dagboek > overzicht
Dagboek júly 2019
 
30 júly om 21:58
 
Ut wurdt altyd wear Sneekweek...





Fanmòrren un antal foto's nommen fan de omtrekkende bewegings richting 84ste Sneekweek. Hew wat un apart gefoël, nyt su útbundech as foargaande jaren. Wêr sú dat nou deur komme? Mar een ding is seker ut wurdt altyd wear Sneekweek! En mòrren naar de PC! Nou su.







 
29 júly om 19:14
 
Sat wel múzyk in dizze dach





Fanmòrren ondanks de warmte ok de derde treningsopdracht fan coach Martin B. útfoerd: 3 kear un kertier drave met der tussen in un minútsje rust. Tegare met Age fanself. Diskear deur ut burgemeester De Hooppark fan Sneek, lekker onder de bomen. Ging bêst.

Fanmiddach genoaten fan ut skútsjesilen op Omrop Fryslân TV! Kanst ut negens su goëd fòlge, mar der gaat niks boven om der self bij te wezen.

Al met al sat der fandaach wel múzyk in dizze dach en fyn ik ut nyt erg dat de temperaturen naar onderen gaan...

Bovenstaande foto nam ik oulopen saterdachmiddach tidens ut skútsjesilen bij Grou.
 
28 júly om 12:13
 
Un dach sonder internet





Ut is úteraard un bitsje bespotlek dat ik nòch altyd fan’e mik bin at ut internet derút leit. Gister, na de stroomstoaring was ut wear us sufer: de hele dach sònder internet. En dy jonges en meiskes fan Ziggo mar switte. Omdat we sinds un antal weken ‘bij Ziggo sitte’, ok gyn TV. Nou fyn ik dat laatste nyt su erch, mar der woant hier nòch eentjes in’e hús en dy denkt der anders over.

Gistermiddach bij de ouverture fan ut skútsjesilen weest. Ut wurdde un warme mar prachtege opening fan de kompetisy 2019. Sneker Pan, na un nyt al te bêste start, deed ut heel behoarlek. Na de ferloaren protesten fan Drachten en Earnewâld, un moai fierde plakje foar Jappy Visser.





Ondanks dat Gerhard Pietersma met syn Earnewâld 14 strafpunten an’e kont kreech, was hij foar mij tòch winner na syn emoasjonele oproep om as skútsjeskippers ok wat foar de Maarten van der Weijden Foundation te òrganisearen. Dat gaat goëd kommen Gerhard!! Tòpper bist!






Kollega’s Eelke Lok en Tom Coehoorn( hier boven) waren gister druk op ut water, terwyl ik an’e kant fan’e Tynje ston ( GOUDEN plakje!). Leverde un paar moaie plaatsjes op.



 
26 júly om 17:51
 
SKS Magazine 2019 & Skûtsje Post 2019





Fryslaan is un laan fan tradisy's, dêr't ut skútsjesilen seker bij hoart. Wie wurdt de 75ste SKS kampioën? Dêr gaat ut úteindelek om! Mar der is mear, ut binne ok de achtergroanferhalen, de mins achter de skútsjeskippers en hun bemanningsleden dy't tòt de ferbeelding spreke.

Ik mocht ok dit jaar wear un moai soadsje interviews doën foar ut SKS Skûtsje Journaal en de Skûtsje Post, de bijlage fan de Friesland Post. Prachtech om te doën! Ut resultaat fan dat interviewen falt in beide magazines te lezen. Feul leesplezier en ik wêns alle skútsjeskippers en hun bemannings un moai kampioënskap toe!

 
25 júly om 18:38
 
Utgeverij Bornmeer/Noordboek





De útgeverij Bornmeer/Noordboek geeft ferrekte moaie boeken út! Kreech fanmòrren un 4-tal boeken toestuurd om te bespreken, en ik sal dat ok seker doën. Ut earste boek dat ik resênseare sal is 'Zuivelfabrieken in Frieslan', fan oud-Sneker Peter Karstkarel, Marijn Molema en Robert Visser.

In ut fraai útgeven boek kwam ik un foto teugen dêr't myn pake Geert op staat. Hij was o.a. keesmaker in Drachtstercompagnie.

De resênsy sal in de Friesland Post fan september ferskine.

In ut kommend najaar ferskine der un groat antal boeken bij Bornmeer/Noordboek.
 
24 júly om 18:25
 
Bruorren Kuiper winne beide in Rele Jorritsmapriis





Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Ik doch it foar dy’ fan Elmar Kuiper (foto) út Jorwert en ‘Kimboeëwij’ fan Geert Nauta út Wergea.

De winnende gedichten binne ‘Sleau mei lok’ fan Jetske Bilker (Achlum), ‘Wy kinne…’ fan Henk Nijp (Mantgum) en ‘Ik miende’ fan Remco Kuiper (Goutum).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 81 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen.

De sjuery bestie diskear út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 5 oktober útriktyn it doarpshûs te Weidum.

 
23 júly om 21:25
 
Eelke & Jeroen





Sumar siën ik, nou ja sumar, ik siën dus dat ik twee kear achter mekaar un swartwit foto plaatst hew. Past dizze fan fotograaf Jeroen van der Kallen ok wel bij.

HJeroen sette Eelke L. tidens un Gesprek fan Sneek prachtech op'e foto. Ondertussen tikke Eelke en ik oans de fingers blau foar de Grootútgaven!

En Jeroen? Ik wú wel wear us wat mear fotowerk fan um siën!
 
22 júly om 19:48
 
Ut 'e toanen





Nou't Martin, oans trener op fakaansy is en de frouwen wêr't we anders met drave ok 'nyt thús' geve, om over Kees P. mar te swijgen, mut de motivasy om op maandachmòrren te draven út de toanen komme.

Gelukkech is der dan altyd Age B. nòch, dy geeft never noait nyt op, sudat we fanmòrren foar de tweede kear draafd hewwe sonder trener. Fòlgende week nòch us en dan is ut Sneekweek. Om dan te draven? Ik weet nyt, je mutte ok nyt overdriëve nou?!

Foarlopech wurdt ut hoochsomer en breng ik myn dagen skriëvend en lezend deur. Wacht op de públikasy's dy't ferskine salle!
 
