pers > op'e planken > detail
Resnsy fan Henk van der Veer
Pikefel-pozy fan Snitser Pier Boorsma


DE HOMMERTS- Pier Boorsma, berne op 15 maart 1944 yn Snits, is net in produktyf dichter. Neidat yn 1971 syn flintertinne pozydebt nder de namme de neidagen fan in keamerhear ferskynde, kaam yn 1978 syn twadde bondel t Under frjemde wetten . It hat in fearnsieu duorre foardat syn tredde bondel it ljocht seach. Koartlyn is by de Koperative Utjowerij net allinne gench tkommen. Ek gjin tsjokke bondel, mar 19 fersen, lykwols in boekje mei prachtige pozy, om pikefel fan te krijen.


Komselden haw ik san yn it moed taastend fers oer de dea fan in mem lzen as it folgjende:

in memoriam matris

mem, hjoed is dyn ein
dyn libben skrillet
yn nauwer ingten tobek
de tiid stiet stil
yn dit fortrek

noch harkest nei de ljurk
dyt boppe tiid en romte stiicht
en sjongende dyn stjerren liicht
sa is it goed seisto
sa is it ivige libben no
en mei dyn leave lytse hn
seinigesto myn nferstn

dan litst my los
as yn in stil dzjen
ik hear de kosmos
yn myn eare szjen
en djipper yn de siele dreaun
stiet ivich my dyn byld beskreaun

De ynhld sprekt foar himsels, opfallend is it brken fan de lde Fryske stavering. It liket in detail mar it is mear, it past by de mem dyt hjir betocht wurdt. Ek it byld fan it ljurkje is treflik, gjin fgel dyt sa it ivige symboalisearret as krekt de ljurk. In himelbestoarmer.
Der steane noch mear fan dizze, suver intime, persoanlike fersen yn de bondel. Ek it fers psychografy, oer in autistys famke, rekket my:

psychografy

myn leaf lyts famke
se leit yn harsels fersonken
nea hat wat fan werkennen blonken
op har ynlik leaf gesicht
bine de grinzen fan har lichem
sit har wrld potticht
se stoareaget wat foar har t
bitter jou ik har in tt
it hat gjin doel
dat ik tsjin har praat
ik bin hjir inkeld rekwisyt
fan har ynderlik klimaat

har antlit is in masker
foar ynderlik bewegen
ik bin ferlegen
taskger- mei har oan
as ik hoeden neier kom
laket se stom
se komt yn eigen dreamen om

Opfallend is dat Pier Boorsma nergens lstekens of haadletters brkt, de keale taal is gench foar him. Sober soe ik syn dichtsjen yn dizze persoanleke fersen neamme wolle, snder fersiering, snder falske sentiminten. Dizze pozy skrynt en lit my as lzer net los, it lytse oantal fersen is mear as gench.

Wat nei it lzen fan boppesteande twa fersen tinkt dat Pier Boorsma in mankelike bondel skreaun hat, hat it mis. Ls it folgjende koarte fers mar:

kristallografy

suverens
is mei minsken net te dielen
even yn in flits
de leafde tusken twa sielen
mar dan al net mear
de triedden fan de kosmos
komme yn myn tinzen gear
en ienlik yn it hielal
bin ik it suverste kristal

De temas tiid en dea, leafde en fertriet, koartsein de grutte dichterlike temas wurde troch Pier Boormsma yn dizze bondel besongen. Hy docht dat op in tige persoanlike wize, dyt djip rekket. It binne prachtige fersen fan in dichter dyt ea ris skreau: Pozy is foar my it bewustwurden fan de minsklike kondysje. Mei dizze nije bondel makket er dy wurden mear as wier!

Henk van der Veer

net allinne gench , fersen fan Pier Boormsma. Koperative Utjowerij. 48 siden. Priis 11,--



Sneeker Nieuwsblad, 05.09.2005
 
 
<< terug