pers > op'e planken > detail
Resnsy fan Henk van der Veer
It ferset , sterke roman fan Harmen Wind

DE HOMMERTS- It wurk fan skriuwer Harmen Wind hat my mear as ienris by de strt, at it no giet om syn proaza of om de pozy dyt er skriuwt. It makket foar my neat t, beide sjenres wurde troch de auteur t Doesburg beoefene en hawwe my yn de besnijing. Ik wit de reden ek wol, it wurk fan Harmen Wind is hiel werkenber, benammen wrt it giet oer ( net ) leauwe en religy.
Yn syn lste roman It ferset , yn in eigen oersetting fan it oarpspronklike Het verzet , komt dizze tematyk op ynkringende wize oane oarder.

As Harmen Wind ( 1945 ) yn 1985 debutearret mei de fersebondel t ein , is ien fan de gedichten Om te laitsjen . Dat fers is sa:

Om te laitsjen

Skriuwsto noch wol ris, jonge? Frege my s mem.
Do koest it sa; dy fersen en ferhalen
Tsjgje ris fan it nij Jeruzalem!
Wolsto noch tee? Al dy banale
keunst seit my neat. Soesto net wat
betinke kinne- har blik omheech-
drt men treast en stipe oan hat?
Hjoeddeiske wurden bin sa leech

Dr siet se, yn har stoel ferskle
en seach my oan: Do wiest wat mnsk
Wat om te laitsjen dan? Har lste kns.
Hiel efkes kaam in glimke om har mle.

It sil ddlik wze, de literatuuropfetting fan mem en soan rinne fier tein. Opfallend, en oan de oare kant ek wer net, want Wind bliuwt trou oan himsels, is dat boppesteand proazafers ek yn de autobiografise roman It ferset foarkomt, as proazafragmint. Der is kwa tematyk net in soad ferskil tusken de pozy en it proaza fan Harmen Wind. Yn syn wurk is Wind hieltyd
op e syk nei de sinjouwing fan it libben. Wa bin ik, en wat betsjut it libben foar my? As kristen besiket de folwoeksen Hessel Wisch, it alter-ego fan Harmen Wind ( let op de inisjalen!) antwurd op dizze fragen te krijen. Syn syktocht giet werom nei syn jeugd. Hessel makket de balns op, tegearre mei syn deasike heit. De mem is al stoarn as de lzer yne kunde komt mei heit en soan Wisch. Dizze heit liket syn libbenlang tige wis ( wat in sprekkende famyljenamme !) fan alles en noch wat te wzen, en hielendal as it om de teologise fraachstikken giet. De heit fynt dat syn soan mar dreech docht, wyltst de soan in hlding hat fan ik doch net dreech, it is dreech. Yn in werklik manjefike roman portretearret Harmen Wind it deistich libben fan in griffermearde hshlding t de fyftiger/ sechstiger jierren fan de foarige ieu. Wind skriuwt fan binnent, hy wit as soan fan in griffermearde lderling wrt hy it oer hat. De steriotype standersinnen, de koades, de bibelteksten, te pas en te npas brkt, grif foar minsken dyt yn it grifeermearde fermidden ths grutbrocht binne hiel werkenber. Al soe dizze roman net autobiografys wze, cht, libbensecht is dit proaza wol. Selden haw ik my sa identifisearje kinnen mei in romanfguer as Hessel Wisch, al skriuw ik der meiien achteroan dat s heit hiel wat mylder wie as de romanheit. Boppedat geane myn oantinkens werom nei in griffermeard stedsfermidden. En der siet neffens my noch wol ferskil tusken Snits en Aldeboarn. In grutte ferstjinste fan Harmen Wind syn skriuwerij fyn ik dat hy net fjout fan it miljeu wrt er t komt. Hy skyt net yn syn eigen nst. Dat is in hlding dyt my oanstiet. De skriuwer leit wol mear mear as ienris de finger op it gefoelige plak, faak op tige subtitel wize. Skerpe finkerpripkes komme hurder oan as domme fstslaggen.
De styl fan Harmen Wind is tige lsber, mei in enoarm each foar detail. Minusjeus wurde de dingen beskreaun, hielendal yn it lst, as it deagean fan de heit tfergrutte wurdt. Dizze roman oer in heit dyt him op syn stjerbd tsjin de dea ferset en in soan dyt him (achterf ) tsjin syn strange-kristlike opfieding ferset hie my hielendal yn de besnijing. In prachtich boek!

Henk van der Veer

It ferset , roman fan Harmen Wind. Utjouwerij Frysln (Afk ). 344 siden. Priis: 16,50




Sneeker Nieuwsblad, 10.10.2005
 
 
<< terug