21 júly om 20:47
 
Strikel & Hylkje





Op een fan myn boekeplanken staan de Frysk (literêre) tydskriften. Su nou en dan pak ik us un jaargang en sneup dy deur. Een fan dy tydskriften is de Strikel, in 'Moanneblêd'. Staan prachtege ferhalen fan Martha in, de skúlnaam fan Hylkje Goïnga.

Dy ferhalen fan Hylkje binne nòch altyd ut lezen mear as weard. Idioat gewoan dat sij noait de hoochst Frysk literêre priis kregen het dy't har toekwam. Ik hew ut dan over de Gysbert Japikspriis. Gelukkech hewwe we har ferhalen nòch!

 
20 júly om 17:38
 
Ut wurdt altyd wear Sneekweek...





Wat der ok gebeurt, ut wurdt altyd wear Sneekweek! Ok in 2019!!

Dit nou al memorabele jaar met tijgermotyfkes, want we gaan wel met de moade met!
 
19 júly om 17:47
 
Fan Rockstra mei de Rolling Stones





Onderstaand ferhaal skreef ik 20 jaar leden foar ut Frysk literêr tydskrift Trotwaer. Al was us gister!!

‘Iet ies fantastisch om in Groningèn tu sein!’ BAFFF, dy Mick Jagger yn syn fluorisearjende oranje t-shirt sei it dochs werklik. Hy wiè op twa juny 1999 mei syn Rolling Stones yn it Grinzer Stadspark foar ien fan de Bridges to Babylon-optredens.

En ik wie der ek, foar it earst fan myn libben nei in konsert fan de Rolling Stones. Op 12 desimber 1998 hiene we de kaarten, 95 gûne it stik, al besteld. In hiele ploech, sa'n man/frou as fyftjin, by ús út it doarp hie itselde dien. De ienige ûnderfining dy't ik mei megakonserten hie wie in optreden fan Tina Turner, op 1 novimber 1990 yn it Thialf Stadion op it Hearrenfean. Dat wie foar my in hielendal tè gekke ervaring. Doe't de Stones foar't earst yn Nederlân wiene, yn 1964, hie 'k it krúske amper op 'e rêch. De ferhalen oer de earste optredens fan de Beatles en de Rolling Stones hawwe myn leeftydsgenoaten (de 45-tigers) allinne mar fan hearren en sizzen. Wy ha noait Hippie west en al likemin Yuppie.

Wy binne eins Huppy's dy't altyd te let of te betiid binne. No't de Stones sa ticht yn 'e buert wiene ha 'k sa gau't ik de kâns krige myn trekken waarnommen. Einlings wolris op 'e tiid!

It waar is dy twadde juny brodzich, der sit tonger yn 'e loft. As we de middeis om trije oere by Snits de A-7 opride falt it wetter al mei bakken út 'e himel. Yn 'e goedichheid jou dy frekte grifformearde Grinzer dûmny's net de idee dat se in streekrjochte ferbining mei de himel hawwe.

Mei de bleate knibbels op in kokosmatsje hie alles wat fan in grifformearde sinjatuer wie bidden tsjin it konsert fan de Rolling Stones. Allinne op basis fan it nûmer ‘Sympathy for the devil’ hiene de pipermuntsjegrifformearden út Uithuizermeeden en omkriten Stonessjonger Mick Jagger fertocht fan satanisme. Reden genôch om te bidden as it konsert yn Grins ‘floppe’ mocht. Bidde om reinwetter, as wiene se de profeet Elia sels, hearekrisje, wat in healwize aksje. Irony bestiet blykber net yn it Grinzers. Bidde tsjin satanisme, ik ha der as oprjochte kalvinist mei net te min skuldgefoelens gjin problemen mei. Mar de Stones meitsje mei har duve(l)katerse muzyk de wrâld al omtrint fjirtich jier ûnfeilich en moatte Mick Jagger en syn maten, krekt no't se einlings ris yn Grins komme, tsjinholden wurde mei gebed?

Lokkich klearret it waar dy jûns op, ûnder it konsert falt der gjin drip, en as Mick Jagger ‘Sympathy for the devil’ ynset doch ik wakker mei yn it hu-hu-koar.

We parkeare ús auto op in stik lân oan 'e Peizerweg, beteltje in tientsje en geane mei tûzenen op wei nei it Stadspark. In tippel fan trije kertier. De sfear is relakst, it praat giet oer de eardere Rolling Stones konserten, oer dat it ivich en altiten min waar is wannear't de Stones yn Nederlân binne. Mar it giet ek oer it meast memorabele Stones-konsert, dat de band yn 1964 yn ús lân hold. Op 8 augustus fan dat jier steane de Stones op it poadium yn it Kurhaus fan Scheveningen. Krapoan in kertier duorret it optrêden, dan bespringe hûnderten fans it poadium en wurde der like hurd wer ôffeegd troch de Haagse plysje. In plysjeman op it poadium smyt stuollen de seal yn, de knokploech fan konsertorganisator Paul Acket trapet wyld om him hinne.
‘Politie tepaard’ rydt tusken de fjochtsjende binde troch, oeral leit bloed. Mick Jagger sil letter ferklearje dat it de heftichste rel wie dy't se ea op in konsert meimakke hiene. Net iens troch tadwaan fan de fans, mar troch it furieuze optrêden fan 'e plysje.

Fan sa'n broeierich sfearke is neat te merken as wy om healwei seizen by yngong A oan 'e Laan 1940-1945 it terrein fan de Grinzer Draf-en Renbaan opstappe. De jonges fan 'e security company dy't troch organisator Mojo ynhierd binne kontrolearje allinne mar oft wy ek ‘blikjes’ by ús hawwe. Wy net, mar oaren blykber wol, it leit besiedde mei blik dat net meinommen wurde mei op it terrein. De merchandising-merk draait op folle toeren. Allinne beropsfotografen is it tastien by it konsert foto's te meitsjen, om doch in foto fan de Bridges to Babylon te krijen wurdt ús in tegoedbon yn 'e hannen treaun. Opstjoere nei Michael & het FAN Association-team, mei twa gune ekstra oan postsegels, en in ‘kosteloze live-kleurenfoto’ yn superformaat sil tastjoerd wurde. Ik weagje de gok.

