pers > op'e planken > detail
Resęnsy fan Henk van der Veer
Libje yn de sirkelgong fan de tiid

DE HOMMERTS- Skriuwer Bouke van der Hem ( 1946 ) debutearre yn 2002 mei de ferhaleroman ‘ Sloppe Opels’. Dat debút waard tige goed űntfongen. Ofrűne simmer is der fan Van der Hem al wer in nije publikaasje. Diskear debutearret ( no ja…) de Fries om útens op’e nij, hij wennet yn Grins, mei in koarte roman: ‘It Poadiumbeest’.

Ien fan de haadfiguren út It Poadiumbeest, Arjen Wybren Romsma, tinkt op in gegeven stuit ek oan syn debút as Frysk skriuwer. Hy sjocht werom yn’e tiid en jout yn in nutedop syn fisy oer it Frysk literęr tydskrifteklimaat: “…dat fiert him nei syn literatuerskriuwerij fan destiids, it debútstik oer Trivia. Hy besiket te achterheljen wannear’t it yn De Tsjerne publisearre waard. Likernôch fiifentweintich jier lyn. Nee ju, wol fiifentritich! Dęrnei nammers noait wer wat fan dat blęd fernommen, mar hy kin it wol riede: trije kear fan formule, formaat en útjouwer feroare en no in strak, glossy magazine, moai foar op it bysettaffeltsje fan in hantsjefol abonnees en de chilling room fan de deputearre foar kultuer.”
Ik mei wol oer dizze humor, meinammen omdat ik wit dat Bouke van der Hem ien fan de redakteuren fan dat glossy magazine ( ‘de Moanne’ ) is.

‘It Poadiumbeest’ is in koarte roman fan 128 siden, dy’t út trije parten bestiet: Fryslân-Grins, 1963-1973 ( part ien ), Slowakije, april 2002 ( part twa ) en Rome-Almere, maaie 2002 ( part trije ). Yn it earste gedielte wurdt it űntstean en deablieden fan de Snitser popgroep The Beats yn de jierren ’60 en ’70 beskreaun. Yn in hiel kompakte styl ( wat in gong sit der yn dit proaza!), jout Van der Hem in prachtich tydsbyld fan dy rűzige jierren. De (dis-) relaasje tusken de twa bandleden Arjen Wybren Romsma en Jilles Frederiks ( hy is it poadiumbeest ) is in wichtich item yn dit part fan it boek. Mar ek de politieke en maatskiplike tinkbylden út dy jierren komme nei foaren, noait eksplisyt. Van der Hem is in skriuwer dy’t it measte tusken de rigels troch seit, hy lit de lęzer frij. Prachtich en hiel treffend sketst er in sfearbyld fan it Snits út dy jierren. Ik jou hjir inkelde foarbylden. “Al stuitere de bus oer de klinkerts by it Sint Antonius lâns nei it stasjon, de earste wurden lieten har net tsjinhâlde.” Ik haw wolris mindere iepeningssinnen lęzen. No amper mear foar te stellen mar yn de jierren ’60 bestiene der noch dúdlike skiedlinen ( de zuilen ) tusken de befolkingsgroepen yn dizze provinsje. It ferskil komt ű.o. nei foaren yn skoallekar: “ Wat kultuer en horeka oanbelange, wie Snits noch hillich fergelike by Boalsert. En syn iepenbiere HBS stie wer boppe it fine Bogerman-lyseum. Syn katolike ôfkomst die him elke skoaldei op de Boalserterdyk oan dat lyseum foarby riden, want jo kinne jo begripe, roomsen litte de bern fansels net leare op sa’n protestants bolwurk.”
Yn sa’n koart stikje set Van der Hem in tige werkenbere wrâld del foar minsken dy’t grut wurden binne yn dy tiid. Babyboomer Van der Hem past wat dat oanbelanget by generaasjegenoaten Willem Verf en Sikke Doele, dy’t earder al oer harren jongesjierren skreaune.
Foar Snitsers is dizze roman oars hielendal in feest fan werkenning, hielendal at Van der Hem yllustere stedgenoaten op it aljemint bringt. Wat in moaie karakteristyk jout er fan de kapper oan de Alde Komerk: “ …fan it hearskip ( prototype kapper-frijfeint ) dat dęr nerveus knippend om dy hinne draaide yn in soartemint satelytstoel, űnderwyls bope de Draadomroep út tsjin elkeinien Snekers kwekkend.”
Ik fyn it oars wol wat spitich dat Van der Hem syn romanfiguer Jilles net Snekers prate laat.

It twadde part fan de roman spilet yn Slowakije, april 2002, as Arjen op besite giet by Jilles. It eardere poadiumbist Jilles is no konservator fan ‘The Andy Warhol Museum of Modern Art’ yn Medzilaborce. Uteraard komt de haat-leafdeferhâlding tusken beide mannen op’e nij op it aljemint, mar de politike tinkbylden spylje ek net swak by yn dit part fan it boek. Jilles seit tidens it iten dit: “ Jonge, do ytst en drinkst ek al Pé-fan-de-Aa-derich!’ ‘Watte?’ ‘Ja: net rojaal, ôfmetten, te gewoantsjes, hjir wat fan en dęr wat fan, dat set net oan. It is allegear o sa bewust, mar op it momint dast einlings de bek iepen dochst, sunichjes, is alle smaak der al ôf, it krűdige ferflein; tinkst dast cool bist, mar it is frijwat sleau en fol selsmeilijen- wat un gave woarden-, it is sa typys Frysk.”

De besite oan Jilles einigt dramatys en bringt Arjen nei Rome, dęr’t hy in ôfspraak hat mei it Freewyk-fanke Trivia. Ek dizze moeting einiget net fleurich. De lęste dialooch tusken Trivia en Arjen en Arjen syn konklúzje giet sa: “ Mar , eh, goed: ik (=Arjen, hvdv) fiel wat foar dy, dat beken ik, mar dat makket dochs gjin oantaaster fan my, wol? It moat net raarder wured!’ ‘…’ ‘Goaien, Trivia, ík bedoelde: wy kinne ek gewoan freonen bliuwe, begrypst?’ Se jout gjin antwurd, faaks ferstiet se him net of ferkeart se yn de V-hals fan har dreamen.”
Opweromreis nei Almere heart Arjen it nijs oer de moard op ‘de 54- jierrige runner-up fan de Hollânse polityk’, Pim Fortuyn dus. Skriuwe oer de aktuele politike situaasje yn Nederlân, is in noviteit yn de Fryske literatuur en jout dizze roman sűndermis mearwearde.

Henk van der Veer

Bouke van der Hem: ‘It poadiumbeest’, Frysk en Frij, Ljouwert; 128 siden, € 12,--



Sneeker Nieuwsblad, 17.10.2005
 
 
<< terug