pers > op'e planken > detail
Resnsy fan Henk van der Veer
Jan Dotinga

Ik wol dy wizer ha, gedichten Jan Dotinga


DE HOMMERTS- Fan de dichter Jan Dotinga (1934) is ferline jier in mnske bondel ferskynd bij Utjouwerij Frysk en Frij. Ik wol dy wizer ha, is de titel fan dizze kreaze mar sober tjne tjefte. Mar leafst 120 siden pozij set ld-skoalmaster Dotinga de lzers foar.
It is de 17de (!) bondel fan dizze wolris wat nderwurdearre dichter. Syn earste dichtwurk kaam al yn 1965 t: Lyts ivichheit.

Dat Dotinga syn wurk net altyd achtslein is, en noch net achtslein wurdt, is net in nije konklzje. Dr. G. Abma, skreau yn de Kerkspiegel fan goed tweintich jier lyn al dat Dotinga syn kristlike libbensfyzje debet wie oan dy resepsje fan syn wurk: it is ommers bekend dat de kleur en de toan yn it mear offisjele Fryske fermidden set en bepaald wurdt troch net- of anty-tsjerklike groepearringen.

At dy konklzje tweintich jier lyn al jilde soe, hoe min moat it der no dan wol net foar stean mei de wurdearring fan Dotinga syn wurk? De sekularisaasje is der yn elts gefal net minder op wurden.
Dotinga lkt him, gelokkich mar, neat oan fan al dy faak leechlizzende krityk. Hij giet gewoan syn eigen gong en de frne twa desenia ferskynden der fan him tal fan bondels mei in sterk religieuze ynslach. In soad fan Dotinga syn gedichten hawwe yn tsjerke- en moanneblden stien

Yne nije bondel fan Dotinga wurdt de kearn foarme troch in tritichtal gedichten dyt ynspirearre binne op parten fan de bibelse psalmen. Dat is net unyk yn de Fryske literatuer. Fedde Schurer en Douwe Tamminga, om mar ris twa dichters te neammen, lieten har ek al ynspirearje troch de psalmen. En ek yn it eardere wurk fan Dotinga, tink oan de bondel Wa sil genze(1981) liet dizze dichter him liede troch de bibelse psalmen.
Ik fyn dat dr neat mis mei is. Sterker noch, ik fyn dat it boek der psalmen sndermis ta de absolute literre wrldtop heart. Of sat Gerrit Komrij alris skreau:De Zugspitze van de wereldpozie.( Dit helse moeras, Amsterdam 1983)

In oare fraach, en dy is fansels wol wichtich as it wurk fan Dotinga besprutsen wurde moat, foeget dizze dichter wat ta mei syn fersen dyt ynspirearre binne op de lde psalmen? Ik fyn fan al, Dotinga hat in eigen ld. Dat autentike komt benammen nei foaren yn de moderne wurden dyt hij links en rjochts troch syn fersen struit. In lzer fan gedichten, dyt ynspirearre binne op de lde psalmen ferwachtet gjin wurden as stiletto en atoom. Dotinga docht dat wol en it brken fan dy wurden meitsje syn fersen nijsgjirrich.Hij besiket it leauwen, syn leauwen, ope nij nder wurden te bringen.

Snder bestean

t psalm 52


As dyn tonge in stiletto is
en dyn leagen in misdie
bist troch watst boudest
bedobbe

As dyn leafde yntrige is
en dyn wurd ferneatiging
bist troch watst grut hiest
lytsman

ik neam yne mienskip syn namme
ik leau it atoom fan syn leafde

Ik fyn dat gedichten it bst ta har rjocht komme at se ldop lzen wurde, en dat jildt hielendal foar (psalm-) gedichten.
Dotinga brkt yn syn psalmgedichten gjin rym, hij hantearret de frije fersform. Faak net mear as yn twa of trijerigele strofen.

Neist de goed tritich fersen dyt ynspirearre binne op de psalmen, hat Dotinga ek noch in grut tal gedichten skeaun dyt oer it ferline geane en dan benammen oer it lder wurden.
Al dat dichtsjen hat doel:

Slachtefers

Do wolst de wurden oarderje ta daam
En taast en tiist, do tilst en dochst in raam
In lyts hldfst, in tsjoch ta besinnen
Is dat net watst begearst en drst om wraamst?

Werner Laubi, skreau yn Die Himmel erzhlen (Lahr, 1995) de folgjende frijmoedige bewurking fan Psalm 1.

Gelukkig zijn zij
die de bijbelse verhalen vertellen,
die zich verre houden van de fantasielozen,
niet gaan op de weg van saaiheid en verveling,
niet zitten in de kring van wie aan dogmas hangen,
maar die vreugde scheppen in de verhalen van de Schrift
en ze overpeinzen bij dag en bij nacht.
Zij zijn als een boom, geplant aan waterstromen,
die vruchten geeft, op zijn tijd,
wiens lover niet verdort.
Bijna alles wat zij vertellen,
is een weldaad voor de mensen.

Boppesteande rigels binne fan tapassing op it wurk fan Jan Dotinga, nochris in dichter mei in eigen ld.


Henk van der Veer


Jan Dotinga, Ik wol dy wizer ha, gedichten. Utjouwerij Frysk en Frij, 128 siden. Priis: 12,-







Sneeker Nieuwsblad, 12.01.2004
 
 
<< terug