In struibriefke mei it ‘tongue & lip’-logo makket reklame foar it Stones People Magazine. Mei in oplage fan 40.000 eksemplaren yn 41 lânen is it sûnder mis it grutste fanklupblêd fan The Greatest Rock ‘n’ Rollband in the World. Ik nim gjin abonnemint, foar ynformaasje oer de Rolling Stones, sykje ik myn heil wol op it Internet dêr't tsientallen websites omtinken oan 'e groep jouwe. Foar de tinten mei Rolling Stones t-shirts, broeken, CD's, posters en oare Stones-snypsnaren is der gjin trochkommen oan. It is ècht big business.

Op it grutte terrein fan 'e Draf- en Renbaan sit en leit it folk inkele oeren foar it begjin fan it konsert yn groepen bymekoar, it is suver in sentimental journey: de reek fan joints sa grut as in altsaks kringelt omheech, froulju, dy't Sara al lang sjoen hawwe, yn superkoarte tiger-stof-rokjes, rinne grutsk mei de beppesizzers oan 'e hân. Trije generaasjes Stones-publyk trekke op nei de foarste rigen. Wy sykje in plakje neist de linker ‘mixtoren’ en hawwe in machtich útsicht op it poadium.


It poadium fan Bridges to Babylon slút perfekt oan by de ‘grut, grutter, grutst’-gedachte fan 'e band. It troch Mark Fischer ûntwurpen ûnbidich grutte ding is mar leafst 54 meter djip, 26 meter breed en 25 meter heech. Ut 'e yngewanten fan it poadium sil letter op 'e jûn noch in 52 meter lange bridge foar it ljocht komme. Eachlûkers binne fierders in gigantys grut ovalen fideoskerm en twa dito grutte opblaaspoppen. Dy twa froulju symboalisearje de deasunden ‘luiheid’ en ‘vraatzucht’. Alteast dat fertelt in Stones-fan my, dy't sa't liket streekrjocht út 'e Flower Power tiid stapt is. Se wit ek noch te fermelden dat de ynstruminten fan de Stones oansluten binne op it Electro Voice X-Array PA System, dat ûnder oaren bestiet út 100 fersterkers en 160 lûdsprekkers mei in folsleine kapasiteit fan 252.000 Watt. ‘Maar zeg, dat hoef je niet allemaal op te schrijven, ik stuur je wel even een mailtje met wat logistieke gegevens...’ De oare deis noch lês ik op myn Daewoo-skerm dat wannear't de Rolling Stones yn Grins optrede ergens oars yn Europa twa oare poadiums ferpleatst of ôfbrutsen wurde. Trije ploegen-de Steelteamsfan 25 man reizgje yn 15 frachtweinen mei elke set mei. Sa'n 170 man folgje de bandleden permanint.

Even nei healwei achten komt der beweging op it poadium, Catatonia begjint mei it foarprogramma. De Welske band makket op my gjin bysûndere yndruk, al moat sein wurde dat sjongeres Cerys Matthews wol in hiel eigen lud hat.
De hoasbui mei bliksem enheilstiennen dy't om fiif oer achten útbarst des te mear. Mei in hiele ploech ûnder in grut stik plestik ‘Who stops the rain’ blêre - dat is pas kicke man - en it mei-in-oar-ien-gefoel berikt syn hichtepunt noch foardat Mick Jagger mar ien stap op 'e planken set hat.

Om sân minuten oer njoggenen skowe de grize gerdinen stadich iepen, flitse de spotlights oan en dreune de earste klanken fan it iepeningsnûmer ‘Jumping Jack Flash’ oer de Grinzer Drafbaan. Op it fideoskerm sjoch ik in driftich baaske yn in fel oranje t-shirtsje oer it poadium hinne en wer huppeljen: Mick Jagger ‘Rubber Lips’ live! Neist him dy leipe Keith Richards, de fleiswurden Rock & Roll, it shagje slûchslim tusken de lippen, dy't mei syn earste riffs it publyk al fuort en daliks yn fjoer en flam set. Ron Wood, de deis foar it konsert 52 jier wurden, in pear stappen achter de publyksgeile Keith, laket it publyk ta: here we are, no giet it fan rockstra! It grutste applaus is lykwols foar de Stille Stone, Charlie Watts. De drummer fiert dizze dei syn 58ste jierdei, in massaal meisongen ‘Happy Birth Day’ wurdt syn diel. Nei ‘Jumping Jack Flash’ folgje oare Stones-klassikers lykas ‘Bitch’, ‘Respectable’, ‘It's only rock “n” roll’ en ‘Gimme Shelter’. As ‘Angie’ foarby komt, sjong ik like lûd as Jagger. Op it ovale skerm prachtige swart-wyt bylden, in back to the sixtiesgefoel bekrûpt my.

As eefkes letter it futuristise Gasuniegebou, de Aperots, op it fideodoek ferskynt mei al dy tûzenen Stones-fans derfoar besef ik dat ik der èk by bin. We geane hielendal út ús dak as Keith Richards by ‘Honky tonk women’ him útlibbet op it toetseboerd fan Chuck Leavell. Hiel ymponearjend is it as in ‘bridge’ út it haaddekôr yn wolken fan reek tefoarskyn komt en de Stones op in lyts poadium fan in pear fjouwerkante meters fierder spylje. It ‘Like a Rolling Stone’ klinkt op, in koar fan 75.000 minsken sjongt en swingt alle kanten út. As it optreden op it lytse poadium achter de rêch is en de mannen werom binne yn it haaddekôr geane alle registers iepen. Trochdat it tsjuster is, komme de skynwerpers hielendal ta harren rjocht. By it legindarise ‘Brown sugar’ berikt de show syn hichtepunt: nei in twatal geweldige stekflammen dwarrelje yn 'e floed fan ljocht kleurde glitters by miljoenen nei ûnderen en komme del op ien grutte dynjende kloft folk.

