pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Oer Tomke en Lekker sliepe Lytse Bear

By Utjouwerij de AFUK, binne koartlyn twa nije útjeften foar bern útkommen. Fan Auck Peanstra en Riemkje Pitstra ferskynde ‘Kikkerts fange mei Tomke’. En fan it ferneamde duo Martin Waddell en Barbara Firth waard ‘Sleep Tight. Little Bear!’ oersetten yn ‘Lekker sliepe, Lytse Bear!’. Beide boeken kinne sûndermis ta de meast populêre Fryske útjeften foar bern rekkene wurde, dat hawwe eardere titels út dizze rige al bewiisd. Echte súksesboeken dus.

Tomke

De aventoeren fan Tomke, syn hûntsje Romke en Kornelia de Kangoeroe, binne sa stadichoan al aardich ferneamd wurden. Net yn it lêste plak troch de TV-ôfleveringen by Omrop Fryslân fan Tomke, mar ek troch de temaboekjes dy’t al jierren ferspraat wurde yn de Fryske pjutteboartersplakken is Tomke in bekendheid wurden. Tomke hat sels al in eigen fraaie webside: www.tomke.nl
Yn dizze nije Tomke binne tsien ferhalen sammele, wêryn’t Tomke mei syn freonen wer fan alle belibbet. Fan kikkerts fangen oant pirateboartsjen mei in lui each. Op ’e linkerside fan it boek stiet hieltyd in sidegrutte yllustraasje fan Luuk Klazenga en op de oare side in koart ferhaal fan beide skriuwsters. Op de ferhaleside ek noch wer in lytsere yllustraasje fan Klazenga. De ferhalen binne lang/koart genôch om te fertellen foar it sliepen gean. It falt op dat de sinnen yn de ferhaaltsjes fan Riemkje Pitstra wat koarter binne as dy fan har kollega Auck Peanstra. Troch de werkenberens fan de tematyk en de fleurige yllustraasjes fan Klazenga sille dizze nije ferhalen fan Tomke, Romke en Kornelia de bern grif wer oansprekke. Foar wa’t gjin nocht hat om de ferhalen foar te lêzen, is der in cd by it boek tafoege. Op dy cd, opnommen by Innersoundstudio yn Terkaple, sprekt Leny Dijkstra de ferhaaltsjes yn.


Lekker sliepe, Lytse Bear!

Al like ferneamd as Tomke om net te sizzen noch ferneamder is Lytse Bear, in boekkreaasje fan Martin Waddell en Barbara Firth. Yn dit nije ( it fyfde boek alwer yn de searje ) printeboek, mei as titel ‘ Lekker sliepe, Lytse Bear!’ hat Lytse Bear in hol fûn om te boartsjen. En as it tsjuster wurdt, wol er dêr sliepe, mar as de moanne troch de tsjustere beammen skynt, is Lytse Bear benijd oft Grutte Bear net allinne is sa sûnder him…
De yllustraasjes fan Barbara Firth jouwe dit printeboek wat ekstra’s. Har tekeningen binne waarm, lykas it hiele ferhaal oer Lytse Bear waarm is. Uteraard is der in happy end.
It is in grut misferstân om te tinken dat printeboeken allinne mar ornearre binne foar bern fan ûnder de seis jier. In artistyk printeboek, en ta dy kategoary rekkenje ik dizze Lytse Bearboeken, jout my as folwoeksen lêzer in bliuwend estetys fernoegen! Dizze yllustraasje foegje in ekstra deminsje ta, litte details sjen dy’t net eksplisyt yn it ferhaal stean, mar der dochs dúdlik by hearre. Werklik in prachtboek!

Henk van der Veer

‘ Kikkerts fange mei Tomke ’, Auck Peanstra en Riemkje Hoogland, yllustraasjes Luuk Klazenga. AFUK. Priis: € 12,50 ( ynkl. cd )

‘Lekker sliepen, Lytse Bear!’ , Martin Wardell en Barbara Firth, oersetting fan Gerda van der Wijk. AFUK. Priis: € 12,50


Sneeker Nieuwsblad, 29.08.2005
 
 
<< terug