pers > op'e planken > detail
ResÍnsy fan Henk van der Veer
Trappearre tagonklik poŽzydebķt Gerbrandy

DE HOMMERTS- By it LiterÍr Sirkwy op 14 april fan dit jier hearde ik foar it earst wurk fan de dichteresse Anneke Gerbrandy-Posthuma. Ut har eigen mŻle wol te ferstean. Har optreden makke gjin ferpletterjende yndruk op my. No lient net alle poŽzy him foar happenings lykas it LiterÍr Sirkwy. Guon fersen moat men lÍze en nochris lÍze om de skientme te priuwen. Koartlyn is Gerbrandy har debķtbondel by Frysk en Frij ķtkommen: Trappearre mei as Żndertitel Żnderweis mei Claude Monet.

It lÍzen fan Gerbrandy har poŽzy foldocht my better as it harkjen nei har fersen. Yn de kreas ķtfierde bondel, mei mar leafst 50 fersen steane in tal hiele nijsgjirrige. It wurk fan de ympressionistise skilder Claude Monet ( 1840- 1926 ) is ien fan Gerbrandyís ynspiraasjeboarnen. By in tal skilderijen fan de ferneamde ympressionist hat de dichteresse fersen skreaun. Troch yn de bondel ek in tal Űfbyldings fan Monet syn skilderijen op te nimmen, winne guon Gerbrandy fersen oan sizzenskrÍft. Sa ek it titelfers fan de bondel:

Trappearre

Op in hichte, mar net iensum of allinne
stiet myn dreamprinses, omkr‚nse fan in skynsel
yn dit krŻdich rispingripe l‚n fersile;
mearke foar myn each, mar ek hast Żnberikber
Żntflechtet hja de sleur fan ít deistige bestean.

Myn roppen skuort de dwilige sfear oan flarden,
har habyt, as yn in simmertwirre wieljend,
w‚lteret alteraasje om myn drystens del,
doch bliuwt it keine antlit yn it skaad temŻk
en stadich wurdt har sletten byltnis transparant.

Wat is it dat beskerme wurdt tsjin ít kleare ljocht,
wat it doel dat allinne ít jonkje witte mocht?

Wannearít saín fers foarlÍzen wurdt en de harker hat it skilderij La Femme ŗ líombrelle fan Monet net foar him/har, dan sprekt soksoarte fan poŽzy minder ta de ferbylding. Dit fers is ek in moai foarbyld fan it taalgebrŻk fan Gerbrandy, dizze dichteres skriuwt noch aardich geef Frysk. Wurden as wieljend en w‚lteret hear ik yn elts gefal net alle dagen. It is suver wat argays. Neist de poŽzy dyít skreaun is by de skilderijen fan Monet, binne der yn dizze bondel ek in grut tal leafdesfersen opnommen. In aardich eroatys fers fyn ik it folgjende:

Ekstaze

Gryp de snaren slach
de tromme spring
op fuotten lit de heupen
draaie swaaie
slierten hier ķt sturten
los de sinnen
‚lje
sluten kaken hitsige
teksten knersend tusken
tosken skeinde
stressbekken
skom
stil

ienfinger rideltsje
streaket de earen
opnij wekker
lekker
yn heger
sfearen.

Fierders yn dizze bondel in aardech wat natuerlyryk ( tķngedichten soe ik se neamme wolle ) en poŽzy oer de dingen fan it deistige libben. Sa as in observaasje fan in boartsjend bern:

Toer

Trije turven heech en tuorkes bouwe
mei oandacht blok foar blokje op inoar
hoeden skoot in fuotsje almar neier
in ķthaal, nimmen dyít it dan noch keart
de kick fan skrik en gaos, skatterlaits
om eigen macht oer de matearje, ja
saín triomf omfiemet repetysje
sa faak, sa folle kearen opíe nij-
in foardering op takom hearskippij ?

Gearfette in sympatike bondel mei tagonklike poŽzy yn in kreas ķtfierd jaske.

Henk van der

Anneke Gerbrandy-Posthuma, Trappearre, fersen. Utjouwerij Frys en Frij, Ljouwert. 60 siden. Priis: Ä 12,--


Sneeker Nieuwsblad, 15.08.2005
 
 
<< terug