pers > op'e planken > detail
Resęnsy fan Henk van der Veer
Nijsgjirrige bondel oer de Fryske literatuer

Nijsgjirrige bondel oer de Fryske literatuer


DE HOMMERTS- Doeke Sijens (1955) publisearre earder de ferhalebondel ‘Nei it lân fan palmrűzjen’(1998) en ‘Sa’n tűzen blauwe skriften’(2001), in biografy fan Reinder Brolsma. Foar dy lęste publikaasje krige Sijens op 31 oktober 2002 de Fedde Schurerpriis útrikt.
Koartlyn is der yn de Doku-rige fan de Koperative Utjouwerij in nije bondel mei ‘stikken oer de Fryske literatuer’, fan Sijens útkommen. It boek hat in oansprekkende titel meikrige: ‘Douwe Kalma yn piama’.

Yn de Doku-rige “ferskine teksten fan in synjalearjend, kritysk en dokumintatyf karakter. De teksten beslane in wiid fjild: wittenskip, polityk, maatskippy, keunst, kultuer, taal en literatuer.” De stikken dy’t Sijens skreaun hat, falle dus hielendal binnen it ramt fan dizze searje boeken. It is it tsiende boek dat yn dizze nijsgjirrige rige útkomt.

De titel komt út in stik dat Sijens oer Douwe Kalma ( 1896-1953 ) skreaun hat. Douwe Kalma wie in wat Sijens dan neamt ‘besiler fan it Frysk’. Kalma skreau it toanielstik ‘Film yn Fryslân’ dat yn 1937 troch it Ljouwerter Toanielskip spile waard. Dat foar dy jierren moderne stik wie miskien net echt folksaardich, mar men koe ek net sizze dat it yn in ivoaren toer skreaun wie. Sijens skriuwt: “De oergong is ynearsten grut, it is as sjocht men Kalma yn piama, mar de metamorfoarze slagget sűnder dat er tefolle konsesjes oan ‘de keunst’ hoecht te bringen.”

Sijens is in echte sneuper, hij hat foar it skriuwen en gearstallen fan dizze bondel socht yn bibleteken, antikwariaten en argiven. Op syn syktocht fűn er nijsgjirrige njoggentjinde ieuwers, űntduts fierhinne fergetten boeken en waard befongen troch de tsjoen fan de Jongfriezen. Douwe Kalma wie de foarman fan dizze groep. Fierder kin de lęzer stikken lęze oer it wurk fan Tsjibbe Gearts van der Meulen, Waling Dykstra en J.S. van der Steegh. Skriuwers út de njoggentjinde ieu. Ek steane der stikken yn it boek oer Piter Terpstra, Obe Postma, Reinder Brolsma en Douwe Kiestra.
Węrom’t Sijens foar dizze auteurs en wurk fan dizze auteurs keazen hat, wurdt de lęzer net gewaar. Op de tekst fan it omslach stiet wol “Der is folle mear as Gysbert Japicx, de Halbertsma’s of Simke Kloosterman”.

De stikken dy’t Sijens yn dizze sober mar deeglik útbrochte bondel bijien brocht hat, binne op twa nei, earder yn it literęre tydskrift Trotwaer ( letter opgien yn de Moanne ) publisearre. Sijens hat in skoft yn de redaksje fan it literęre tydskrift sitten. Yn de bibliografise ferantwurding skriuwt de auteur dat er de teksten foar de boekpublikaasje sa út en troch wat feroare hat.

Sijens skriuwt net allinne oer ‘alde’ Fryske skriuwers, mar hij hat ek in boeiend opstel skreaun oer de ferhalen fan Hylkje Goďnga ( 1930-2001 ), de skriuwster dy’t jierren yn Snits en Ysbrechtum wenne hat. Ek foar it essay oer Hylkje Goďnga hat Sijens in moaie titel ‘betocht’: ‘In sorbet, sa heech as in faas blommen’. Yn de novelle ‘Nei it Park’ ( 1992) skriuwt Hylkje Goďnga op side 43 “Wy krigen in sorbet, sa heech as in faas blommen.”
Oer it wurk fan Goďnga skriuwt Sijens űnder oaren dit: “Hylkje goďnga har ferhalen binne reportaazjes fan it striidfjild fan it houlik en útsűnderlik troch in unyke mjuks fan humor en horrot.” En is Sijens fan miening dat it wurk fan Goďnga swier űnderwurdearre is: “Har wurk is nea goed genôch befűn foar de Gysbert Japicxpriis en dat is tige spitich. It soe it útsonderlike nivo fan har wurk nochris offisjeel űnderstreke hawwe.”
Mei dy konklúzje fan Sijens kin ik it lykfine. Sijens hat ek in reden socht węrom’t Goďnga net dy offisjele wurdearring krige hat: “De besprekken fan har wurk wienen yn hast alle gefallen posityf. By de wurdearring waard faak wiist op it ‘aparte’- fan de ferhalen. Mei dy kwalifikaasje bestiet it gefaar, dat de ferhalen nei de marzje fan de literatuer stjoerd wurde. ‘Apart’wurdt hiel gau ‘net serieus’. Mooglik komt dit mei om’t de Martha fan de ferhalen tefolle gelyk steld wurdt mei de skriuwster sels, in tige opfallende en wol wat ‘aparte’ frou.”
Dy lęste opmerking is wat partikulier en Sijens skriuwt fierder ek net węrom’t er dat fynt. Hat er Goďnga goed kend?

It boek liket my tige geskikt foar elkenien dy’t yntresearre is yn de Fryske literatuer en dan benammen foar minsken dy’t al wat foarkennis fan de Fryske literatuer hawwe. Om al de stikken fan Sijens achtermekoar te lęzen, liket my net gaadlik. Sa no en dan ris in artikel te lęzen sil de lęzer better bekomme. Foar wa’t mear oer de besprutsen skriuwers en boeken lęze wol, jout Sijens genôch ynformaasje foar fierdere stúdzje.

Henk van der Veer


Doeke Sijens, ‘Douwe Kalma yn piama’, en oare stikken oer de Fryske literatuer. Doku-rige, nű. 10. Koperative Utjouwerij, Easterein. 236 siden. Priis: € 20,--






















Sneeker Nieuwsblad, 28.02.2005
 
 
<< terug