pers > onder ut fergroatglas > detail
Resênsy over ut werk fan Henk van der Veer
Bútendeur-eksposysje ‘ Poëzy op poaten II ’ yn Snitser binnenstêd

Sneker fersen op bill boards

De eksposysje ‘Poëzy op poaten’ mei Sneker fersen fan Henk van der Veer en byldmateriaal fan fotograaf Van Goor wurdt foar de twadde kear hâlden yn de Snitser binnenstêd flakby de Martinitsjerke. Dizkear is de eksposysje lykwols grutter fan opset. Yn de Martinitsjerke is ek byldmateriaal te finen fan Snitser fotografen en fotografen út it Japanse Kurobe. Kommende sneon is om 14.00 oere de iepening troch wethâlder Hans van den Broek.

Gerbrich van der Meer


Sûnder mar wat sjoen te hawwen, wiene binnen in pear oeren alle tolve poëzypanelen fan dichter Henk van der Veer en fotograaf Paul van Goor ferkocht. De Sneker poëzy bill boards, dy't diel út meitsje fan de foto-eksposysje 'Poëzy op poaten' binne rôversguod wurden foar de Snitser ûndernimmers. Nei de eksposysje wurden de boerden eigendom fan de sponsors.
Twa Snitser firma’s dy’t foar de tichte doar kamen, skikten it twatal sels in bêste ponge jild ta. Alfêst foar in nij projekt. It wurk fan Van der Veer en Van Goor wurdt dúdlik wurdearre.
Yn Snits en omkriten binne Henk van der Veer en Paul van Goor in bekend duo. Van der Veer, yn it deistich libben ûnderwizer by it praktykûnderwiis, skriuwt fersen yn it Snekers, Van Goor makket magnifyke foto’s. De Snitser, eigener fan i media-en kommunikaasjebedriuw MyriadM, fan Spakenburgs komôf wûn al twa kear in ‘gouden camera’.
De gearwurking tusken dy twa smiet yn it ferline al in soad moais op. Yn 2000 kamen se mei har earste bondel, Kajapoetoaly. Dy wie nettsjinsteande de hege oplage fan 2000 eksimplaren, binnen de koartste kearen útferkocht. In Sneker jaardachskalender die it noch better: mar leafst 4500 stiks waarden ferkocht oan middenstaners. Ferline jier kaam de bondel ‘Spoetnik’ út, dêr’t twa fleskes Exota de smaak fan it drankje ‘Spoetnik’ oproppe. Dat is jeugdsentiment, nostalgy. Mar dêr giet it ek faak oer yn de fersen fan Van der Veer, oer syn ferline as Sneker jonge.
By Van der Veer en Van Goor foarmje tekst en byld in ienheid. Dat sjogge je ek sa fan har bondels, kalinders en posters ôf. ,,It iene kin net sûnder it oare”, fynt Van der Veer. ,,Paul wit krekt de goeie snaar by elts fers te reitsjen. ,,En neat is him te mâl”, fertelt Van der Veer entûsjast. ,,Foar it fers ‘Sneker hearekappers’ is er bygelyks hielendal nei België ta flein om in âld’ kappersstoel op syn lins te krijen.” Mar beide kinne se der ek wat fan. ,,Ik hie foar dit projekt in fers oer ljipaaien makke. Hiest ús sjen moatten hoe’t wy yn april fol oerjefte op knibbels foar in nêst ljipaaien lein hawwe! Krekt twa lytse jonges.”

‘Speule’

