dagboek > overzicht
Dagboek april 2004Bekiek hele maand 
 
7 april om 22:58
  Mňrren hew ik un interview met Arno Brok, burgemeester fan Sneek. Hij het de earste 100 dagen as earste burger fan Sneek nau achter de knopen. Bin benieuwd hoe't ut um in Sneek befalt. Uteraard lęch ik um de fraach ok foar of ut nau echt waar is dat 'Sneek amper leuke dingen kan doën'. Stond gister in de LC. An ut woard 'leuk' he ik ougryslek de pest. Leuk is un woard sonder kloaten!! En Sneek het wčl kloaten. Seker wete. Fan Utgeverij Bornmeer kreech ik ut fňlgende persbericht:

Frysk boekewikegeskink yn it Nederlâns oerset

Utjouwerij Bornmeer hat de rjochten foar in Nederlânse oersetting fan Oar plak oare tiid fan Jetske Bilker ferkocht oan útjouwerij Prometheus yn Amsterdam. Oar plak oare tiid wie it Fryske boekewikegeskink fan dit jier. It boek wurdt oerset troch Jantsje Post en sil yn it neijier ferskine.
Prometheus is in literęre útjouwerij dy't sawat 200 titels yn it jier útbringt. Se ha grutte namen in har fűns lykas Lydia Rood, Herman Brusselmans en Conny Palmen, en ek fermeande bűtenlânske skriuwers as Saul Bellow, Jonathan Frantzen en Umberto Eco. Utjouwer is Mai Spijkers.
Oar plak oare tiid wie yn febrewaris in grut súkses as boekewikegeskink. De hiele oplaach rekke útferkocht en de reaksjes wiene loovjend. It is it tredde boek fan Jetske Bilker, dy't earder de roman Imitaasjelear en de ferhalebondel In nacht fan hűs publisearre.

Ik gun Jetske har sukses!