pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Roman over het Spoordok van Willem Tjerkstra

SNEEK- Schrijver Willem Tjerkstra uit Sneek heeft een opmerkelijke roman geschreven met als titel Dokslepers. Tjerkstra , die in 2003 de provinciale Gysbert Japicx literatuurprijs won voor zijn driedelige historische roman Ridder fan Snits, schrijft in zijn nieuwste roman over de actuele Spoordok-problemathiek in Sneek.

Oud-schoolhoofd Willem Tjerkstra, die in de zomermaanden meestal in zijn woonark aan de Potten verblijft, geeft de volgende samenvatting van zijn nieuwste pennenvrucht.

Spoordok

“ Oan de râne fan it Spoardok wenje de Bleekbuerters, sa neamd fanwege de bleek dy’t foarhinne foar it hûs lei. It binne minsken, elk mei in oare achtergrûn en mei karakters dy’t himelsbreed ferskille. Hoewol’t in eks-dokter oan de oare kant fan de strjitte wennet, komt dy bysûndere man nei ferrin fan tiid yn figuerlike sin hieltyd tichter by de Bleekbuert.
De Bleekbuerters kinne noch sa ferskille, se tinke oer ien ding gelyk: de plannen dy’t de gemeente mei strjitte en Spoardok hat - ôfbraak en nijbou mei as gefolch oantaasting fan de natuer - meie net trochgean. Foar it ideaal fan behâld fan buert en natuer sille se stride. Mar dêrnêst hawwe de bewenners elk in eigen ideaal. It ideaal fan de dokter rikt fier, suver himelheech, en is rjochte op ’e hiele buert.
Hoe’t de Bleekbuerters besykje harren idealen te berikken en oft se it rêde de strjitte en it Spoardok troch de tiid te slepen, wurdt yn de rin fan it ferhaal dúdlik.”

Iedereen die maar een beetje bekend is met Sneek en het Spoordok in het bijzonder zal bij het lezen van de roman zich ogenblikkelijk afvragen wat nu fictie en wat nu non-fictie is.

Willem Tjerkstra: “ Wa’t sa ticht by it Spoardok wenje as wy ( de Tjerkstra wonen aan de Meeuwenlaan, hvdv ) en wa’t fan dizze buert hâldt, kin net swije oer de werklikheid. Dus ûnder it ferhaal lizze de fûneminten fan de realiteit, dy fan lokaasje, tiid, libbensfisys, idealen en guon foarfallen. Mar it gebou op dy fûneminten is boud mei de stiennen fan de fantasy. Wa’t him ferbûn fielt mei de Bleekbuert, sil him yn dat gebou thúsfiele en faakris glimkje om wat bekends.”

Over het ontstaan van het boek zegt Tjerkstra het volgende: “ Wa’t yn de buert fan it Spoardok wennet, sil de natuerwearden fan dat paradys mei mear as hûndert ferskillende fûgels heechachtsje. Likefolle wurdearring ha ik foar de striid dy’t ús buorlju oan de oare kant fan de dyk fierd ha en noch altyd fiere om dy natuerwearden te behâlden. Sa bin ik derta kommen om dit boek te skriuwen. En as men de eagen en earen iepen hat foar dy jierenlange ûntwikkeling, dan leit men fansels de ferbining mei wat de minsken beweecht. Om it oars te sizzen: mei harren fisy of filosofy.
Wa koe ik better as meilêzer en paadwizer ha as Diny, myn frou, dy’t op ’e Parkbuert berne is. Dat wie yn de tiid doe’t der noch in bleek foar it hûs lei. En wa hat my mear ynspirearre as twa âld-learlingen, de iene dy’t yn de jierren santich fan de foarige ieu in natuerstúdzje makke hat oer it Spoardok en de oare dy’t dêr wennet en noch altyd it harnas oan hat. Om as âld-master grutsk op te wêzen!”

De structuur van zijn nieuwe roman, heeft wel wat weg van een puzzel, een vergelijking die Tjerkstra beaamt: “Op ’e Bleekbuert wenje ferskillende bysûndere minsken. Om dy minsken rjocht te dwaan, sil har eigen ferhaal goed nei foaren komme moatte. Dêrom krije de measten yn de roman elk in tal haadstikken, dy’t yninoar gripe. Do hast wat dy fergeliking fan de puzzel oanbelanget gelyk. It binne by wize fan sprekken puzelstikken, dy’t oan de ein it folsleine byld opleverje. Net de fan tefoaren al bekende plaat op ’e foarkant fan de doaze, mar it byld dat de lêzer der sels fan meitsje kin. Dokslepers is, yn tsjinstelling mei wat de KFFB fynt, in roman dy’t de lêzer de romte jout foar in eigen ynterpretaasje en op dy wize goed oanslút by syn fielen en tinken. Dus in lispuzel mei ferskillende mooglikheden.”