It fjoerwurk dat nei de absolute útsetter ‘Satisfaction’ folget lit my sûzebolje en ik bliuw noch in healoere nei de lêste klanken op myn plak stean. Ik sjoch hoe't ien út ús groep stiet te pisjen ûnder syn wide ponsjo wei, in oarenien yn gedachten fersonken in broadsje yt en hoe't it Steelteam as eamelders oer it poadium bewege, drok dwaande mei it oprêden fan 'e apparatuer. Mar ik stean ek mei eagen as teepantsjes te sjen nei de gigantise bulte rotsoai dy't de konsertgongers yn in ta modderpoel omtovere Draf-en Renbaan achterlitten hawwe. De Sneker Asbakkelaan is der in oase fan skjinnens by.

Om healwei twaën komme we wer by ús auto oan, nei in tocht dy't kwa tiid twa kear sa lang duorret as de hinnereis, Stones-fans never walk alone. As ik in oere letter, nei in broadsje gehakbal en in kopke tomatesop op bêd krûp tankje ik yn stillens de Heere Heere foar de Rolling Stones en jou my oer oan 'e sliep fan 'e rjochtfeardigen.

 
18 júly om 19:02
 
Genoech fan ut anti-Sneek gejank





Hearlek buike sukrekt! Fyts pakt en even rondsje stad deen, op soek naar positieve digen in de stad. Ik bin namelek helemaal en dan ok helemaal klaar met de anti-reklame fan Sneek. Kom ik bij de Waterpoart en siën ik dêr un wel heel bysònder faartúch lêgen. Fan’e fyts stapt en met de skipper praten.





Levert su un aardech stukje op foar de GrootSneek-site:
Sneek- Mooier wordt het niet! André Zonneveld uit Leeuwarden met zijn dochters Sara, Rosa en zoontje Marijn op hun zelfgebouwde vlot met tuinhuisje bij de Waterpoort. “Inderdaad, we hebben het vlot zelf gebouwd. Op grote blauwe tonnen. We zouden er eerst een tent opzetten maar toen stond er op Marktplaats een gratis tuinhuisje en dat hebben we er toen op gebouwd. Er zitten stapelbedjes in , een keukentje, een koelkast en een wc. We zijn gister bij Terhorne geweest, in het Kameleondorp en vandaag in Sneek. We vertrekken zo meteen naar IJlst. Het plan is verder om nog naar het strandje van Langweer te varen. Het is de eerste keer dat wij er op varen, vorige week was hij pas klaar”, vertelt Zonneveld.

Wietske met de Sneker flach





Un 100 meter ( òf is ut mar 50 meter?) staat Wietske ‘fan Bakkerij De Haan’ op’e trappen om de Sneker flach in te halen. Har skaterlach klinkt fan ferre. Ik fraach Wietske nyt òf ik de foto wel públiseare mach. Ut is in de openbare rúmte nou?! Kòrtom, fijf minúten op’e fyts en sumar twee fleurege berichten. Siën jum wel dat ut kan?!

 
17 júly om 17:12
 
Mysteary oplost





De gemeente SWF is bezech met de foarbereidingen foar ut nieuwe parkearbeleid. Fanou september binne de Feemerk, ut Flexaterrein en de Bòlserterpoart foar un deel fergees. Om suks op straat ok goëd sichtber te maken wurde der aansens ferkearsbòrden plaatst. Hierfoar is de gemeente nou al bezech met de groanborings en palen.

Su, dat mysteary ok wear oplost!
 
16 júly om 19:17
 
Un fiespeuk en mysterieuse paaltsjes





Altyd in beweging bliëve en at ut kan ondertussen oren en ogen goëd open houwe. Sukrekt rondsje binnenstad deen, fia de Stasjonstraat, ut Feemerkterrein, over de Westersingel, de Waterpoart over en un foto fan de groate Eekmiger maakt met ut mobyltsje. Ik hew der mar een woard foar over, un groate fiespeuk op klatergoud. Binnen un jaar al gyn gesicht mear. Wat un fesitekaartsje fan de stad. Nou al achterstalech onderhoud.

Mysterieus





En dan op ut Feemerkterrein. Wat doën dy palen dêr tòch allemaal? Even nafraach deen bij un omwoanende. Dy wist ut ok nyt. Hij had ut wel an de man fraagd dy't de palen plaatst had. Dy wist ut ok nyt! Kyk, dat is nou us foar ferwarring sòrge. Ut is un bitsje goedkoop om nou un link naar de Garden of Dance te maken. Sú dizze metwerker fan de gemeente nòch in syn agenda staan hewwwe dat hij 3 weken foar de kick off fan de Sneekweek hier ut een en ander plaatse moest?

 
15 júly om 19:43
 
Sterfhús Sneekweek?





"Het zal een hele toer worden voor de Sneekweekgroep 2.0 om een alternatieve plek aan te wijzen waar volgend jaar de Garden of Dance georganiseerd moet worden. Want dat dit festival, een enorme publiekstrekker, voor Sneek behouden moet blijven is wel duidelijk!"

Bovenstaande skreef ik op 8 augustus 2018. Ondertussen is de Garden of Dance dus EXIT. Over & út!

At ut mar nyt ut begin is fan un sterfhúskonstruksy: alle múzykpoadiums út ut sentrum fan Sneek!

Sú dat Sneekweek 2.0 wurde? Ik hew ok helemaal niks met sukke benamingen, twee punt nul. Doën even gewoan sech! Der mut nou rap wat gebeure om de sfear wear angenamer te maken, want dit doët Sneek nyt goëd.

En dêr hew ik mear last fan as ik wete wil!!!
 
14 júly om 20:51
 
Lekker su'n rustdach





Fandaach mar us even un hearleke ustdach inlast. Fanmiddach/fanavend wel un seldsem moaie pòt Wimbledon tennisfinale siën. Der was gyn ferliezer!! Djocovic kreech de gouden bokaal! Dat dan wel wear.

Foto is fòlgens mij fan Jeroen van der Kallen?!

 
13 júly om 18:54
 
Poeh hé...





De oulopen twee uren even echt an ut bikkelen weest! Ut nieuws over de Garden of Dance is úteraard inslagen as un bom. Hieronder de berichten dy't ik op GrootSneek plaatste.

Nou earst mar even besinke late, mar een konklúzy wil ik alfast wel trekke: Hier binne allienech mar ferliezers!! Sneek foarop! Persoanlek hew ik ut helemaal had met de moraalridders!!


