DACHBOEK
Elke dach un tekst, un foto en un gedachte, skreven in ut Snekers
Resênsy Frysk Kadoboek in ut Friesch Dagblad

In staalkaart fan ferhalen
De titel fan it kadoboek foar de Fryske boekewike is Seis Ses Zesse Ses. Seis ferhalen dus, mei as ynstek meartalichheid yn Fryslân. Neist Frysk binne dat it Stellingwarfs, Snekers, Bildts en in bytsje Amelands.
Stellingwarver Johan Veenstra iepenet mei Parredies, oer in âldere man dy’t in skoft yn in hippe airbnb ferbliuwt – net tafallich it ’oolde huus’ fan syn bernejierren. It is it plak dêr’t de haadpersoan de wierheden ûnder eagen sjen moat. In ferlerne leafde, in heit dy’t der net is, in ûnbekende ’halfbreur’ en in mem dy’t leaver earne oars wie. Oars net as ’Over mekaander henne buitelende vraogen’ dus. Yn syn karakteristike brekbere styl liedt Veenstra de lêzer nei de definitive antwurden.
Garbriëlle Terpstra skreau mei EC 174 in reisferhaal oer in ik-figuer, dy’t yn Tsjechië har ferkearing útmakket en mei de trein werom reizget. De reis is in refleksje op de toksyske relaasje, moai symbolisearre yn de oerstap yn tsjuster Frankfurt, ’de crackhaadstêd fan Dútslân’. Lykas har autobiografyske romandebút Geller giet it ferhaal oer de selskant fan it libben, mei Terpstra as in cleane stim tusken de junks. Prima wurk.
Spionearjende frou
Taedes rimpeling fan Gerard Marcel de Jong giet oer Bilker Taedes, dy’t de soan fan Taedes is. Lêstneamde hat nei de berte fan syn soan yn 1917 hûs en hear ynwiksele foar de Flaamske Benthe, dy’t har profesjoneel ’Hirondelle’ neame lit – in publike en sa spionearjende frou. As de folwoeksen soan besite krijt fan de Flaamske Golondrina, begjinne de twa inoar te begripen, ûnder tafersjoch fan de boeresweltsjes. De Jong lost de premisse oer ’’n niet al te knappe maar goedbedoelende man, die’t syn praatsy wel klaar hat’ yn myn eagen net hielendal yn, mar it ferhaal lêst as in trein.
Bildts bloëd fan Marije de Lange begjint ek yn It Bildt en eindiget op It Amelân. It is in ferhaal oer Maria, dy’t de naïve Okke ferliedt. Ien en oar moat op kommando fan heit, de Amelanner kommandeur Tromp, om sa ’oanze kultuur te bewaren’. De kombinaasje fan folksferhalen en mytologyske tema’s is goed útwurke, mar yn de rige is it in frjemdling. Gean de oare ferhalen oer deistige minsken, Bildts bloëd’is mear in earnstich epos.
Anton B. fan Sneker Henk van der Veer is in fraachpetear mei ’technys ferloskundege’ Anton Boersma (1936-2020). In ynbrekker dus, fan de âlde slach – stelle dogge jo allinnich út de bankklús of in sletten Hema, net by minsken thús. It moaie is dat Anton in goeie ferteller is, mar van der Veer portrettearret B. benammen as paradysfûgel fol ferhalen en net as pensjonearre krimineel. Foar de bondel is dat net slim, foar de wierheid wol.
Jankbuien en moardlust
Martsje de Jong beslút de bondel mei Grillmaster, oer in frou yn de oergong. Hat Sonja slim te lijen ûnder de jankbuien en moardlust, har relaasjes – kollega, soan, eks – hawwe it ek net maklik. Yn it krematoarium dêr’t se wurket komme it ûntregele moed en it poerlilke lichem byinoar. In flot en mei humor ferteld ferhaal, mei in ûnfoarsisber ein.
Sa is it kadoboek Seis Ses Zesse Ses yn al syn meartalichheid in beskieden, mar breed útwaaiende staalkaart fan literêre stimmen anno 2026. Foar elk wat, oars sein. De byhearrende tekenings binne fan Hendrik Elings.
Gerard de Jong, Martsje de Jong, Marije de Lange, Garbriëlle Terpstra, Johan Veenstra, Henk van der Veer, ’Seis Ses Zesse Ses’, kadoboek yn it ramt fan de Fryske boekewike fan sneon 31 oktober o/m snein 8 novimber
Jaap Krol, Friesch Dagblad
Kollum over ut Boekeweek 'feest', fan Gerard de Jong

