pers > op'e planken > detail
Resnsy fan Henk van der Veer
DE GREATE WRAKSELING: JN OER FRYSKE EKSPERIMENTELEN

DE GREATE WRAKSELING: JN OER FRYSKE EKSPERIMENTELEN

DE HOMMERTS- Yn it ramt fan de Fryske boekewike, op freed 4 maart, hldt de SLAL yn gearwurking mei Utjouwerij Venus in jn oer de Fryske eksperimentelen. Oanlieding is it op e nij ferskinen fan de fersebondel De greate wrakseling fan Hessel Miedema by Venus. In bondel dyt foar it earst yn 1964 ferskynde en destiids nochal wat opskuor joech yn Fryske literre fermiddens. De bondel kaam t as bysnder nmer fan it literre tydskrift quatrebras dat snt de jierren fyftich tkaam. De Fryske eksperimentele dichters, drt Miedema ien fan wie, hawwe in wichtige en neit liket bliuwende ynfloed op de Fryske literatuer hn.

Fjouwer ynlieders, Joop Boomsma, Josse de Haan, Eric Hoekstra en Jelma Knol sille in krityske wurdearring jaan fan Hessel Miedema syn De greate wrakseling, Ella Wassenaar har Reade runen, Homme Eernstma syn Leafdedea en Fokke Sierksma syn fyzje op it klimaat drt quatrebras yn wurkje moast. Drnei sille se mei elkoar yn petear nder lieding fan Geart de Vries.
Hessel Miedema is oanwzich om it earste eksimplaar fan de werprinting fan syn bondel yn ntfangst te nimmen en hy sil inkelde fersen lze. Greetje Bijma sil de pozij t De greate wrakseling sjonge. De jn begjint om 20.30 oere yn de Essentseal fan de Harmonie yn Ljouwert.

De greate wrakseling

Wat it yn de Fryske literatuer oer de eksperimentelen hat, komt sndermis de namme fan Hessel Miedema (1929, keunsthistoarikus) tsjin. Syn namme sil ek altyd ferbn bliuwe mei it tydskrift quatrebras, dat fan 1954 oant 1968 ferskynde en wrt Hessel Miedema de driuwende krft achter wie. Yn de Hollnstalige literatuer wie Simon Vinkenoog ien fan de foaroanmannen fan dizze literre beweging. Vinkenoog jout yn it oan de De Beweging van Vijftig (1965) wijde Schrijvers Prentenboek de folgjende skaaimerken fan dizze beweging: a. het gedicht is autonomm, het woord is zowel instrument als functie; b. de dichter is meedogenloos op zoek naar zichzelf, en c. hij geeft zich ten volle aan de ruimte van het volledige leven, zowel in aardse als mystieke zin; d. het in traditie vermoorde conformis wordt genegeerd: in en dor het experiment wordt gezocht naar een pozie die niet het laboratorium, de bibliotheek, het tijdschrift, maar de mens toebehoren zou.

De greate wrakseling, is as apart nmer fan qutrebras yn oktober 1964 ferskynd. It lange fers hat te krijen mei Miedema syn krityk op en syn fskied fan Frysln. It gedicht kin op it earste nivo sjoen wurde as in frekken mei it ferline. In mienskip dyt him nei binnen keart wurdt wei, ferstiennet en stjrt f. Dit is de ynherinte krityk op Frysln. It kultuerkritise aspekt fan it gedicht is de fraach oft Fryslns perspektyf in museum is. Op it twadde nivo draait it om it skeppingsproses. De krative mins, yn it fers de byldhouwer, brekt it lde f en skept it nije. Dryn fynt er syn hldfst. Konservearjen is stilstean, is de dea. In wrld hat nije foarmen nedich. De byldhouwer, de dichter, kin dy oanrikke. Al wrakseljend wurdt wat nijs skepen. Dat mystearje snder werom te fallen op goaden en myten is d tdaging. Drmei kin in kultuer foart en yn dat opsicht is De greate wrakseling, fan alle tiden en noch modern kwa ynhld, taalgebrk en foarm.

De tjefte dyt troch Venus op e merk brocht is, is de tredde justjes bearbeide printinge. Wat mear fan Hessel Miedema lze wol, docht der goed oan syn sammelbondel Ope literaire toer (1973, Koperative Utjouwerij) te lzen.

Henk van der Veer

Hessel Miedema, De greate wrakseling, pozy mei yllustraasjes. Utjouwerij Venus.32 siden, priis 7,50







Sneeker Nieuwsblad, 03.03.2005
 
 
<< terug