pers > op'e planken > detail
Resnsy fan Henk van der Veer
Gryt Witbraad skildert prachtige portretten t Aldegea

Allinne de titel al, Ble mei fla deroer, fertsjinnet in tsien mei in griffel. Ik haw it oer de bondel fan Gryt Witbraad & Pieter van der Meer. Yn it boek steane mar leafst 70 miny-ynterviews mei Aldegeasters. Lytse portretsjes fan 70 ferskillende, unike minsken, dyt hikke en tein binne yn it doarp oan e Brek. It boek is tjn troch Frysk en Frij yn Ljouwert. Gryt Witbraad hat de ynterviews dien en Pieter van der Meer hat de fotos makke.

Of soks no tipys Frysk is, doar ik net te bewearen, mar hiel faak wurdt der yn dizze provinsje frege fan wa bisto ien? Gryt Witbraad spilet der mei har peteareboek lykwols ddlik op yn. Hiel faak begjinne har ferhalen oer de Aldegeasters dyt se ynterviewd hat mei hy is soan fan of sy is fyfde fan sn bern.

By wa hat Gryt no west om in fraachpetear te hlden? Santich ferskillende minsken. Se geane op it fuotbaljen, toaniel, de soos, se binne lid fane fgelwacht, it Frysk damjen, se sitte yn de karavan, yne kroech of yn it Joo. Der binne guon dyt har ynsette foar de tsjerke en in protte minsken sette har foarelkoar yn snder de tsjerke.

Koartsein it is in trochsneed fan de befolking fan Aldegea Wymbritseradiel. Al merk ik hjirby wol op dat it getal 70 yn bibelske termen fansels it getal fan de folheid is! Fyn ik yn elts gefal better as san tsiende part fan de Aldegeasters.

It boek hat my gjin sprt ferfeeld, sterker noch, at je der ienkear yn begjinne te lzen, lizze je it net mear oan kant. Dat komt fansels troch de wize wropt Gryt Witbraad skriuwt. It is puere, oprjochte human interesting. Dizze ferhalen meitsje nijsgjirrich. Yn faaks net mear as ien side per persoan fertelle de minsken harren hiele libben oan Gryt Witbraad. Men kin fan tinken wol hawwe, dat it chte libbensferhaal tusken de rigels stiet. Al dizze santich portretten jouwe in moai byld fan de trochsneed Fries, dyt lykwols wol wer sa unyk binne dat it gjin trochsneed Friezen binne. Elk minske hat syn eigen ferhaal, wrbyt opfalt dat benammen de legere-skoaltiid in grutte rol yn in minskelibben spilet. De opmerking fan Witbraad dat de learkrachten dr ris better oer neitinke moatte, fyn ik wat te generalisearjend, mar hat de wierheid meastal net in skel ld?

Gryt Witbraad beheint har net allinne troch it optekenjen fan moaie anekdoaten, mar se ferswijt ek slimme syktes en drvige stjergefallen dyt yn de petearen nei foaren ta kaam binne op te skriuwen. Benammen it lste petear, dat mei Folkert Boersma, hakt der dan ek yn. Yn har ynlieding fan dat ynterview sitearret Witbraad Folkert: Wat tochst, ik mot der mar gau hinne, hy libbet no noch?
It sil ddlik wze, Boersma hat kanker en de ynterviewster giet it drege nderwerp net te wei. Se praat iepen en earlik mei Folkert oer syn libbensbedriigjende sykte. Dit ferhaal hat grutte yndruk op my makke, omdat de chroniqueur der in oprjocht ferhaal fan makke hat, it is realistys. Spitigernch, soe ik hast sizze wolle.

It hiele projekt fan nderfreegjen en opskriuwen hat plakfn fan febrewaris 2004 oant en mei febrewaris 2005. Hiel autentyk is dat Gryt Witbraad de Aldegeasters yn har eigen tspraak fan it Frysk sitearret. Hjirtroch krijt de lzer noch mear it idee dat hij by de minsken oan tafel sit.

Fan in tal Aldegeaster dyt ik nei oanlieding fan it ferskinen fan dit boek sprutsen ha, krige ik te hearren dat it wol minder kind hie. Grutter komplimint kin de skriuwster net krije!
De fotos fan Pieter van de Meer fyn ik yn de measte gefallen wol karakteristyk, al binne de kykjes hjir en dr wat te dnker fdrukt. Soks sil mei de kwaliteit fan it papier te meitsjen ha. It is detailkrityk, want dit boek is sndermis in boppeslach!

Henk van der


Gryt Witbraad & Pieter van der Meer, Ble mei fla der oer- portretten t Aldegea. Utjouwerij Frysk en Frij. 151 siden Priis, 12,00




Sneeker Nieuwsblad, 25.08.2005
 
 
<< terug