Eigen beheer

Dat de roman niet uitgegeven is door de KFFB, Tjerkstra’s uitgever van zijn bekroonde roman Ridder fan Snits, maar in eigen beheer op de markt is gebracht vraagt om een verklaring.
“ Wat in debutant of in Gysbert Japicx-priiswinner is, kin men fan tinken ha. Mar it giet yn it libben noch faker om it gefoel. Ik wie fansels út ’e skroeven mei de priis, in gefoel dat eins net te beskriuwen is. Mar it gefoel om in eigen boek út te jaan is ek min te ferwurdzjen. Men kin dat gefoel it bêst omskriuwe mei it fleanen boppe de ierde, as yn in ballon of noch better as de flecht fan in fûgel (mar de fûgel sil it fleanen hiel gewoan fine). Mei oare wurden: in boek yn eigen behear útjaan jout it gefoel sa frij as in fûgel te wêzen.
Mar no it antwurd dat men fan tinken ha kin: foar’t bekend waard dat ik de Gysbert Japicx-priis wûn hie, wie Dokslepers al klear en ynlevere by de KFFB. Se fûnen it nije wurk in goed boek, mar it wie neffens it bestjoer net ôfstimd op har lêzers.” , aldus Willem Tjerkstra.

Is er dan werkelijk zo’n groot verschil tussen Dokslepers en het eerdere werk van de Sneker schrijver?
“ Elke roman hat in eigen karakter en dus ferskilt Dokslepers fan bygelyks Ridder fan Snits en Snijpunten. It bysûndere fan Dokslepers is dat der mear haadpersoanen binne mei ferskillende idealen, mar mei ien en itselde grutte ideaal: opkomme foar wearden dy’t djipper lizze as it boppelaachje fan de matearje”, zo vindt de auteur.

Niet alleen het verhaal van Dokslepers is opvallend, ook het kaft van de roman mag op z’n minst opvallend genoemd worden. Op het omslag, ontworpen door Wiebren Santema die de opmaak van het boek ook verzorgde, staan twee afbeeldingen van schilderijen. Eéntje van De Wolgaslepers van Ilja Repin ( 1870-1873 ) en één van De lapepoppe van Jopie Huisman ( 1975 ). Willem Tjerkstra over de omslagkeuze: “Ik wurd tige oansprutsen troch skilderijen. Twa skilders dy’t foar my it wêzen fan it libben treflik werjouwe, it binne ús eigen Jopie Huisman en de Rus Ilja Repin. Huisman fanwege syn djippe gefoelens foar wat ta weismiten keard is. Repin troch de werjefte fan de minske yn al syn suver boppeminsklike krêft. Beide skilders komme as ‘foarbylden’ yn Dokslepers foar, beide steane foar wat de Bleekbuerters beweecht.”

Tegelijkertijd met het verschijnen van het boek is er een website (www.tjerkstra.com)
van Willem Tjerkstra verschenen. Tjerkstra over het ontstaan van deze literaire site:
“ Jacoba, ús dochter en Wiebren Santema, nei alle gedachten nei ferrin fan tiid ús skoansoan, fûnen dat heit in thússide ha moast. Wiebren hat dy makke en hoewol’t ik der earst wat ûnwennich foeroer stie en soms troch myn eigen ûnhannigens derop omskold, bin ik harren no tankber: men is nea te âld om jin op sleeptou nimme te litten troch jonge minsken en letter sels sleper te wurden fan de eigen ‘dokside’.”

Heel opvallend op deze website is het Lyrysk Deiboek: “ Wat in ynspiraasje om moarns in goed oere yn de omkriten fan de Griene dyk te rinnen! Om dichter fan te wurden. En sa is it idee ûntstien fan in Lyrysk Deiboek op ’e eigen thússide. As de sinne boppe Snits yn fjoer en flam nei de kym sakket, komme de bylden fan de moarntiid wer by my boppe om yn wurden oer te setten. Net alle dagen, mar sa’n twa kear per wike. En as ik der dan ek noch yn slagje om de bypassende foto op it skerm te toverjen, bin ik de wrâld te ryk oer it mystearje fan it libben.”, besluit Tjerkstra het gesprek.

Dokslepers is te bestellen door11,50 euro over te maken op postgiro 1429045
van W. Tjerkstra, Meeuwenlaan 6, 8601 XS Sneek. Schrijf U naam en adres erbij
en U krijgt de roman thuis bezorgd.

























Sneeker Nieuwsblad, 04.08.2005
 
 
<< terug