dagboek > overzicht
Dagboek augustus 2022Bekiek hele maand 
 
24 augustus om 18:40
 
Un moai swikje nije Fryske berneboeken





Moai dat der noch altyd berneboeken yn it Frysk útkomme. Ik meitsje der graach reklame foar. Earstiids (‘froeger’) bespruts ik jeugdliteratuur foar ferskillende blêden. Under oare yn Byntwurk en Trotwaer. Wurde der no noch wol berneboeken besprutsen?

Jelle en juf





Jelle is gewoan in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje. Mei in hiel soad fantasy. Dat wol. Jelle syn luie each is soms sa lui dat it thús op de bank lizzen bliuwt te tillefyzjesjen. Jelle komt te let omdat er ûnderweis nei skoalle rúzje hat mei in babydino. Jelle hat altyd aparte fratsen. Juf hat it der mar drok mei …

Fiifentweintich humoristyske foarlêsferhaaltsjes mei prachtige yllustraasjes oer it fantasyrike jonkje Jelle en syn juf dy’t soms strang, mar ek hiel leaf is. Foar bern fan 4-8 jier.

Mirjam van Houten (1977) wennet op de Himrik en hat in grutte tún mei in prachtige beamhutte. Sy kin net allinne moai skriuwe, mar ek nochris prachtich tekenje.
Har earste boek Tije ferskynde yn 2016 en is oersetten yn it Faëroers. It boek waard fuortendaliks nominearre foar de Simke Kloostermanpriis. Yn 2021 ferskynde it prachtige printeboek By beppe útfanhûs.

Author : Mirjam van HoutenISBN : 9789493159891New label : 1Pages : 78Language : FryskPublisher : AfûkFormat : ynbûnIllustrator : Mirjam van HoutenKategory: Berne- en jeugdboeken, Berneboeken 4-8, Fryske boeken, Lês-mar-foar-wiken.

Abe en de Aardichman





Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint mei prachtige yllustraasjes. Foar bern fan 5-9 jier.
Tialda Hoogeveen (1974) waard berne yn Haskerdiken yn in hûs mei in grutte tún, midden tusken de greiden. Se hat har wurk makke fan har leafde foar ferhalen en de natoer. Tialda is sjoernalist en skriuwer en hat ferskate Nederlânsktalige boeken skreaun, foar bern en folwoeksenen.

Yke Reeder (1973) fynt beamkeklimme noch altyd leuk. As bern wie se graach bûtendoar om hutten te bouwen en tekene se ek al alles wat los en fêst siet. Yke sylde de heale wrâld oer en is yllustrator, dosint en ûndersiker. Har leafde foar de natuer en ferbyldingskrêft fynst yn dit boek werom.
Author : Tialda HoogeveenISBN : 9789493159884New label : 1Pages : 53Language : FryskPublisher : AfûkFormat : ynbûnIllustrator : Yke ReederKategory: Berne- en jeugdboeken, Berneboeken 4-8, Berneboeken 8-12, Fryske boeken.

Joazefine fiert fakânsje





De postboade is mei fakânsje en stjoert syn freonen in kaartsje. ‘Fakânsjefiere, dat wol ik ek’, tinkt Joazefine, dus se pakt har tas yn en draaft nei de bushalte. As der nei in pear oeren noch hieltyd gjin bus foarbykommen is, rint se teloarsteld werom rjochting de buorkerij. Mar ûnderweis ûntdekt se flak by hûs in prachtich fakânsjeplakje. Dêr hat se in soad fakânsjewille, mar wat fine se dêr op ‘e buorkerij fan?

Mear aventoeren fan Joazefine:

https://websjop.afuk.frl/frl/winkel/wer-sit-joazefine/ en https://websjop.afuk.frl/frl/winkel/joazefine-is-siik/