pers > onder ut fergroatglas > detail
ResÍnsy over ut werk fan Henk van der Veer
Henk van der Veer makket goede start mei debķtbondel Skrousk

Skrousk is in knap skreaune bundel dy't net allinnich in plakje op in soad boekeplanken fertsjinnet mar der ek rjocht op hat om dÍr regelmjittich Űfpakt te wurden.

As je de bundel lÍze, blykt dat der ien ding is dat Van der Veer syn gefoel gauris dwaande hÍldt en dat is de dea. Tsien fan 'e tolve gedichten geane oer de ein fan it libben. Alde minsken, it tsjerkhŰf, de neieroan kommende dea en Żngelokken komme hieltyd wer werom. De beskriuwingen dy't Henk van der Veer jout binne net omslachtich mar earder ienf‚ldich en tige helder. (...)

De fyftjin miny-ferhalen dy't Skrousk befettet binne fan in wat oare ynslach. Der sitte ferhaaltsjes by om jin de bŻsen by ķt te skuorren, mar ek djip minsklike drama's.

De beskriuwingen dy't er makket binne soms fleurich, soms bitter en faak ek ferrassend. (...)


C.d.B. (= Cor de Boer), Sneeker Nieuwsblad, 21-12-1989
 
 
<< terug