|
 |
16 augustus om 17:44 |
|
Over tňt de ňrde fan de dach

Un sonovergoaten week achter de ruch en wear moai wat ervarings riker. Voilŕ ik bin wear thús. Su’k gister skreef sal ik jim nyt fermoeie met myn fakaansy-kiekjes. Eén fan de moaiste foto’s dy’t ik maakt hew getúgd fan húskeflyt. Letterlek dan. Sien hierboven. De oulopen week un ferrekt bitsje deen. Ete en drinke & su. Saai? Och de gedachten op nul te setten ( foar sufer dat lukt ) is ok wel us noflek. Relativeare nyt minder!
Tussen de papieren pňst fan oulopen week sat ok un slúf met de earste edisy fan ‘ De Sneeker Denker ’. Ut is un pamflet dat skreven en útgeven wurdt deur meardere dichters út Sneek. Doel fan dit pamflet is ‘ u hierbij te betrekken! ’ Tsja foarlopech kom ik nyt ferder as ‘un moai inisjatyf en ik węns jim un soad súkses! ’ Ik weet nyt wie’t achter dizze útgave sit. Al hew ik wel un fermoëden.
Mňrren hew ik de earste fergadering fan un nieuw projekt in Sneek. Het te maken met fotografy en teksten. Weet eigenlek nňch nyt ňf ik dęr al over públiseare mach. At ut wel su is, dan leze jim dat gau genoech.
Gistermňrren ut będ útbeld deur un iverege pňstboade met un trio nieuwe boeken fan de Friese Pers Boekerij. Hierbij de persberichten:
Nije misdiedroman fan Sietse de Vries

Potstro Fongers
Trije manlju fan middelbere leeftyd besykje yn Potstro Fongers wat fan it libben te meitsjen. Snackbarhâlder Cor Fongers dreamt fan in potstro, in bistro mei allinne Fryske gerjochten. Aptekersassistent en keapman Marten Bok siket om in belizzing foar syn swarte jild. Resjersjeur Arjen Witteveen – hy wennet sűnt syn skieding wer by syn mem – begjint op terapeutyske basis oan it űndersyk nei de moard op dyselde Marten Bok.
It boek spilet yn de wrâld fan de moderne misdied. Mar de motiven achter de strafbere feiten dy’t yn dit boek bedreaun binne oerâld: leafde en wraak. Potstro Fongers is de lang ferwachte opfolger fan it suksesfolste boek fan Sietse de Vries oan no ta, Kűgels foar Kant. Spanning, humor en de aktualiteit binne fęste eleminten yn syn misdiedromans.
Nije roman fan Durk van der Ploeg
In beferzen mar - spilet yn it Lauwersmargebiet

Nei syn grutte histoaryske roman It himelsk oerwurk ferskynt no in roman fan Durk van der Ploeg dy’t yn de tweintichtse ieu spilet. De haadpersoan Lochman Raven hat beropsmilitęr west oant er by in fredesmissy ferwűne rekke. Untidich komt er út tsjinst. Nei it ferstjerren fan syn heit, wennet er yn it âlderlik hűs oan de âlde seedyk fan de eardere Lauwerssee. Lochman wurket as wyldbehearder yn it natuergebiet fan de Lauwersmar.
Op in dei komt der in man by him oan ’e doar. It blykt syn broer Teves te wezen. Hy wie in healjier doe’t syn mem stoar en fiif moanne letter hat syn heit him weijűn. Lochman wie doe acht jier. Teves wol witte, węrom’t heit him as poppe oan frjemde minsken weijűn hat. Dy fraach groeit by Lochman út ta in inerlik konflikt, dat er earst mei himsels, en dan mei syn broer útfjochtet. Stadichoan wurde de riedsels út it ferline oplost.
De sfear fan de natuer en it wurkjen dęr mei konikhynders yn it Lauwersmargebiet wurdt troch Durk van Ploeg op treflik typearre. Hy is goed thús yn dy omkriten, kin alle paden, reden en hikken, de sfear fan it gea en de minsken. Yn In beferzen mar snijt de skriuwer bekende tema’s oan lykas de rivaliteit tusken minsken dy’t inoar eins hiel nei binne. Tagelyk rjochtet er in monumint op foar dit bysűndere natuergebiet.
Rink van der Velde – De fjildferhalen

Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. De natuer joech him it gefoel dat er frij wie. As jonge strúnde er om yn de bosken fan Beetstersweach en learde er de natuer troch skerp observearjen fan tichtby kennen. Fiskje en jeie wie syn lust en syn libben.
En harkje nei de ferhalen fan manlju dy’t de tiid noch meimakke hiene, doe’t minsken libje moasten fan de fiskerij en de mollefangerij en de jacht op murden. De fjildferhalen fan Rink van der Velde binne prachtich skreaun en steane fol mei sekuere observaasjes fan it hâlden en dragen fan minske en bist yn it iepen fjild. Ultsje G. Hosper, direkteur fan It Fryske Gea, skreau it foarwurd by dizze bondel.
Rink van der Velde (1932-2001) wie ien fan de populęrste skriuwers dy’t Fryslân kend hat. Syn wurk, benammen syn ynkringende oarlochsnovelle De fűke, waard bekroand mei de Gysbert Japikspriis.
|
|