Sneek- Er komt dit jaar geen Garden of Dance op het Bristolterrein aan de Prins Hendrikkade. Volgens Jeroen Broeders, organisator van het festival,komt de Gemeente SWF terug op een eerder gedane toezegging om de Garden of Dance op het Bristolterrein te organiseren na klachten omwonende.

"Ondanks eerdere toezeggingen tussen gemeente Súdwest-Fryslân en de organisatie Garden of Dance heeft de gemeente de toezegging ingetrokken en heeft aangegeven de vergunning niet te verlenen. Dit naar aanleiding van de ingestuurde zienswijzen van meerdere bewoners van de gemeente SWF. Gemeente stelt criteria waarop de vergunning wordt toegezegd."

Volgens Broeders heeft hij aan die criteria zoals ieder jaar, voldaan. "Op basis van alle gestelde voorwaarden heeft Garden of Dance de afgelopen weken daarom actief gepromoot. Wij betreuren de beslissing van de gemeente en moeten ons voor dit jaar erbij neerleggen", aldus de zwaar teleurgestelde Broeders.

De Gemeente was vanmiddag niet bereikbaar voor commentaar, maar zal later ongetwijfeld met een reactie komen, die we hier dan ook zeker zullen plaatsen.

Reactie Gemeente

Sneek-In verband met de verbouw van de gemeentekantoren is de Stadhuistuin in Sneek afgevallen als locatie voor de Garden of Dance. Het zgn. Bristolterrein aan de Prins Hendrikkade is als alternatieve locatie uitgewerkt. De ondernemer heeft voorafgaand aan de formele vergunningsaanvraag de direct omwonenden geïnformeerd met een brief en organiseerde daarnaast een informatieavond. Afgelopen week heeft de gemeente ca. 80 zienswijzen ontvangen van omwonenden.

De gemeente moet in de besluitvorming rekening houden met alle belangen. Dus zowel de belangen van de omwonenden, als de belangen van de aanvrager en ook het algemeen belang moeten worden beschouwd. Dat maakt dat de gemeente voorwaarden aan een eventuele vergunning moet verbinden.
De afgelopen weken zijn ook diverse gesprekken gevoerd met de ondernemer die het evenement wil organiseren. Afgelopen donderdag is er met de ondernemer gesproken over de voorwaarden en beperkingen die de gemeente voor deze locatie in de vergunning wil opnemen en over het aanpassen van de aanvraag. Afspraak was dat de ondernemer vrijdag zijn besluit met ons delen zou, over het aanpassen van de aanvraag.

Vrijdag aan het einde van de middag heeft de ondernemer aangegeven dat hij niet met de beperkingen uit de voeten kon en zijn aanvraag daarom niet kon aanpassen. Daarop heeft de burgemeester besloten om de vergunning te weigeren. Dit besluit wordt begin volgende week geformaliseerd. Dan wordt iedereen die een zienswijze heeft ingediend ook geïnformeerd over dit besluit.
“Ik vind het belangrijk dat zowel omwonenden als ondernemer gehoord worden en dat we daadwerkelijk iets doen met hun zorgen en belangen. Ze hebben waardevolle zienswijzen ingediend die ik serieus neem. Ik vind het daarnaast belangrijk dat de jongere doelgroep van de Sneekweek een plek heeft. En dat dit een veilige plek is. Daarom kan het evenement alleen plaatsvinden onder voorwaarden en beperkingen die (mede) tot stand zijn gekomen dankzij de zienswijzen van de omwonenden. De organisator heeft aangegeven zich niet te kunnen committeren aan de voorwaarden en beperkingen, dus is er dit jaar geen Garden of Dance tijdens de Sneekweek.

Ik begrijp de teleurstelling bij de jongeren en de ondernemer. En ook de opluchting voor anderen. Toch wil ik iedereen vragen om er met elkaar een mooi Sneekweek te maken. We hebben genoeg ingrediënten voor een prachtige en feestelijke Sneekweek." Aldus burgemeester Jannewietske de Vries(foto).
 
13 júly om 17:27
 
Garden of Dance gaat nyt deur!!

Later mear!



 
12 júly om 21:03
 
Nòch 14 dagen





Fanmòrren skoat ik bovenstaande foto. Over 14 dagen is de linker man op dizze pic wear in un hele andere funksy!
 
11 júly om 19:40
 
De jonges fan Veenema





Fanmòren al froech út de fearen om bij de plaatsing fan 3 groate oalytanks bij ut nieuwe tankstasjon fan de Veenema jonges anwezech te weze. Hieronder ut bericht dat ik der dêrna over skreef:

Vanmorgen om 8  uur is de eerste van de drie gecompartimenteerde tanks van 80.000 liter geplaatst bij het nieuwe tankstation van Veenema aan de Lorentzstraat 4 in Sneek. “ Ja, dat zijn enorme tanks, in oliejargon noemen we dat dus 80 kuub. Het zijn gecompartimenteerde tanks, twee verschillende brandstoffen, bijvoorbeeld 60 kuub diesel en dan 20 kuub een premium diesel of een ander product”, legt Freddy Veenema uit.

“Er komen dus drie tanks van elk 80 kuub in de grond. Daarvoor is er een apart kuip geslagen met een aangelegde damwand tegen instortingsgevaar, want dat gat is vier en een halve meter diep met een totale oppervlakte van 160 m². De tanks worden in een zandbed gelegd van kiwa-zand, dat is super gezuiverd filterzand met een kwaliteitsverklaring door de Keuringsdienst voor Waterleidingartikelen uit Rijswijk. Dat wordt gebruikt zodat in de toekomst de tanks niet door steenslag of wat dan ook beschadigd kan worden”, weet Veenema.

De bouw van het hypermodern tankstation verloopt tot nu toe zeer voorspoedig met nul gemiste dagen. “De planning klopt perfect! In principe wordt het door de aannemer per 1 december van dit jaar opgeleverd en dan geven wij ons zelf nog de tijd om tot 1 januari om het allemaal netjes te maken en de kerstboom neer te zetten. We laten het werk zoveel mogelijk uitvoeren door bedrijven uit Sneek en naaste omgeving.”

Hieronder operatie tank in beeld















 
10 júly om 19:18
 
Johan Veenstra





We kenne mekaar su langsamerhaan al wear moai wat jaren, Johan Veenstra en ik. Fanmòrren hew ik tegare met fotograaf Tom Coehoorn bij Johan op'e koffy weest om um dêrna te interviewen foar de Friesland Post rúbryk 'De Dorpsverteller'.

