pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Albertina Soepboer

De útklaaide fersen fan Albertina Soepboer


DE HOMMERTS- Foardat ik wat skriuwe sil oer it nijste wurk fan dichteres Albertina Soepboer ( 1969) earst har hiele oeuvre mar even op in rychje: 1995: Gearslach; 1997: De twirre yn’e tiid; 1997: De hengstenvrouw; 1998: It nachtlân/ Het nachtland; 1999: Fjoer yn’e kop (toaniel); 2000: De stobbewylch; 2001: De dieptering; 2003: Het nachtland/de knotwilg.
En dan no, neijier 2003, har lêst ferskynde bondel De fjoerbidders. Dizze prachtbondel is útjûn troch Bornmeer, te Ljouwert.

Selden is der yn Fryslân sa’n kreas fersoarge dichtbondel ferskynd as De fjoerbidders! Moai formaat, goed papier, fraaie bledspegel, dúdlik lettertype, moai printwurk en fantastys foarmjûn troch Gert Jan Slagter. Koartsein in bondel dêr’t de útjouwer tige flyt op dien hat.

Yn har nijste bondel is it opfallend dat Albertina Soepboer yn fergeliking mei har eardere wurk in hiele oare styl hantearret. Wiene har fersen yn it ferline noch de barokke kant it neist, yn De fjoerbidders is dêr neat mear fan oer. Sterker noch, it nije wurk is ta op ’e bonken útklaaid.

De bondel is in syklus fan tritich fersen wêrbij’t fiif ‘songs’ in soarte fan reade tried foarmje. Dy Ingelstalige ‘songs’ binne fan Kate Bush: Saxophone Song; Patti Smith: Dancing Barefoot; Tori Amos: Sugar; Massive Attack: Unfinished Sympathy en David Sylvian: mei The Scent of Magnolia.
Alle tritich fersen besteane út acht rigels, hieltyd fjouwer kear twa rigels ûnder elkoar, wêrbij’t wol ferskil is yn ritme en it tal wurdlidden.
De hiele syklus giet oer in leafdesaffêre. Wat wol gelyk bleaun is yn dit nije wurk yn fergeliking mei har eardere bondels, is dat Albertina Soepboer noch altyd dúdlik út it perspektyf fan in frou wei dichtet.

It wurk fan Albertina Soepboer is net maklik nei te kommen, dêrmei wol ik net itselde sizze dat har fersen ûntagonklik binne. Sa wurket dizze dichteres in soad mei metafoaren, de lêzer moat him/har konstant opskerpje: stiet der wol wat ik lês?
Soks fernuvert mij net fan ien dy’t seit: “Poëzij is gjin boartersplakje foar in sinnige neimiddei. In goed fers heart in aventoer te wêzen dat dyn eigen wrâld eefkes ferskowe lit.”
( yn De Moanne/Trotwaer, jully 2003)

Wa’t de muoite nimt om it wurk fan Albertina Soepboer yndachtich te lêzen en te werlêzen sil beleanne wurde mei prachtige (leafdes-) poëzij:

Sint-Martensbrân

It knyft snijde fierder. Iepen rekke er,
warleas. Klaai foel him fan’e hûsd ôf.

It baarnde op’e neil, de fingers fûnen
har wei dwers troch it fersûkere fleis.

Focht sipele by my del, de lêste jûn skade
deroer hinne, lykas sielen op it tsjerkhôf.

Yn’e byt ljochte libben fjoer op en ik
preau fan ‘e sinne, liet it yn my komme.


In oerâld tema as de leafde op dizze wize nij libben ynblaze, fyn ik hiel knap. Sa’n fers ropt net allinne gefoelens op, ik fyn it ek tige byldzjend. Moai, écht moai!

It nije wurk fan Albertina Soepboer sit grôtfol mei emoasjes en dat sil dan ek sûndermis de reden wêze dat dizze fersen troch de foarm wat ôfstânliker binne as har eardere poëzij.
As de leafde útein set, dichtet Albertina Soepboer:

Moeting

De stêd wierre grize strjitten, sûker
twirren oan ‘e spoarline, in nacht

Yn’e lampebol fan fiere flat: man
wachtsjend foar it reinich bytfabryk.

Ik smite de fyts oan’e kant, wankel
en werkende in lûd út in oar ferline.

Hy joech my de hân, sei dat hy it wie:
earste pianospiler, sad septimbersong.

De muzikale toan is setten, yn de 30 fersen spilet muzyk in grutte rol en kin de lêzer genietsje fan prachtige sinnen lykas: ‘De beatbassen: de switterige jûnsploech/ wakker de ripe biten ta sûker meallend.’ Of ‘It requiem waaide fan’e flat, ôfdwaalde/ fûgelkloft út de triedden om it bytfabryk.’
Neist leafde, muzyk, erotyk is religy ek ien fan de kaaiwurden yn it nije wurk fan Albertina Soepboer.

De hiele syklus liket ien grut heechliet te wêzen, spitigernôch (?) giet de leafde tusken de ik-figuer en har ‘loverboy’ foarbij, it ienige dat oerbliuwt is fantastys moaie poëzij:

I’ll never be your Maggie May

Sleatswetter by it bytfabryk, wytljocht
at ik moarns wekker waard en it seach.

De romten dy ’t mar net sletten rekken,
dûzeljende noaten op’e westerstoarmen.

Net de toarst net de honger net hy net
doe’t ik de heale moannen skjin himmele.

Mar it sleatswetter, as de reindrippen
en reade surch stoffich by it spoar del.

De lêste fjouwer rigels fan dit ymponearjende wurk einigjet mei de symboalise dea fan de ik-figuer. Neat gjin falske romantyk, earder in ûnmooglike leafde.

Sa’t ik dêr iepen lei op ’e kâlde grûn, rein
kaam en neat noch sear die. Witte soe ik.

De trein kaam foarby, de nacht liet de stjer
los en it fjoer lôge in skoft. Sa’t it doe gie

Gearfette, in rike bondel dy’t sa koart nei ferskinen no al in klassyk neamd wurde mei!


Henk van der Veer


Albertina Soepboer, De fjoerbidders. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert, ynbûn, 64 siden. Priis: € 15,--


Sneeker Nieuwsblad, 19.01.2004
 
 
<< terug