nieuws > overzicht > nieuwsbericht
Nieuwsbericht
BOTTEMA EN WYTSMA SKRIUWE BOEKEWIKEGESKINK 2006 11-4-2005

It Frysk Boekewikegeskink fan 2006 wurdt foar de earste kear troch in duo skreaun. De auteurs binne Sjoerd Bottema en Baukje Wytsma. Dat hat de Stichting It Fryske Boek as opdrachtjouwer bekend makke.

De basis fan it boekewikegeskink is in briefwiksel tusken de skriuwers. It boek sil takom jier foar de Fryske Boekewiken fan 27 febrewaris oant en mei 11 maart ferskine.

Sjoerd Bottema (1948) wennet yn Weidum en is dosint Frysk op de Ljouwerter skoallemienskip Piter Jelles. Fan syn hān ferskynden ūnder oaren in ferhalebondel (It fertriet fan dokter Kildare, 1994), twa novellen (Neaken as in ierdbei, 1998) en in roman (It aai fan Siderius, 2001).

Baukje Wytsma (1946) debutearre as dichter yn 1980 mei de bondel Noch ien slach om ’e buorren. Sūnt hat se seis fersebondels skreaun, mar ek lietteksten, boeken foar bern en gelegenheidswurk by ūnderskate eveneminten (Simmer 200, de PC yn Frjentsjer). Baukje Wytsma wurket as freelance sjoernalist.

Bron: www.farsk.nl

 
 
<< nieuws overzicht