Nou is Johan fanself mear as un dòrpsferteller. In de oulopen jaren ging dizze sympatike meesterferteller der mar liefst 3146 kear op út om syn eigen skreven verhalen te fertellen. Hij is dêrmet ongetwifeld een fan Fryslaans populêrste storytellers.





Johan is su't y self op syn fesitekaartsje angeeft 'schriever-verteller', en dêr is gyn woard an logen. Ik bin un groat liefhewwer fan syn werk, dat un folkomen eigen toan het. Nyt in ut laatste plak deur ut Stellingwerfs, de taal, wêr't hij in skriëft. Ik fyn ut un rike taal!

Johan is ok gyn eendachsfliech, ut is un echte deursetter at ut over ut skriëven gaat. Su skriëft hij ok al jaren en jaren wat hij allemaal metmaakt op syn eigen weblog. Ja, dy binne der dus gelukkech nòch mear!

Tom het oans ok even op'e kyk setten en ik hew nòch un foto skoaten terwyl Johan in syn werkkamer sit te skriëven. Prachtege mòrren had! Uteraard praatte Johan Stellingwerfs en ik deed ut in ut Snekers. Niks mis met.
Un Rryk kleurd taalboeket.
 
9 júly om 19:53
 
Fersen in de openbare rúmte





Nòch even geduld, dan is ut wear sufer!! Bliëft bysonder foar un dichter.
 
8 júly om 20:25
 
En deur...





Uteraard sit ik nyt hele dagen achter myn toetsebòrd, seker maandachs nyt. Maandachmòrrens is ut nòch altyd trene, drave over de Groëne Dyk. Onder leiding fan tòptrener Martin Bruining, dy't mij hieltyd ferder brengt met ut draven. Technyk, ademhaling, fokus en gaan su mar deur. Fanmòrren tegare met Addy ( hij is un antal weken leden begonnen met draven) en Tecla ( sij is un ultraloopster) pittige trening had. Denk nou nyt dat ik over de skreef gaan, de 10 km bliëft de maks.

Foarege week trouwens hearlek deur Vera Kroon-van Tiel op syn plat Snekers met beide 'poaten' op'e groan setten. "Ja Henkie, dan binne der minsen dy't met ut burst foarút lope at se 10 km drave. Myn Benny draaide der syn haan nyt foar om..." Foar de dúdelekheid, Benny Kroon, al wear 10 jaar nyt mear onder oans, was un prima lange oustaanloper!

Su'n een as Vera kan dat teugen mij sêge, Vera en ik kenne mekaar al un halve eeuw, want der fòlgt na su'n útspraak altyd un Van Tiel lachje!


 
8 júly om 20:00
 
Argyf






Druk bezech met ut foto argyf! Kwam ik bovenstaande foto ok teugen. Ut is een groate speultún in de tiid! Ik krij gelukkech hulp fan frynd JB. Hij het un engelengeduld met dizze digybeet!

 
7 júly om 20:40
 
Wear silver...





Fandaach ston tòch wel in ut teken fan ut WK foetbal foar de dames. De oulopen fier weken hew ik de Oranje Leeuwinnen op'e foët fòlgd, as spòrtfanaat pu sang. Nee, ik fergelyk dus ut damesfoetbal nyt met ut mannefoetbal. Ik sêch al jaren dat ik ut moai fyn om naar ut damesfoetbal te siën. Un soad foetbalmaten in myn omgeving siën mij dan wat meewaardech an.

Foar GrootSneek maakte Esther Keuning-Jansen fandaach foto's fanút Lyon. Uteraard út Sherida Spitse perspektyf. Bovenstaande foto, de family fan Sherida Spitse, is dan ok fan Esther.
 
6 júly om 20:11
 
Leo





Fandaach is ut op de kòp ou fijf jaar leden dat ik bovenstaande foto maakte. Un kiekje fan un Flower Power middach in de Skarnestraat. Over dy middach skreef ik over dy happening: “Ut leverde tal fan moaie plaatsjes op, met foar mij tòch wel un absolúte knaller dy fan de Joke (!) Ono fan de Skarnestraat met har man Leo Lennon. Fantasys gewoan. Wat kan saamhorechheidsgefoël tòt moaie dingen leide: ut kleine wurdt dan groats!”

Oulopen week is Leo Potma folkomen onferwacht overleden, hij mocht 81 jaar wurde. Hieltyd faker falle der minsen dy’t ik ken bij mij wech. Inenen binne se nyt mear. Dit dachboek krijt hieltyd mear histoarise waarde, in elk gefal foar mij self. Dêrom hou ik ut o.a. ok al su lang bij en bin ik nyt fan plan om der met út te skeien op te skriëven fan wat ik beleef in myn eigen kleine weareldsje fan Sneek, mar wel onder de noemer: ut kleine is waardefol en kan groats weze!

As púber, su langsamerhaan al un halve eeuw leven, sach ik Leo foar ut earst. Ik sat bij Rinke in de koffybar an un brún kòpje met fanile ies en ut bitsje roaie Tova-saus. Lekker lansem oplepele. Soms stak Leo even over en bulderde syn stem deur de saak at der wear fytsen bij hem foar de slagerij stonnen. Ik fon dat altyd wel indrukwekkend, su’n slager in un witte slagersjas dy’t froech wie’t ut lef had om syn fyts bij hem foar de rúten te setten. Hij bulderde úteraard Snekers.

Later, feul later toen dòchterlief met har Katrein-winkeltsje in de Skarnestraat begon kwam ik Leo wear teugen. Nou durfde ik wel teugen um te praten en an alles was te merken dat hij ut moai fon dat myn dòchter leven in de Skarnestraat brocht. Rúge bòlster-blanke-pit-man! Ik fon ut altyd un feilech gefoël te weten dat Leo in de buurt was, wannear’t der wear us (buurtapp-) praat was dat der louche figúren in de stad omstrúnden.

Altyd at der festiviteiten in de straat waren deden Leo en syn frou Joke met. Hij genoat der fòlgens mij bêst wel fan at de Charles Dickens-middach in de Skarnestraat was.

