje is skreaun troch Any de Jong, mei in bydrage fan Jant van der Weg en diel twa is skreaun troch Mindert Wynstra.


De Vita-rige is yn prinsipe ornearre foar bern, mar hiel wat folwoeksen lęzers sille ek wille belibje oan dizze edukative searje boeken. Eins soe it sa węze moatte dat lęzers gjin űnderskied hoege te meitsjen by it lęzen fan boeken. Leeftyd is fansels in relatyf begryp, en in goed berneboek sil ek troch folwoeksen lęzers wurdearre wurde. Dochs bin ik der net wis fan dat Anny de Jong har brieveboek oer Nynke fan Hichtum útlęzen wurde sil troch bern. Ik mis tefolle identifikaasjeaspekten yn dat wurk. It is allegear de stive kant it neist, net spannend genôch. By Mindert Wynstra is it allegear wat liniger, hij is in échte ferteller, ek op papier wit er it spannend te hâlden. Syn boek oer de trije hilligen, hat in fęste opset, in dúdlik stramyn. De trije ôfsűnderlike parten oer Sint Marten, Sinteklaas en Sint Piter begjinne mei in fiktyf ferhaal dęr’t betreffende hillige in wichtige rol yn spilet. It binne stik foar stik spannende en boeiende ferhalen. Anny de Jong wit yn de tsien brieven dy spanning net op te roppen. It edukative elemint leit der by Anny de Jong te tsjok boppe op, wylst dat yn de ferhalen fan Mindert Wynstra folle mear yn de stories bemongen sit.

Mindert Wynstra hat in hiele flotte pinne, sa jout er antwurd op de fraach węrom’t Sint Piter wol en Sinteklaas net yn Grou komt. Der binne twa ferklearrings foar:

“Yn it earste ferhaaltsje wurdt ferteld dat Sinteklaas en Sint Piter tegearre űnderweis wienen om pakjes rűn te bringen. Yn Jirnsum, in doarp yn’e buert fan Grou, krigen se rúzje. Se hienen de pakjes foar de Grouster bern fergetten. Sinteklaas woe doe Grou mar oerslaan, mar dat woe Sint Piter net. Dy gong werom nei Spanje en helle de Grouster pakjes op. Dat wie fansels in lange reis, dat doe’t er weromkaam mei de pakjes, wie it al febrewaris. Sűnt dy tiid fiere de Grousters it feest yn febrwaris en neame se it Sint Piter.
Yn it twadde ferhaaltsje binne Sinteklaas en Sint Piter broers. Klaas wie de âldste en doe’t harren heit stoar, krige Klaas alle rjochten. Hy wie tenei ek de baas oer Piter. Dat fűn Piter mar neat, se krigen spul en Piter naaide út nei Grou.. Dęr siet er feilich, tocht er, want der wie noch gjin wei hinne. Sels Sinteklaas kaam dęr net op pakjesjűn. Mar om’t de Grousters neat krigen, waarden se űntefreden en se joegen Piter de skuld. Dy liet dat net op him sitte en hy kocht kadootsjes foar lyts en grut. Dy joech er op syn nammedei yn febrewaris, want dan wie der toch feest fanwege it begjin fan de moaie tiid.”

Wat ik yn it boek ‘De tsien fan Nynke fan Hichtum’, de prachtige titel referearret fansels nei it bekendste boek fan de skriuwster ‘De tsien fan Martens Afke’ ( ‘Afkes Tiental’ ) moai fyn is it fotoferhaal. Neist de prachtige foto’s is in tiidstafel ôfprinten, sadat de lęzer yn ien eachopslach in goed tiidsbyld hat.
Jant van der Weg jout achter yn it boek oer Nynke fan Hichtum noch in koart oersicht fan it wichtichste oarspronklike wurk fan Fryslân’s bekendste skriuwster. Ek in listje fan neislachwurken is yn beide boeken opnommen.

De layout fan beide boeken is sűndermis fraai, űnder oaren in moaie bledspegel falt posityf op. Knap wurk Barbara Jonkers!
Hokker dieltsjes noch folgje sille, is my op dit stuit net bekend net bekend. Wol wit ik dat Balkster Eppie Dam dwaande is mei it skriuwen fan in biografy oer Abe Lenstra. Dat projekt is no healwei, sa liet de Balkster skriuwer my witte.

Henk van der Veer


Anny de Jong, ‘De tsien fan Nynke fan Hichtum’, 88 siden. Priis: € 11,90
Mindert Wynstra, ‘Trije Sinten, trije ferhalen’, 96 siden. Priis: € 11,90
Beide boeken binne útjűn yn de Vita-rige, Bornmeer & Stichting It Fryske berneboek.





Sneeker Nieuwsblad, 14.02.2005
 
 
<< terug