pers > op'e planken > detail
Resnsy fan Henk van der Veer
Neigeraden it noarden , hertstochtlike bondel Eppie Dam

DE HOMMERTS- Neigeraden it noarden , is de titel fan Eppie Dam ( 1953 ) syn tolfde dichtbondel. It is in prachttjefte wurden, tjn troch De Oare tjouwerij fan Goaitsen van der Vliet t Enschede en foarmjn troch Gerhard van Dragt. De ynbne bondel falt net allinne op troch de histoarise skutbldfotos fan slykwurkers, mar ek troch de fbylding fan in skilderij foarop fan Jan Altink, Koopvrouw op landweg. Yn de bondel binne neist dizze foto noch twa fbyldings fan De Ploeg-skilders Johan Dijkstra en Hendrik Werkman opnommen. Ik haw selden san fersoarge bondel sjoen!

Foar my is dizze nije bondel fan Eppie Dam in ferfolch op syn ek al prachtige ferwurkingspozy sat dy te lzen is yn bondels De Pomp ( 1988 ), De sachte tufkes fan dyn Lister ( 1993 ), De hsdagen ( 1994 ) en Leaf en nuddels ( 1998 ). Yn al dizze pozy-bondels falt de direkt persoanlike toan fan de dichter op, mar nergens is dat ld sa ekspressyf en ddlik as yn dizze lste tjefte.
Dam giet it paad werom, hy herskept it ferline, syn ferline yn ymponearjende fersen, oer syn jeugdjierren op De Pomp. Dizze fersen binne mear as in oantinken oan syn bertegrn, it is hertstochtlike ( wat komt it wurdsje hert faak yn dizze gedichten foar ! ) pozy wrynt de dichter net mei ferbittering weromsjocht, mar earder mei ferwndering. Dam hat al dy jierren dat er net mear op De Pomp wennet blykber nedich hn om sa dichtsje te kinnen. Der is fstn, mar tagelyk ek wer bining, hy skammet him der net foar dat syn paradiis in betonwei wie. Syn ferline wurdt net fertsjusteremoanne, it griize fan syn jeugd wurdt ynkleure ( wat in kleuren brkt de dichter yn syn pozy ! ) troch de midlifer fan no, en dat smyt benammen byldzjende pozy op:
De altyd blinkende batsen
Twa kear deis oer wegen fan wurgens
mealde it slykfolk, oan e hals ta
yn learzens, lykmoedich de trapers:
earms op it stjoer, hannen gear
yn gebed mei de ivige
wyn oan gjin sucht te fernimmen
oft de dei foar of achter har lei.
Twa kear deis, oan it illestyk
fan de breatromp, passearden
mei stielen gesichten de fytsen,
it gldgroeven ark by de stange lns bn:
de batsen, de altyd blinkende batsen
drt him, al nei it waar, no ris in bui
en dan wer de sinne yn spegele.
Egaal is plicht syn pedaalslach,
foldien noch opstannich de mle
dyt yn modder gjin brea,
yn brea gjin modder mear priuwt.
Folk snder kjeld, snder fjoer,
it praat as in peuk op e lippen
dve, it taaiste gom fan de dagen
fan it iene wang nei it oare ta kgjend,
snder noch te witten wat yn en t klaai
de tinzen bedobben en bedjippen.
Boppesteand fers komt t it twadde skift Fan stream en sink de trage skepping ( mei 9 gedichten ). De bondel befettet noch trije parten: It gleone knypeach fan de Grundig ( 6 gedichten ); Oan it fuottenein fan de oerskreau ( 11 gedichten ) en it lste part fan de bondel hat as titel Hjoed litte fan de nacht de wynsels los ( 10 gedichten ). Under elke skifttitel stiet ek noch ris in skeanprinte fers, by wize fan ynlieding fan wat der yn it oankommende part folgt.
Eppie Dam skildert mei wurden de ienkennige wrld fan syn bertegrn, De Pomp. Bij De Pomp houdn alle uuthoekn op uuthoek te weedn. De Pomp is de alderuterste uuthoek self , skreau de dichter yn de ferantwurding fan syn bondel De Pomp. Dat die er yn it Pompster dialekt. Dizze nije bondel oer De Pomp en omkriten skriuwt Eppie Dam yn it Frysk. Troch it skriuwen yn it Frysk ( in oanlearde taal fan de dichter en hjirtroch miskyn wol sa ryk? ), nimt Eppie Dam al of net bewust fstn fan syn bertegrn. Dy klank is net bitter, ek net wrang mar wol hiel iepen en earlik:
Neigeraden it noarden

Neigeraden it noarden wint de taal oan
ntkenning en promket yn lippetsjinst
oan it hillich net-neamen de mle syn n-en.
Neigeraden it noarden krimpe de wurden
en rde har nauwerneed t it neakene
strtgat de stribbige fonemen fan de begearte.
Neigeraden it noarden klinke nasaler de nammen
en swije ome leave frede de nachten, offere
op it alter fane tonge it hert.
Neigeraden it noarden lkt it bloed
nei de einder en nadert it eachweid
it each, fan nimmensln de stille nomade.
Neigeraden it noarden komt in fgel werom
fan syn flecht, bespegelt in man
syn ferline en stapt t syn skaad wei
syn natuer yne mjitte, neigeraden
it noarden fierder fan syn doel
en tichter by syn bestimming.
Dizze fersen jouwe net allinne in byld fan it letterlike lnskip, mar ek it ynderlike lnskip wurdt yn dizze treflike pozy bleatlein. It is mear as natuerlyryk, ik wol dat yllustrearje mei it folgjende fers:
Nacht fan de baltende balgen
Net elke fgel hie it ld en bylje
wat it hert beange, net elke fearren hals
in pster swier gench om lucht te jaan
oan it ferswijde tsjuster fan de poele.
Drt yn it delgean fan de jn
de farkeleinen tuften, in reidhin
pufkes t syn koperen toeter blaasde
en op har eiln fan nwittendheid
de swan it gouden aai tbrette,
rp de reiddomp damp en dize om hoe
heger de hch nei de himel, hoe
djipper de smch fan it nln om dea.
Dizze bondel is foar my it hichtepunt yn Eppie Dam syn oeuvre en it soe my net fernuverje dat dizze bondel hege eagen smyt wanneart it giet om de Gysbert Japikspriis!
Henk van der Veer

Eppie Dam, Neigeraden it noarden, gedichten. De Oare tjouwerij, Enschede. Ynbn, 64 siden. Priis 12,50



















Sneeker Nieuwsblad, 06.07.2005
 
 
<< terug