pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Teaterbewurking fan Deenske film Festen

DE HOMMERTS- Trinus Riemersma hat in teaterbewurking skreaun fan it filmskript fan de Deenske film Festen. It oarspronklike filmskript is skreaun troch Thomas Vinterberg & Mogens Rukov. Riemersma hat mei It Feest, in prachtige Frysktalige bewurking skreaun en it soe fantastys wêze, wannear’t dit stik ek écht útfierd wurde koe. It Feest is ferskynd by Utjouwerij Venus yn de saneamde VenusFariëtee-rige.

Oer de ynhâld skriuwt de újouwer it folgjende: “ In hotelier wurdt sechstich jier en hat syn bern, freonen en kunde útnoege. Koart dêrfoar hat de âldste dochter harsels te koart dien, mar de heit hopet dochs op in fleurige gearsit. It komt helendal oars. Wat in feest wêze wurde moatte soe, rint op in drama út. De âldste soan fertelt op it feest dat syn heit him en syn deade suster as bern misbrûkt hat. It omsittend laach beart dat de soan yn 'e war is, want dit kinne se net leauwe. In oare broer en suster distansiearje har ek fan de oanklacht tsjin de heit. As dit wier wie, dan hienen sy der dochs fan witte moatten?
It eigenaardige is dat de soan oan de iene kant syn heit konfrontearje wol mei it ferline, mar dat er oan de oare kant dy konfrontaasje net oandoar. Hy moat troch in freon stimulearre wurde en by einsluten troch syn mem provosearre wurde foar't er de wierheid derút raast: syn mem wist fan it misbrûk ôf, mar hat it gewurde litten.
Sa rint it ferhaal min of mear tafallich, mei soms rêstige mominten en nocht en wille en dan wer in felle oanklacht ûnkearber nei de tragyske ein ta: de heit bekent skuld en hy realisearret him dat bern, freonen en kunde him noait wer benei komme sille.”

It nijsgjirrige fan Riemersma syn bewurking is dat hij in kant en klear senario op papier setten hat foar in iepenloftspul. Riemersma jout dy suggestje ek al oan yn syn ferantwurding.
It lêzen fan Riemersma syn bewurking is aardich, mar ek net mear as dat. Der soe fansels diedwurklik wat mei dizze bewurking dien wurde moatte. It stik is modern, konfrontearjend en perfoarst net frijbliuwend, en it stik is ek aktueel.

Riemersma hat gjin wenstich toanielstik skreaun, hy skriuwt yn syn ferantwurding u.o., en ik sitearje him: “ Dit filmskript kin net ta in wenstich toanielstik omwurke wurde. As men dêr perfoarst op oan wol, dan is de koartste en bêste klap: skriuw in folslein nij en eigen stik op basis fan de ideeën fan Vinterberg en Rukov. Men soe fan dit filmskript wol sûnder al te folle yngrepen in iepenloftspul meitsje kinne ”[…] . En “ De oplossing dy’t ik betocht ha om it orisinele filmskript safolle mooglik rjocht te dwaan, is it oanpassen fan in iepenloftspul foar sealútfieringen troch alle sênes dy’t net platfliers yn it hotel spylje, de sliepkeamersênes en inkeld sênes bûtendoar, troch middel fan fideobylden op in skerm te projektearjen.”

Nochris it idee fan Riemersma en dizze papieren útjefte fan It Feest soe wat mei dien wurde moatte. It is it besykjen yn elts gefal mear as wurdich!

Henk van der Veer

Thomas Vinterberg & Mogens Rukov, It Feest, in teaterbewurking fan Trinus Riemersma,
88 siden, priis: € 9,50 . Utjouwerij Venus, Frjentsjer.








Sneeker Nieuwsblad, 01.08.2005
 
 
<< terug