|
|
4 desember om 11:54 |
|
Fryske Pippi Langkous yn pear wike tiid oan twadde printinge ta
De Fryske edysje fan Pippi Langkous is populęr, it boek is yn in pear wike tiid oan de twadde printinge ta. De earste oplage fan 1000 stiks dy’t mids novimber ferskynde by útjouwerij Afűk is hast útferkocht. Oer twa wiken leit de twadde printinge yn de boekhannel.
Ernst Bruinsma fan útjouwerij Afűk: ‘Prachtich nijs. Minsken hawwe ferlet fan űntwapenjende ferhalen, dat docht mar wer bliken. Dat it boek oanslaan soe by de Fryske lęzers, wisten wy eins al by de earste stikjes oersetting dy’t Martsje de Jong by ús ynlevere. De Fryske taal past by de ferhalen fan Pippi sa’t Tommy en Annika by har passe.'
De ‘Fryske Pippi’ is útbrocht ta eare fan de 75ste jierdei fan it sterkste famke fan de hiele wrâld. Yn de Fryske edysje fan Pippi Langkous stean de dielen 'Pippi Langkous', 'Pippi Langkous giet oan board' en 'Pippi Langkous yn Taka-Tukalân'.
De oersetting is makke troch Martsje de Jong.
|
|