Onderstaande foto, in 2015 nommen deur Jan Douwe Gorter, is dêrom ok un kostber andenken fan al wear un markante Sneker wêr’t we ouskeid fan nimme mutte. Ok foar dij Leo: Rust in frede. Joke & kyndes un heel soad sterkte toewênst met de ferwerking fan dit groat ferlies.



 
5 júly om 18:08
 
Foto út 'e skoenedoas





Foarjaar 1978, tegare op ut Martiniplein
 
4 júly om 20:27
 
Sneek neemt afscheid van Yke Slauerhoff





Sneek-Vanmiddag heeft Sneek afscheid genomen van de markante Sneker Yke Slauerhoff. Tijdens de afscheidsdienst in het crematorium van Sneek waren zo’n kleine 100 mensen aanwezig om Yke de laatste eer te bewijzen. De broer van Yke, Guus Slauerhoff sprak warme woorden over een bijzonder mensenkind. “Al jong wist ik dat Yke een beperking had en ik herinner mij nog goed hoe ik hem probeerde woorden als mes, lepel en vork goed uit te spreken. Maar het lukte niet”, vertelde Guus. Net als een aantal sprekers werden verhalen en anekdoten over Yke aangehaald, waarmee nogmaals het beeld bevestigd werd wat voor blij mens hij was. Eentje die de zon altijd schijnen zag en daarom werd ook juist dat lied van André van Duin gespeeld:

o wat is het leven fijn als de zon schijnt
en terrasjes zitten overvol, alle mensen raken uit hun bol
o wat is het leven fijn in de zon
als de zon er toch niet was geweest was er nooit een reden voor een feest
o wat is het leven fijn als de zon schijnt

Overal waar Yke kwam liet hij de zon schijnen. Jarenlang werkte Yke bij wat tegenwoordig Empatec heet en daar voelde hij zich op z’n plek en gewaardeerd. Bij Talant Frittemahof had Yke de laatste jaren zijn thuis en dat was goed. Vele (oud-) werknemers van Empatec waren vanmiddag aanwezig, net zoals de mensen die tijdens zijn leven Yke hebben begeleid.

Yke was een groot sportliefhebber, waarbij een bezoekje aan de TT in Assen elk jaar op zijn lijstje stond. Net zoals vroeger bij Animo, waar hij duidelijk aanwezig was. Het Sneker voetbal had ook zijn aandacht. Zijn grote liefde was echter SC Heerenveen, waar Yke een seizoenskaart had. “Als Heerenveen had gewonnen, dan belde hij mij. Wanneer ze verloren, dan hoorde ik dat nooit”, aldus Guus Slauerhoff.

Uit de volleybalwereld waren o.a. Jan Posthuma en Huub Jansma aanwezig, terwijl een van de Ankerbroers min ofte meer SC Heerenveen vertegenwoordigde. Yke zat in hetzelfde vak als Wim en Hans Anker op de tribune van het Abe Lenstra Stadion.

De sjaal met de Fryske pompeblêden hing aan de kist van Yke.

Een echte Sneker is niet meer.


 
3 júly om 20:47
 
Kapster en hoedenmaakster Durkje Hoeksema:“Ik kin net in wike sûnder Makkum”






“Ha, moai dat jim der al binne. Ik sil earst even in Makkumer Mieck ophelje, omdat ik sa gek mei Makkum bin!” Met die openingszin begroet Durkje Hoeksema (46) ons als we onze voet over de drempel zetten in haar Skearwinkel aan de Kerkstraat van het dorp. Even later drinken we koffie uit een stenen kopje met de beeltenis van Sjouke Hoeksema, de pake van Durkje. Een gesprek met een sprankelende jonge vrouw over Makkum, de Skearwinkel en haar hoedjes. Kortom, we zijn op bezoek bij een ondernemend rasvertelster die historisch besef heeft.

Want vertellen kan Durkje Hoeksema, getrouwd met Sybrand die op kantoor werkt bij constructiebedrijf Bakker in Workum, en moeder van Rik (19) en Hanna (17). Het is maar goed dat we alles opnemen op de voice recorder, anders hadden we zeker kramp in de vingers gekregen.

Hofleverancier

Eerst een mooie anekdote over de toekenning van het predicaat ‘Hofleverancier’, zoals de familieonderneming zich sinds 24 mei 2018 ‘bij Koninklijke Beschikking’ officieel mag noemen.

“Sybrand en ik hawwe ferline jier it wapen dat no boppe de doar hinget ophelle út Swalmen. Der is mar ien bedriuw yn Nederlân dat it wapen foar de Kening foar de hofleveransiers meitsje mei en dat is dêr yn Limburch. Sa’n wapen krijst net, dat moast nei de takenning fan in hiel trajekt úteinliks keapje. Wy hawwe in hiele rûnlieding yn it bedriuw hân doe’t we it wapen ynpakt en al meinommen op’e achterbank fan ús auto. Omdat we der in wike fakânsje achteroan knoopten, hawwe we in wike lang dat wapen meisleept. At we fan in plak tochten dat it net hielendal feilich wie dan die Sybrand it fan ’e achterbank yn ’e kofferbak. Doe’t we yn Makkum werom kamen hawwe ús mem en de jongste soan fan myn broer it onthuld!”

Het feest in Makkum wordt gevierd in de notaristuin, samen met de plaatselijke fietsenzaak in
dezelfde straat, die exact in hetzelfde jaar, 1893, opgericht werd. Tijdens dit bijzondere feest zijn er
800 gasten, waaronder de Commissaris van de Koning in Friesland, Arno Brok.