Dy nocht om alles yn tekst en byld sa goed mooglik te ferbyldzjen ynspirearre de twa manlju ferline jier ta it projekt ‘Poëzy op poaten’. Yn de simmermoannen fan 2004 hongen yn july en augustus tolve poëzypanelen flakby de Snitser Martinitsjerke. It plak wie bewust keazen.
,,Der mut speuld wurde op de kerkpleinen,” seit Van der Veer wylst er dan wer Frysk, dan wer Snekers praat. Mar net eltsenien tinkt dêr itselde oer.
,,Flakby de Martinitsjerke binne in pear jier lyn fan dy grutte stiennen blokken dellein as in werrinnering oan de âlde fleugels fan de Martinitsjerke. Dy blokken waarden ûnferwachts ynnommen troch de jeugd. Dy skate dêr wat ôf. Ik fyn dat prachtich, mar it wie net nei it sin fan de gemeente. Se waarden der hieltyd weistjoerd.”
De gemeente fan Snits hie der ek in swiere mûtse oer op as dy billboards wol goed bliuwe soene. ,,Yn ’e simmer hawwe wy ommers ek noch altyd merke op it Martiniplein. Se wiene bang foar fandalisme.”
Dochs gie yn it foarjier fan 2004 de kûgel troch de tsjerke. In pear dagen foar de iepening fan de eksposysje stapte Van der Veer op de jonges ôf dy’t dêr altyd mei har skateboards dwaande wiene. ,, ‘Jonges’, sei ik, ‘der komt hier aansens un groate tentoanstelling met Sneker fersen. Súden jum wel even op dy borden passe wille. Saterdagmòrren is de opening, ik sú ut fantastys fine as jum der òk even binne, kanne jum òk nòch even met de burgemeester prate.” En se wíene der.
Van der Veer laket. De iennige fandalisten dy’t we hân hawwe, wiene de dowen, dy’t sa no en dan ris op in boerd skieten.”
It Martiniplein hat net allinnich om dat ‘speulen’, dat ynherint oan keunst is, in waarm plakje yn it hert fan de dichter. ,,Ik haw in kristlike eftergrûn, en op de Eben Haëzer (de eardere basisskoalle dy’t oan dat plein leit-red.) haw ik it skriuwen leard. Hjir fiel ik my thús.”

Poeha
Van der Veer is in Sneker yn ‘hart en nieren’. Oant foar twa jier joech er les op de basisskoalle yn ‘e Hommerts en wenne er dêr. Mar doe’t er twa jier lyn yn Snits in plakje krige oan de Zuiderpoort, moast en soe er werom. It hûs yn Snits is der al, flakby de fertroude Martinitsjerke; yn ‘e Hommerts stiet no it buordsje ‘te koop’ yn de tún. ,,Ik mail altyd yn it Snekers, en skaaf bytiden ek wol oan hoe’t je it opskriuwe moatte.” De wurdlisten fan ’e Fryske stedsdialekten fan Pieter Duijff sjocht Van der Veer altyd kritysk nei. ,,Mar foar de dúdlikheid, ik fyn it skriuwen yn it Snekers it wichtichst, dêrnei sjoch ik pas nei hoe’t ik it opskriuw.” Hy liket wol in Snitser Gysbert Japix. Yn jannewaris krige Van der Veer de ‘Silveren kerstbal 2004’ Dat fûn er in hiele grutte eare, benammen omdat dat in kultuerpriis is dy’t troch de Snekers ( dy fan shanty- en folkgroep Rolling Home, red. ) sels takend wurdt.
Hy is dan ek tige warber foar de stedstaal. Op de ferneamde Bonte Sneker Avonden is er steefêst fan de partij. Yn het Sneeker Nieuwsblad en Wijd en Zijd ferskine regelmjittich Sneker teksten fan syn hân, ek foar de gemeente Snits skriuwt er faak gelegenheidsgedichten. En hy ynspirearret Snekers. Sa hat in Sneker in grutte tegel mei in Sneker fers meitsje litten, dy’t no foar syn doar leit; Jaseker, nei oanlieding fan Van der Veer syn fersen.
Stedsdichter soest Van der Veer neame kinne. ,,Mar sûnder dy poeha fan Ljouwert,” gniist Van der Veer,,As Arjen Hut (beneamd ta stedsdichter fan Ljouwert-red.) in gedicht skriuwt, stiet it daliks yn Leeuwarder Courant.” Eh, nee ju dat is my te oplein. ‘Stedsdichter dat bin’ je, dat wurd je nyt’. Skriuwer Josse de Haan hat wolris sein ‘Myn libben is literatuer, literatuer is myn libben’, dat jildt ek foar my.”
De fersen fan Henk van der Veer geane oer alles wat mei Snits te krijen hat. Yn dizze eksposysje hat de dichter bygelyks in fers wijd oan Dirk S. Donker, in echte Sneker, dy’t al mear as tweintich jier stedsbeiaardier fan de stêd is. Dat fers wurdt begjin augustus oanbean oan de Japanske delegaasje dy’t yn it ramt fan in stedebân yn Snits oanwêzich is. ,,Is it net prachtich dat dat fers aanst yn Japan komt te hingjen?”

Eksposysje ‘Poëzy op poaten’ is te sjen fan 16 july oantemei 30 septimber
De fotoeksposysje yn de Martinitsjerke is te bewûnderjen op tiisdei, woansdei en tongersdei fan 14.30 oant 17.00 oere en 19.30 oant 21.00 oere. Op freed allinnich fan 14.30 oant 17.00 oere










Friesch Dagblad, 13.07.2005
 
 
<< terug