Trije nije titels yn de Merkelrige
DE HOMMERTS- Op’e nij binne der trije nije titels ferskynd yn de Merkelrige fan de Friese Pers Boekerij. It binne stek-yn’e- bûs-boekjes fan suksesfolle útjeften út de Fryske literatuer, dy’t al in skoft net mear te krijen wiene. Diskear binne útjûn ‘Tiid fan libjen’, fan Willem Verf; ‘De wrâld is rûch’, fan Rink van der Velde en twa dichtbondels fan Baukje Wytsma, te witten ‘It blau fan de hortinsje’ en ‘Heech gers’.
It is al wer in moai skoft lyn dat der fan âld-Snitser Willem Verf wurk op’e boekemerk brocht is. Yn 1993 skreau er ‘De neisimmernacht fan Sjoerd en Eppy’, mar hjirnei bleau it stil. ‘Tiid fan libjen’, wie sûndermis Verf syn meast suksesfolle roman dat yn 1987 foar it earst útkaam. It boek rekke útferkocht, en is no dus wer te besetten. Ik jou hjir wer wat op de achterflap fan dizze Merkelútjefte te lêzen stiet oer it boek.
Tiid fan libjen
“ Wat hawwe dyn âlden dien yn’e Twadde Wrâldoarloch? En hokker ynfloed hat dat op dyn eigen libben? Dat binne de fragen dy’t minsken yn de roman ‘Tiid fan libjen’ harsels stelle. Haadpersoan Eelke, in wurkleaze learaar út de Fryske Wâlden, reizget yn 1985 mei in frachtwein nei Dútslân. Hy bedarret yn Sealterlân en komt yn’e kunde mei in famylje, dy’t dêr wat achterôf op in pleats wennet: de linkse en feministyske Gretchen, har soan Peter, har mem Maria dy’t geastlik yn’e tiis is en har beppe Lize. Lize hat de skuorre fan de âld pleats ferhierd oan in jongereinferiening. Mar Gretchen en Eelke ûntdekke dat it om in groep neonzai’s giet: jongeren dy’t oanslaggen tariede en treend wurde om as bysûndere kommando’s ynset te wurden yn it Miden Easten. Gretchen en Eelke komme yn aksje om dy ynset te ferhinderjen.”
De wrâld is rûch
Yn 1984 ferskynde fan Rink van der Velde de ferhalebondel ‘De wrâld is rûch’. Ek fan dizze bestseller is in Merkelútjefte makke. De kroechferhalen binne tweintich jier nei dato noch altyd goed te fertarren. Van der Velde koe minsken dy’t har ferhaal oan de taap diene mei humor en meifielen delsette yn syn koart proaza. It is net om ‘e nocht dat ek fan ‘Bokwerd for ever’ en ‘Feroaring fan lucht’, twa dieltsjes útjûn binne yn dizze Merkelsearje. Van der Velde wie in master yn it beskriuwen fan it Fryske folkslibben, benammen de ferhûdukte lytse mins, koe op syn sympaty rekkenje. Yn ‘De wrâld is rûch’, binne mar leafst 37 fan dizze mozaykjes opnommen. Oarspronklik binne al dizze koarte ferhalen skreaun foar de freedsbylage fan de Leeuwarder Courant. Earder waarden fan Van der Velde ek alris lyksoartige stikken bondele yn boeken as ‘Ien foar it ôwennen’, en ‘Stjerrende wier, heite’. Yn dizze Merkelútjefte binne ek de nostalgyske yllustraasjes fan Ies Spreekmeester opnommen. Dizze tekeningen jouwe de sfear fan de ferhalen treflik wer
Baukje Wytsma
Fan Baukje Wytsma, is ferline wike krekt in nije dichbondel útkommen ‘De dichter swijt’. Wytsma mei dan ek as ien fan de bekendste Fryske skriuwsters neamd wurde. Dat twa fan har eardere bondels no útbrocht wurde yn dizze Merkelrige seit safolle. Sa faak binne der net reprints fan dichtbondels. It earste dat my oan dizze sammelbondel opfoel, wie it omslach. Der bylket in foto fan in pôle mei snieklokjes op. En dat fyn ik apart, ommers ien fan de twa opnommen bondels hjit fan ‘It blau fan de hortinsje’. Wêrom dan net in foto fan de hortinsje? Oer it dichtwurk dat yn dizze duo-bondel fan Baukje Wytsma opnommen is, wurdt it folgjende skreaun: “ De gedichten yn ‘It blau fan de hortinsje’ en ‘Heech gers’, hearre ta de bêste fersen dy’t Baukje Wytsma ea skreaun hat. Se skriuwt oer tige werkenbere ûnderwerpen: de bernetiid op in Frysk doarp, it riedsel fan libben en dea, de gong fan de seizoenen yn de natuer en de tún. Yn har poëzy siket se nei it bliuwende yn it minsklik bestean.” Ik wol it boppesteande yllustrearje mei ien fan de fersen út ‘Heech gers’, it fers is skreaun ‘foar heit’:
De einen
Hy knibbele yn’t gers, fuorre de einen. Se kamen hieltyd tichterby en hy, in man, in bern hiel even warleas, leafdefol waard foto yn swart-wyt dy’t aloan boppdriuwt en stadich fêstlein wurdt yn skerpere kontoeren.
hy knibbele en stiek syn earmen út.
Alle trije hjirboppe besprutsen boekjes hawwe itselde formaat en binne yn ‘e boekhannel te keap foar € 8,75 it dieltsje.
Henk van der Veer
Sneeker Nieuwsblad, 20.06.2005
|
 |