Rijke jeugd

Terug naar hoe het voor Durkje Hoeksema allemaal begon. Durkje blikt terug op wat ze “in rike jeugd” noemt, in het centrum van Makkum. Heit Jentje Hoeksema en Mem Zus (“Se hyt fan Johanna Suzanna Geertruida, mar se neame har allegear Zus”) uit Stavoren bestieren een kapperszaak annex sigarenwinkeltje. Heit is de kapper en mem doet de winkel. Sjouke, de broer van Durkje, is zes jaar ouder dan Durkje Klaske Hoeksema, vernoemd naar de beppe van moederskant. Durkje wordt geboren in het pand waar de familie nu al ruim 125 jaar een eigen kapperszaak heeft.
“At ik út skoalle kaam, wie ús mem der altyd mei in bakje tee. Heit stie yn’e kapsalon en ik siet in soad by him. Sjoch, dêr stie altyd de prullebak yn dat hoekje en dêr siet ik altyd op, want ik moast wol sitten bliuwe en net hin en wer fleane. Us heit hie allinne mar mannen te knippen en it wie hielendal blau fan’e riek, iederien siet te roken. Prachtige ferhalen hearde ik en ús heit knipte der wat yn om, die sa no en dan in trekje oan syn sigaretsje. Der hong in noflike en gesellige sfear. Fan doe ôf oan wist ik dat ik kapster wurde soe.”

Durkje gaat na de openbare lagere school (“We wiene doopsgesind en dy gongen net nei de Kristlike
skoalle”) naar de havo in Bolsward. Na twee jaar vervolgt ze die opleiding in Sneek op het Bogerman College. Dan begint ook het stappen (“Ik woe nei elk plak dêr’t in disko wie, it libben ûntdekke”) en in Sneek wordt La Bohême ( ‘It Lab’) voor de Makkumse, net zoals voor veel van haar generatiegenoten, a place to be. Na de kappersopleiding komt ze in 1993 bij haar ouders in de zaak en neemt ze samen met haar vader een dagdeel voor haar rekening.

Jentje Hoeksema stopt eind 2000 met de zaak en ook de verkoop van tabak en klompen wordt beëindigd. Durkje gaat vanaf 2000 alleen verder met de kapperswinkel. In 2007 overlijdt Hoeksema. Mem (79) woont nog altijd bij de winkel, al verhuist ze binnenkort naar Avondrust in Makkum.

Een rondwandeling door Makkum

“Makkum betsjut in hiel soad foar my. Ik kin net iens in wike sûnder Makkum, dan bin’k hiel ûnwennich. Ik wol ek elkenien sjen litte hoe moai at it hjir is. Sa doch ik ek rûnliedings troch Makkum, de Stegetochten. Us heit naam my froeger altyd al mei en fertelde dan. Hij die ek fan dy kuierkes mei minksen en fertelde dan oer de oarloch, dat wie de reade tried. Ik mis ús heit noch elke dei. At der froeger ris wat wie, dan gong ik even nei heit ta. At dat no sa is, dan gean ik nei syn grêf en dan kin ik der wer tsjinoan. Ik rin moarns Makkum ek even om, ik doch der ynspiraasje op. Bij myn kuierkes fertel ik algemiener dan ús heit dat die. Ik gean by de fioelbouskoalle del, dêr bin ik grutsk op omdat der mar ien fan yn Nederlân is. Jan Scheepvaart, de keatsballe- en wantemakker, stiet ek altyd op it programma. Dy steegjes binne hiel bysûnder omdat der sa’n soad te dwaan is, it is skilderachtich.

Gerben Wijnja rekke der sa troch ynspireare dat hy der in boek oer skreaun hat, wêr’t ik it foarwurd foar skriuwe mocht. Ik wol trouwens sels ek nochris in boek skriuwe oer wat ik allegear meimakke haw en de ferhalen dy’t ik yn de kapsalon heard haw. Yn’e oarloch hiene ús pake en beppe in Joadse hongerevakué en in in omke fan my as ûnderdûker plak jûn, wyltst pake ek wol Dútsers yn ’e saak krige om te knippen en te skearen. Bêst heftich, krekt as dy gebeurtenis doe’t flak foar de befrijing fan Makkum seis minsken eksekuteare binne.”

Als Durkje het oorlogsverhaal vertelt, staan de tranen in haar ogen.

Hoeden van VanNuyen

In het boek dat Durkje Hoeksema ooit nog wil schrijven, zal ongetwijfeld ook een groot hoofdstuk gewijd worden aan hoeden, want sinds 2005 is Durkje ook een gepassioneerd hoedenmaakster.

“Ja, yn 2005 wie it safier dat ik mei in nije útdaging begûn, ik hâld fan apart en wat oars. Ik ha doe kursussen en worksjops by ferskillende hoedemakkers yn Nederlân folge. Sa krige ik ferskillende metoades ûnder eagen en learde ik materiaaal en techniken kennen. Ik meitsje no op’e boppeferdjipping fan de winkel myn eigen hoeden. Op Prinsjesdag 2011 hat deputearre Sietske Poepjes, dy’t ek út Makkum komt, de hoedwinkel en it atelier iepene. Ik ferkeapje hânmakke hoeden en se kinne ek hierd wurde. Myn wurk en ûtwerpen fan de hoeden doch ik ûnder it pseudonym fan VanNuyen, neamd nei in hiele âlde adelike famylje fan ieuwen lyn”, vertelt Durkje enthousiast.

Voordat we de winkel en Durkje verlaten, wil de Makkumse nog even een selfie maken. Samen met een mooi hoedje op de foto.

Flamboyante Durkje schatert het uit, een levensgenieter pur sang!

Coverstory GrootBolsward/IJsselmeerkust, juli 2019

Foto: Jelly Mellema
 
2 júly om 20:02
 
Met Sieb op'e bank





Fanmòrren op un fraaie Chesterfieldbank bij Jaring de Wolff un gesprek met Sieb Bandstra had. Spraakmakend is nòch mar un understatement foar Bandstra. Hew ut met Sieb over Geloof, Hoop & Liefde had.

En úteraard de IFKS en ut skútsjesilen. Ut leverde un prachtech ferhaal op, fol met emoasy's.

Ut bliëft un feestje om dergeleke minsen te interviewen en ut is foar mij in elk gefal noait ferfelend.
 
1 júly om 22:21
 
Was tekend: Johan Veerbeek, skilder





Prachtege avend in Wikel had, dêr't ik un interview met Johan Verbeek hewwe mocht. Johan Verbeek, soan fan de behoalek onderwardearde dichter Folkert Verbeek út Sloaten, is skilder.

In de dubbele betekenis fan ut woard: hús- en kunstskilder. Mat name over dat laatste hew ik met Johan praten en ut wurdde opnieuw un bysònder gesprek! Binnenkòrt in GrootdeFryskeMarren op papier.