pers > op'e planken > detail
Resęnsy fan Henk van der Veer
Miedema: Iverich sil ik leare foar dichter


Gjin twifel mooglik, der wurdt wat ôfdichte yn Fryslân. De iene nei de oare dichtbondel ferskynt. Allinne by útjouwerij Frysk en Frij al kamen koartlyn mar leafst trije dichtbondels út fan debutanten. Ien fan dy debutanten is Andries Miedema, hy komt mei in tsjokke bondel mei mar leafst 152 (!) fersen. It is suver in sammelbondel te neammen. De titel fan Miedema syn earsteling is ‘Wynfearren by’t lemieren’.

De titel fan de bondel klonk my oars net frjemd yn de earen, yn 1970 ferskynde der fan de folksdichter Engele Wynsma alris in bondeltsje mei de titel ‘ Wynfearren ’.
Andries Miedma, hy wennet yn Wytgaard en hat de seis krúskes al op de rech, is ek in folksdichter. Mei dizze bondel lit er sjen dat poëzy foar him in fundaminteel libbensferlet is, dat stiet foar my bűten kiif nei it lęzen fan dizze bondel. Folksdichters wurde ek wolris sneinsdichters neamd. Yn it Hollânstalige sirkwy is J.Ch. Wienese sa’n sneinsdichter. Wienese skreau alris it folgjende oer it fenomeen sneinsdichters: “ Als een zondagsdichter iemand is die eigenlijk niet weet wat hij doet, dan geldt dat niet voor mij. Als bedoeld wordt een dichter die niet in de eerste plaats schrijft om gedrukt en gelezen te worden, maar veeleer bijwijze van zichzelf in de arm te knijpen om te weten dat hij leeft, dan ben ik een zondagsdichter.”

Ien fan de skaaimerken fan sneinsdichters is dat se omraak rymje kinne, en ek Miedema makket op dizze rigel gjin útsűndering. Yn praktys alle fersen dy’t yn dizze bondel opnommen binne is (ein) rym oanwęzich:

Oer syn leafde, blakke fiver,
wiuwt de wylch syn hingjende hier,
spegelet har yn syn iver
’t kleare byld yn’t jier.

( earste strofe fan it fers Treurwylch )

‘Wynfearren by’t lemieren’, is gjin tematise bondel. Der steane lykwols in grut tal fersen oer it seemânsbestean yn.

Lichtmatroas

De stjoerhutt’ alle kanten blyn.
De see slacht mei in hoas
fan wetter, skom en stoarmwyn
nei ’t ljochtsje fan ’e wynroas.

It dek joeit stjittend op en del
wanden falle oer jin hinne.
De herje trillet út de hadeshel
dęr ’t tinzen al yn ôfdaald binne.

De mage omkeard yn it liif
op skűl- siik sűnder help of ein
tsjinoan it skokkend stjoerręd stiif-
foar de smeulske eagen dan’e kaptein.

It hie gjin raar idee west, om alle seemânsfersen yn ien skift by mekoar te bringen, no steane dizze gedichten kriskras troch de bondel. Alles wat ryp en grien is, is yn dizze bondel byien brocht. In fers oer Dragers wurdt folge troch in gedicht oer Ballonfeart, in poëtise oprisping oer Tsjamme ( in ‘vogelverschrikker’ ) en Singapore steane sűnder euvelmoed fleurich achtermekoar. It is in bűnt ferskaat tusken twa kaften. Mear as ienris sjocht de dichter ek werom op syn jeugdjierren:

Lęste skoaldei


De jierren wiene sűnder ein
de wiken fol fan kleare sinne
fan willedagen dwers trochslein
de oeren yn fertier belein.
neat hat dit feest beheine kinnen.

De lytse wrâld wie waarm en sműk
en dochs sa űbegrinzge wiid.
Skeinde knibbels, koarte broek
foar bloed en trien in sęfte doek,
ferslein en gau wer bliid.

En op it boartlik wide plein
bedobbet skaad de lange rek.
Mei fleur myn hân grutter lein
de earste earnst mei wurden sein,
yn tiid en hert in earste brek.

Andries Miedema is gjin dichter dy’t heech dravende poëzy skriuwt en hy wit soks treflik wer te jaan yn it folgjende fers.

Apollo


Wie’k as jo , Apollo, goade gelyk
yn goedens, skientme, oarder, rjocht,
jo, god fan dichters en muzyk…
mar ’k bin in minske rjocht en sljocht.

Soene jo in pylk op my rjochtsje
fan omfierren, dęr haw ik oer lęzen,
myn brein mei wjokjende wurden ferljochtsje,
Orakel fan Delphi, master yn’t genęzen.

Apollo, hoe kom ik jo neier en tichter
spitich, ik kin net de takomst foarsizze
mar oan my sil it perfoarst net lizze:
Iverich sil ik leare foar dichter.

En sa is mar krekt, súkses mei de learderij!

Andries Miedema, Wynfearren by’t lemieren, fersen. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert. 164 siden, priis: € 15,--




Sneeker Nieuwsblad, 22.08.2005
 
 
<< terug