pers > op'e planken > detail
Resęnsy fan Henk van der Veer
‘De dichter swijt’, yntime poëzij fan Baukje Wytsma

DE HOMMERTS- Fiifentweintich jier lyn debutearre Baukje Wytsma mei de bondel ‘Noch ien slach om ’e buorren’. No, in fearnsieu letter leit de nije bondel, har achtste, der: ‘De dichter swijt’. Dizze bondel is ferskynd by ‘Utjouwerij Frylân’ ( Afűk ) yn Ljouwert. De foarmjouwing is fan in jonge űntwerpster, Monique Vogelsang. In moaie strakke lay-out, dy’t modern en eigentiids oandocht.

De lęste jierren komt Baukje Wytsma sa om de fjouwer jier mei in nije dichtbondel foar folwoeksenen. Nei har debút yn 1980, kamen de folgende bondels fan har út: ‘It blau fan de hortinsje’ ( 1984 ); ‘Heech gers’( 1987 ); ‘By ljochtskyndei’ ( 1989 ); ‘In see fan wetter’ ( 1993 ); ‘Thúslűd’ ( 1997 ) en yn 2001 ferskynde ‘Kom mei in koer’. En no dan ‘De dichter swijt’.

Mei acht bondels yn 25 jier kinne wy sűndermis stelle dat Baukje Wytsma ien fan de wichtigste dichters fan Fryslân is. Wytsma lit kear op kear in eigen lűd hearre en dat lűd is werkenber. Yn de tema’s dy’t hieltyd wer weromkomme yn har wurk. De grutte tema’s wol te ferstean: de leafde, de dea, fergonklikens en de ivige striid tusken dream en realiteit.

Ek yn dizze nije bondel binne dat de tema’s, mar ek skriuwt dizze dichteres oer langstme nei harmonij en lok. En dat wyltst ek Wytsma wit dat der ferlies en gemis is, se liket de dea en alles wat fergonklik is beswarre te wollen mei wurden. It is sintúchlike poëzij, yn bylden, yn lűden en yn roken. Yn it earst skift fan de bondel, ‘De dichter swijt’, lit Wytsma sjen dat se by steat is om yn twarigels prachtige fersen te skriuwen:

Roken binne der. De wylgeroazen dy’t
nei himel geurje, karbolineum op it droege

hout, it katteliif dat rűkt nei waarme ierde,
in fleach fan kalműs, tuorrebout. De weeë

rook fan lege keamers, fan jern dat om de
Bekling wynt, de waarme bôle op de skalen,

fan raffeltou oan ’t skuorrebynt. It wiete hout
de fűgelresten, it seewier op ’t ferlitten strân,

de sâlte seewyn, sânkastielen, hy hoecht it mei gjin
mins te dielen. Wa’t swijt dy bliuwt yn hâldershân.

Yn datselde foarste part fan de bondel ek fraaie fersen oer in lokkige bernetiid, sa’t Wytsma dy bygelyks ek al beskreau yn ‘Kom mei in koer’. Herhellet dizze dichteres harsels, is in fraach dy’t ik my stel. Myn antwurd is nei it lęzen ( en wer lęzen ! ) fan dizze bondel ‘nee’!
Guon dichters hawwe genôch oan deselde tema’s , Baukje Wytsma is ien fan harren. De tiid bemasterje mei wurden, of soks, is alris sein oer har wurk. Op’en nij slagget sij hjiryn, bygelyks yn it folgjende wat mankelike fers:

In tsjerkhôf, protters tjirgje yn de hage,
by de sleatswâl baarnt reade papaver.
Ik fiel it rűge oerflak fan in stein, opdroege
moas dat stadichoan de nammen wisket.

Sy waarden helle troch de dea, de minsken
fan ús doarp: de frou mei de lytse poppe,
de sterke man, de drinker en de boer,
in ferdronken bern dat nea fergetten waard,i
it famke dat net libje woe, in frontsoldaat.

As ik de nammen sis, komt soms in stim
werom, in wize fan rinnen. As út in skaad.

It twadde part fan de bondel befettet trije fersen oer ‘ferlies’. It twadde fers fan dit skift hat in prachtige iepeningssin: Wer rinne wy yn formaasje it lęste paad oan pún…, mar ek in freeslike klisjeesin: De klokken sjonge treastryk oer it gea,/ hjerstblęden falle ien foar ien en waaie fierderop.

Yn ‘De boat dreau fan de wâl’, it tredde en grutste skift fan de bondel, wurdt foar it grutste part dichte yn de doe-tiid. Oer in ferlerne leafde, in syktocht nei wat west hat, mar nea werom komme sil. In bytsje mankelike poëzij, fol fan langstme. Dizze fersen foarmje it hert fan de bondel en terjochte dat foarmjouster Monique Vogelzang by it meitsje fan it omslach fan de bondel har ynspirearje litten hat troch ‘De boat dreau fan de wâl’:

Der wie eins gjin ferwin op, alles kaam
sa as it kaam. In boat dreau fan de wâl

mear net. It wie te let om noch te praten,
it woe net mear, in holle op in skouder,

tegearre hân yn hân en dan gewoan wat sizze,
deastil lizze as it reinde yn de nacht.

It ien nei lęste part fan de bondel , ‘De ierde trillet net’, soe ik omskriuwe wolle as I.M. poëzij. It kwartet fersen, mei grutte sizzenskręft, rigels dy’t hingje bliuwe. Dizze bygelyks:

Se sizze datsto dea bis, sizze se
en dat se dy by reinich waar nei ekers
brocht ha dęr’t gjin hynders komme.

Wytsma beslút dizze bondel mei twa fersen ‘Want do komst net werom’ en ‘Flues fan lekkens’ . Beide fersen binne ferdield yn trije parten fan twarigels. Dizze fersen hawwe wat beręstend yn har.

De bondel ‘De dichter swijt’, is foar my in kostber besit, omdat it poëzij befettet dy’t earlik en oprjocht is, poëzij dy’t yn it moed taast. Baukje Wytsma hat mei dizze nije fersen har hiel kwetsber opsteld, se jout har bleat. Tige yntime poëzij!



Henk van der Veer


Baukje Wytsma: De dichter swijt. Utjouwerij Fryslân. 68 siden. Priis: € 12,50


Sneeker Nieuwsblad, 11.07.2005
 
 
<< terug