Gerard de Jong, kollege auteur fan ut Boekweek Kado, het un kollum over syn beleving fan'e start fan de Fryske Boekewike skreven. Staat fandaach in'e LC.
Staat hieronder:
Air boys
Frijdegaven waar de ôftrap fan de Fryske Boekewike.
Met fiif kollega-skrivers hew ik ’n ferhaal foor ’t boekeweekgeskink skreven, útgeven deur Uitgeverij Louise, met ferhalen in ’t Frys, Stellingwarfs, Snekers en Bildts.
Ik ston achterin Tresoar te ouwehoeren doe’t spreekstalmeester Asing Walthaus de ses skrivers na forenen riep. Soadoende waar ik de leste in de rij. Ik keek gau ’s na rechts, in ’t gapende gat naast ’t poadium, der’t ik gefaarlik dichtbij ston.
Asing froeg myn kollega-skrivers wer’t hur ferhaal over gong, wat de achtergrônd waar. Ik prebeerde te bedinken wat ik, as leste in de rij, sêge sou. (‘Werom deuze form? Gyn idee. Autobiografys? Ni. Wat waar dyn inspirasjy? Kin ’t dij niet fertelle, Asing’.)
’t Liep âns, soa’t alles altyd âns loopt. Asing froeg mij, as enige, niks over myn ferhaal. In ’t plak derfan wou hij wete hoe’t ’t met ’t Bildts gong, at d’r nag in ’t Bildts skreven worde, en wort die Bildtse-Kultuurpriis nag wel útraikt? (goed; ja; seker) Ik keek nag ’s na rechts, der’t ’t gapende gat mij inenen as stabile grônd foorkommen deed.
’t Maakt ok niet soafeul út wat je op ’n poadium sêge. Wat je niet sêge wort faak beter ferstaan as wat je al sêge.
Twee dagen eerder had ik met myn kammeraten, kûnstner Hendrik Elings en singer-fersyskriver Jan de Vries, weer ’n Bildts avendsy. Die houwe wij geregeld, foor rotarys, sake- en hereklups. Niet wat wij sêge, maar wat wij binne of in hur ogen ferteugenwoordige, maakt de avens bra de moeite wirrig.
Ik fertelde over de werkende klasse op ’t Bildt, en hoe’t Domela Nieuwenhuis fruchtbere grônd foor syn revolússypreek fon op ’t Bildt. Na ôfloop stak ’n frou de finger op. ’Je noemde een paar keer air boys. Wat is dat?’
Air boys? Gyn idee ... Ant ik ’t ’n paar keer luudop saai. Erbaaiers.
„Sjoch”, saai kollega-skriifster Anita Terpstra – de Steffi Graf fan TC ’t Nijlân, en skerp as ’n mes – mij frijdeg in Tresoar, „no’t dy nèt oer dyn ferhaal frege is, makket it minsken allinnich mar nijsgjirricher!”
Dat waar ok myn antwoord weest op de fraag wer’t myn ferhaal over gaat: ’Dat gaan ik niet útlégen. Koop prachtige boeken, pak dat mooie boekeweekgeskink met, en lees ’t maar.’
Koperen Kees
Fanavend magge Martsje de Jong, Johan Veenstra en ik foarleze/fertelle út/over ut Frys Boeke Kado. Fanou 19.30 uur is iedereen welkom bij de Koperen Kees in Sneek. Ingang in 'e Parkstraat. Jankobus Seuninga fersòrgt de múzyk, ut wurdt fast un joppege avend. In 4 ferskillende talen.
Praat su'stou bist

Later fanneweek wel mear! De taalkampanje fan de Gemeente Súdwest-Fryslaan is los. Ok in ut Snekers!
En foar wie't nieuwsgierech is: Tik op'e QR-koade!
Beareloop op Terskelling is mear as drave allienech


Gister mòcht (!) ik foar de fijfde kear Kleintje Berenloop op Terskelling lope, de 10 km wel te ferstaan. Ut is un geweldech evenement, eigenlek sjakt ut niks onder wat foar wearsomstandechheden! Foarech jaar miigde ut an een stuk deur, gister leek ut ferdomd wel foarjaar op Terskelling.
Ik was dan ok mar wat blij met de keuze om in’e kòrte broek te draven. Mar foar ut sufer was earst wear koffydrinke bij Karen en Gerald, dy’t al dy jaren oans gastfrij onthale in ut fakaansyhús dat sij in ut Beareloopweekend húre. Na ouloop fan’e draverij magge we dêr ok dûse. Hoe moai wille je ut hewwe?!
Ut lopen ging gister as un tierelier. Ik had mij foarnommen om met myn frouleke loopfryndinnen met te gaan. Mar dy spraken mij na un anderhalve kilometer al an:‘Ga nou maar, je gaat als een speer!’
Soms binne der fan dy dagen dat je futdaleks in’e kadaans komme. Ik docht na 3 km al, ik kuiere aansens even bij 5 km. Nee, ii gaan deur naar ut blauwe bòrdsje met 6 km en nim dan even rust. Mar úteindelek hew ik rond kilometerpunt 9 even un bitsje kalmeran deen om dêrna in hooch tempo te finishen. Bin simpelwech ferrekte dankber dat ut gister su goëd ging. Myn eindtyd was 1 uur, 11 miúten en 34 sekonden. Wel met de antekening dat we mear as 10 kilometers draafd hewwe. Komt foar mij del op un pr…Mar dat is nyt offisjeel en doët der ferder ok nyt toe.
Na ouloop met de hele ploech naar Eetcafé Storm in’e Torenstraat. Fòlgens suske I. waait ut dêr altyd. Inderdaad ut waaie wear bier! En bitterballen & flammetjes. Lekker gesond dat brúne goud út’e frituurpan!
Uteraard ok wear lúdkeels an ut singen weest en de hele kroech song met. Ut gaat nergens over, mar ut is wel ferrekte gesellech.
Bij ankomst in Harlingen stond privé sjauufeur H. al wear klaar en wurdde we feilech naar Sneek teruchbrocht.
'k Koester dizze gouden dagen, en nòch us: In groate dankberheid!
